Springe nei ynhâld

Ilⱨam Tohti

Ut Wikipedy
Ilⱨam Tohti
persoanlike bysûnderheden
echte namme ئىلھام توختى‎, Ilⱨam Tohti
nasjonaliteit Sineesk
berne 25 oktober 1969
berteplak Atux (Sinkiang-Oeigoerje)
etnisiteit Oeigoersk
wurkpaad
berop/amt ekonoom, heechlearaar
aktyf as minskerjochte-aktivist
jierren aktyf 1996 – no
prizen Václav Havel Priis foar de
   Minskerjochten
2019
Sacharovpriis 2019
offisjele webside
sites.google.com/site/uighurtorda

Ilⱨam Tohti (Oeigoersk: ئىلھام توختى‎, Oeigoersk yn 'e âlde transliteraasje: Ilham Toxti, yn 'e nije transliteraasje: Ilⱨam Tohti, útspr.: ['ilham 'tɔxti], likernôch: "yl-ham toch-ty"; Sineesk: 伊力哈木•土赫提, pinyin-transliteraasje: Yīlìhāmù Tǔhètí; Atux, 25 oktober 1969) is in Sineesk ekonoom en heechlearaar fan etnysk Oeigoersk komôf, dy't omreden fan syn wurk as minskerjochte-aktivist yn 'e Folksrepublyk Sina as polityk finzene fêstholden wurdt. Tohti is in iepentlik foarstanner fan 'e útfiering fan 'e Sineeske autonomywetjouwing foar de regio Sinkiang-Oeigoerje, dy't oant safier in deade letter bleaun is. Hy wie de oprjochter fan 'e webside Uyghur Online, dêr't Oeigoerske ûnderwerpen op behannele waarden. Teffens stied er bekend om syn ûndersyk nei de relaasjes tusken de Oeigoeren en de Han-Sinezen. Yn 2009 siet er in pear moannen finzen fanwegen syn krityk op it belied fan it Sineeske regear oangeande de Oeigoeren. Yn 2014 waard er fannijs oppakt en feroardiele ta libbenslange finzenisstraf foar "separtatistyske aktiviteiten". Tohti hat foar syn krewearjen yn it Westen ferskate wichtige prizen wûn, wêrûnder de Václav Havel Priis foar de Minskerjochten en de Sacharovpriis fan 'e Jeropeeske Uny.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ilⱨam Tohti waard yn 1969 berne yn Atux (útspr.: "atûsj"), yn it uterste westen fan 'e autonome regio Sinkiang-Oeigoerje, dy't it noardwestlike part fan 'e Folksrepublyk Sina beslacht. Nei de middelbere skoalle learde er fierder oan 'e Nordeastlike Normaalskoalle yn Changchun, en hy studearre ôf yn ekonomy oan 'e Universiteit fan de Sintrale Nasjonaliteiten (no de Minzu Universiteit fan Sina), yn 'e Sineeske haadstêd Peking. Neitiid wurke er oan datselde ynstitút as ekonoom en heechlearaar.

Yn 2006 rjochte Tohti de webside Uyghur Online op, dy't artikels yn sawol it Sineesk as it Oeigoersk publisearre oer ûnderwerpen dy't mei de Oeigoeren as etnyske groep en mei harren heitelân Sinkiang-Oeigoerje yn it algemien te krijen hiene. Dy webside waard mids 2008 opheft troch de Sineeske autoriteiten, om't it in middel wêze soe om bannen te lizzen mei Oeigoerske "ekstremisten" dy't yn ballingskip om utens libben.

Krityk op it Sineeske regear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in fraachpetear mei Radio Free Asia bekritisearre Tohti yn maart 2009 it belied fan it Sineeske regear om etnysk Sineeske gastarbeiders nei Sinkiang-Oeigoerje te stjoeren, wylst jonge etnysk Oeigoerske froulju dêrwei alhiel nei eastlik Sina moasten om wurk te finen. Ek utere er krityk op Nur Bekri, de gûverneur fan Sinkiang-Oeigoerje, om't dyselde altyd de klam lei op "stabiliteit en feilichheid" ynstee dat er "om 'e Oeigoeren jout". Tohti rôp op ta de útfiering fan 'e Sineeske Regionale Etnyske Autonomywet fan 1984, dy't oant safier in deade letter bleaun wie. Dyselde moanne waard Tohti oanholden troch de plysje, beskuldige fan separatisme en lange tiid ûnderfrege.

Arrestaasje yn 2009

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 5 july 2009 fûn der yn Ürümqi, de haadstêd fan Sinkiang-Oeigoerje, in etnyske opskuor plak tusken Oeigoeren en etnyske Sinezen. Neffens it Sineeske regear soene dêrby mear as 150 minsken, foar it meastepart Sinezen, omkommen wêze. Op 8 july waard Tohti út syn wente yn Peking ûntbean op it plysjeburo, wêrnei't er blykber arrestearre waard en nimmen mear wat fan him hearde. De Sineeske dissidint Wang Lixiong en dy syn Tibetaanske frou Woeser begûnen in online-petysje foar de frijlitting fan Tohti, dy't ûndertekene waard troch oare dissidinten, lykas Ran Yunfei. It PEN American Center, Amnesty International en Reporters Without Borders rôpen ek op ta syn frijlitting.

