Springe nei ynhâld

Indigo (kleur)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Indigoblau)
indigo
spektrale koördinaten
weachlingte 420-450 nm
frekwinsje 714-666 THz
kleurkoördinaten
heksadesimaal #3F00FF
RGBª (rgb) (63, 0, 255)
CMYKº (cmyk) (75, 100, 0, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Indigo of indigoblau is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken blau en fiolet yn befynt. It is neamd nei de kleurstof indigo, dy't wûn wurdt út 'e plant Indigofera tinctoria en oare, nau besibbe soarten. Indigo is in djippe en rike dûnkerblauwige tint dy't tradisjoneel beskôge wurdt as ien fan 'e sân kleuren fan 'e reinbôge. It hat in weachlingte fan likernôch 420-450 nm en in frekwinsje fan 714-666 THz (hoewol't net alle saakkundigen it dêrmei iens binne). By additive kleurminging (bgl. op 'e tillefyzjes en kompjûterskermen) is indigo in sekundêre kleur dy't ûntstiet út 'e minging fan read en blau ljocht, en by subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, dy't ûntstiet út 'e minging fan syaan- en magintakleurige inket.

It wurd 'indigo' komt fan it Aldgrykske Ἰνδικὸν φάρμακον, Indikon farmakon, dat safolle betsjut as "Yndyske ferve". De namme waard yn it Latyn oernommen as indicum en belâne dêrwei yn it Portegeesk as indigo. Yn dy foarm waard it yn 'e measte oare talen opnommen.

In blok fan 'e kleurstof indigo.

Ferskate soarten fan it skaai Indigofera waarden yn 'e Aldheid yn East-Aazje, Egypte, Yndia en Perû kultivearre as lânbougewaaks. It ierste direkte bewiis foar it gebrûk fan 'e kleurstof indigo datearret fan likernôch 4000 f.Kr. út 'e omkriten fan Huaca Prieta yn wat no Perû is. De Romeinske skriuwer Plinius de Aldere fernijde dat yn syn tiid (en diel fan 'e wrâld) Yndia de boarne wie fan indigo. It waard troch de Romeinen ymportearre fia de Siderûte.

Yn noardlike dielen fan Jeropa waard blauwe ferve oant de ein fan 'e Midsiuwen makke fan wede (Isatis tinctoria). Nei de ûntdekking fan Amearika, yn 1492, troffen Spaanske conquistadores yn Perû in lânseigen soarte indigoplant oan, dy't se begûnen te kultivearjen yn wat letter Gûatemala wurden soe. Dêrwei ferhannelen se de produsearre indigo oer hiel Jeropa. Yn 'e rin fan 'e santjinde iuw begûnen de Ingelsen en Frânsen it ferbouwen fan indigo yn harren koloanjes yn it Karibysk Gebiet oan te fiterjen. Yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw is indigoferve fierhinne ferfongen troch blauwe ferve op syntetyske basis.

In oplossing fan natuerlik indigo tapast op papier.

Klassifikaasje as in spektrale kleur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moderne boarnen pleatse indigo yn it elektromagnetyske spektrum tusken 420 en 450 nm, mar de oerienkomst fan dy definysje mei de eigentlike kleur fan indigo binne net alle saakkundigen it mei iens. Optyske wittenskippers as Arthur C. Hardy en Fred H. Perrin parten indigo yn harren wurk The Principles of Optics, út 1932, in weachlingte ta dy't tusken 445 en 464 nm lei.

Yn 'e santjinde iuw yntrodusearre de Ingelske natuerkundige sir Isaac Newton indigo as ien fan 'e sân basiskleuren, dy't tagelyk ek de kleuren fan 'e reinbôge wiene: read, oranje, giel, grien, blau, indigo en fiolet. Hjirby moat oantekene wurde dat it bûten de natuerkunde gebrûkliker is om 'e kleuren fan 'e reinbôge te beneamen as: read, oranje, giel, grien, blau en pears. Newton brûkte it spesifikere fiolet ynstee fan pears en foege indigo as in sânde kleur ta tusken blau en fiolet yn.

De tradisjonele kleuren fan 'e reinbôge.

Dat lêste hat ta frijwat hollebrekken laat. It minsklik each hat nammentlik muoite om tinten útinoar te hâlden dy't lizze yn 'e weachlingten tusken blau en fiolet. As Newton dêr in ekstra kleur tafoege, soene de measte lju dy net fan blau en/of fiolet ûnderskiede kinne. Isaac Asimov sei dêroer: "It is wizânsje om indigo te neamen as kleur dy't tusken blau en fiolet yn leit, mar it hat my nea talike dat indigo de weardichheid wurdich is om as aparte kleur beskôge te wurden. Yn myn eagen liket it inkeld djip blau."