Uteinlik waard Tohti op 23 augustus frijlitten, yn 'e mande mei twa oare Sineeske dissidinten, Xu Zhiyong en Zhuang Lu, nei't de Amerikaanske presidint Barack Obama diplomatike druk op Sina útoefene hie. Tohti ferklearre dat er ûnder syn finzenskip fêstholden waard yn syn eigen hûs en letter yn in hotel, dêr't er bewekke waard troch ferskate plysjeminsken dy't him net ynhumaan behannele hiene. Ek seid er dat er by syn frijlitting warskôge wie om gjin krityk te uterjen op it delslaan fan 'e opskuor yn Ürümqi troch de Sineeske autoriteiten en dat him en syn húshâlding ferbean wie om Peking te ferlitten.

Arrestaasje yn 2014

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2014 waard Tohti op 'e nij oppakt, wêrnei't alle kompjûters yn syn hûs yn beslach nommen waarden. Hysels waard oerbrocht nei in finzenis yn Sinkiang-Oeigoerje, dêr't er tûzenen kilometers fan syn hûs en gesin yn Peking fêstset waard. Nei in showproses fan twa dagen waard Tohti yn septimber 2014 troch in rjochtbank yn Ürümqi skuldich befûn oan "separatistyske aktiviteiten". Hy waard feroardiele ta libbenslange finzenisstraf en al syn besittings waard beslach op lein.

Neffens Amnesty International hiene de abbekaten fan Tohti nea it bewiismateriaal ynsjen meien op basis wêrfan't er feroardiele wie, en wie harren boppedat seis moannen lang de tagong ta harren kliïnt ûntsein. De minskerjochte-organisaasje feroardiele Tohti syn proses dêrom as "in mislediging fan it rjochtssysteem". Oare minskerjochte-organisaasjes sleaten har dêrby oan en ek de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken John Kerry rôp op ta de frijlitting fan Tohti. Nei de feroardieling fan Tohti skreau de Sineeske dissidint Wang Lixiong op Twitter dat de Sineeske autoriteiten mei dizze behanneling Ilⱨam Tohti feroare hiene yn "in Oeigoerske Mandela". It Sineeske steatsparseburo Xinhua wiisde dy ferliking lykwols ôf mei it berjocht dat "[w]ylst Mandela fermoedsoening preke, preket Ilⱨam Tohti haat en moard."

Tohti syn dochter Jewher Ilham mei Elliot Sperling yn it Lederman/PEN American Center yn maaie 2014, by de útrikking oan har heit fan 'e PEN/Barbara Goldsmith Freedom to Write Award.

Op 1 april 2014 kende it PEN American Center oan Tohti de PEN/Barbara Goldsmith Freedom to Write Award ta, in Amerikaanske priis op it mêd fan 'e minskerjochten dy't elts jier taparte wurd oan skriuwers wêr ek op 'e wrâld dy't fjochtsje foar de frijheid fan mieningsutering. Yn 'e ferklearring dy't by de útrikking fan 'e priis jûn waard, skreau it PEN American Center dat Tohti "lang lestich fallen [wie] troch de Sineeske autoriteiten omreden fan syn útsprutsen miening oer de rjochten fan 'e islamityske Oeigoerske minderheid yn Sina." De Sineeske autoriteiten joegen blyk fan lulkens om it ferlienen fan dizze stipe oan Tohti.

Yn septimber 2016 waard Ilⱨam Tohti nominearre foar de Sacharovpriis foar gedachtefrijheid. In moanne letter ûntfong er de Martin Ennals Award for Human Rights Defenders. De útrikkende Martin Ennals Foundation priizge Tohti foar twa desennia fan krewearjen om in dialooch op gong te bringen en begryp te kweken tusken de Oeigoerske minderheid en de etnysk Sineeske mearderheid. De stifting foege dêroan ta: "Hy hat separatiseme en geweld ôfwiisd en socht nei fermoedsoening basearre op respekt foar de Oeigoerske kultuer, dy't bleatstien hat on religieuze, kulturele en politike ûnderdrukking."

Yn septimber 2019 kende de Ried fan Jeropa de Václav Havel Priis foar de Minskerjochten ta oan Ilⱨam Tohti en oan it Jeugdinisjatyf foar de MInskerjochten. Yn oktober 2019 krige Tohti de Sacharovpriis fan it Jeropeeske Parlemint takend. Dêrby sei parlemintsfoarsitter David Sassoli: "Tohti hat syn libben wijd oan it opkommen foar de rjochten fan 'e Oeigoerske minderheid yn Sina. Nettsjinsteande it feit dat er in stim foar moderaasje en fermoedsoening is, waard er nei in showproses yn 2014 feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. Troch him dizze priis ta te kennen, kringe wy der by it Sineeske regear sterk op oan om Tohti frij te litten en roppe we op ta respekt foar de rjochten fan minderheden yn Sina."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.