Hjoeddeistige natuerkundigen binne mei dêrom fan betinken dat de kleuren fan Newton net de kleuren binne sa't men dy tsjintwurdich omskriuwe soe. Gary Waldman woe hawwe: "in soarchfâldige lêzing fan Newtons wurk jout oan dat de kleur dy't hy beneamde as indigo, troch ús ornaris blau neamd wurde soe; syn blau is dan wat wy grienblau, syaan of ljochtblau neame soene." As dat wier is, soene Newton syn sân kleuren fan 'e reinbôge west hawwe:

read     , oranje     , giel     , grien     , blau     , indigo      en fiolet     

De measte moderne kolorimetristen (of kleurwittenskippers) sette de skieding tusken blau en fiolet yn it spektrum op likernôch 450 nm. Dêrby wurdt dan dus gjin romte oerlitten foar in aparte kleur indigo, wat betsjut dat indigo weromset wurdt ta in tint fan blau.

Op Sumatra, yn Nederlânsk-Ynje, waard de kleurstof indigo oanmakke yn kûlen dy't úthoud wiene yn in ûndergrûn fan dowestien.

It Frânske Leger naam om 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje hinne (1789) indigo oan as kleur fan 'e militêre unifoarmen. Dêrmei waarden de wite unifoarmen ferfongen dy't earder troch de ynfanteryrezjiminten fan it Keninkryk Frankryk droegen wiene, mei't wyt de kleur fan it monargisme wie ûnder it regear fan it Hûs Boerbon. Yn 1806 besleat Napoleon om syn soldaten wer yn wite jassen te klaaien om't troch de Britske blokkade de ynfier fan indigokleurstof stil kommen wie te lizzen. Underwilens wie de blauwe kleur fan indigo lykwols sa ynboargere rekke en wiene de soldaten sa wend rekke oan 'e gruttere praktyske wearde fan 'e nije kleur, dat dat plan in stille dea stoar. Indigoblau soe de Frânske unifoarmkleur bliuwe oant fier yn 'e Earste Wrâldoarloch, doe't lang om let de legerlieding oerstaach gie en unifoarmen yn in griene kamûflaazjekleur ynfierde.

Elektrysk indigo, in spesifike tint indigo, hat beskate spirituële tapassings. Sa wurdt it yn 'e lear fan ferskate New Age-filosofyen brûkt om 'e sechsde chakra te symbolisearjen, dat it trêde each omfiemje soe. Dy chakra soe ferbûn wêze mei yntuysje en gnosis (spirituële kennis). Alice A. Bailey brûkte indigo as de 'twadde striel' dy't 'leafde-wiisheid' fertsjintwurdige yn har systeem fan Sân Strielen, dat minsken yn sân psychologyske typen ferdielde. Mediums assosjearje indigokleurige aura's gauris mei in belangstelling yn religy of mei in djipgeande spiritualiteit en yntuysje. Lju mei indigokleurige aura's soene de foarkar jaan oan beroppen lykas kompjûteranalist, biste-oppasser en psychoterapeut.

Yn 2008 ûntdieken wittenskippers dat bananen ûnder in blacklight fel indigo opljochtsje as se ryp binne en ree om opiten te wurden. Guon ynsekten, en teffens beskate soarten flearmûzen en fûgels, kinnen yn it ultrafiolette diel fan it spektrum sjen om't se tetragromatysk gesichtsfermogen hawwe. (Dat betsjut letterlik dat se "fjouwer kleuren ljocht" sjogge: read, grien, blau en ultrafiolet.) Sadwaande kinne dy bisten oan 'e indigoglâns fan fierrens al sjen oft bananen ytber binne. De glâns is it resultaat fan in gemyske stof dy't ûntstiet as it griene glorofyl yn 'e skyl fan 'e banaan ôfbrutsen wurdt en de banaan dêrmei (foar minsklike eagen) syn giele kleur kriget.

Hjirûnder inkele kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'indigo':

De kleurstof indigo.
indigo #3F00FF                         
blaufiolet #8A2BE2       
elektrysk indigo #6F00FF       
indigoferve #00416A       
webindigo #4B0082       
keizerlik blau #002395       
tropysk indigo #9683EC       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.