Springe nei ynhâld

Ürümqi

Ut Wikipedy
Ürümqi
乌鲁木齐
Bestjoer
Lân Folksrepublyk Sina
Provinsje Sinkiang
Sifers
Ynwennertal 3.550.000 (2015)
Oerflak 10.989 km²
Befolkingsticht. 240/km²
Stêdekloft 3.575.000 <small)(2017)
Hichte trochsneed 800 m
Oar
Tiidsône Sina Standert Tiid (UTC+8)
Offisjele webside
Offisjeel webstee yn 't Sineesk

Ürümqi of Urumqi (Oeïgoersk:ئۈرۈمچی; siz: "Uuruumtsji", Nederlânske skriuwwize op âlde kaarten: Oeroemtsji) of Wulumuqi is de haadstêd fan Sinkiang, in autonome regio yn it noardwesten fan Sina. De stêd hie 2.082.000 ynwenners yn 2004.[1]

Under de Qing-dynasty en Republyk Sina hjitte de stêd Dinghua (迪化). Yn 1954 waard de namme fan de stêd feroare yn Wulumuqi (乌鲁木齐)/Ürümqi. Ürümqi betsjut "reade timpel" yn it Mongoalsk en yn it Oeïgoersk betsjut it "moaie greide". Hoewol't de stêd tichteby de noardlike siderûte leit, is it plak relatyf jong foar dy kontreien.

It is de grutste stêd yn de westlike helte fan Sina. De stêd hat taalkundich, kultuereel en kommersjeel mear bining mei it westen as it oarepart fan Sina. De befolking fan Ürümqi bestiet foar benei de helte út Han-Sinezen en goed 42% binne Oeïgoeren, it folk dat yn de lanlike gebieten fan Sinkiang de mearderheid fan de befolking foarmet.

Ürümqi is fan alle miljoenestêden de stêd dy't it fierste fan in see of in oseaan ôf leit.

Yn Sinkiang binne tsientallen goed bewarre mummy's fûn dy't faaks sa'n 4000 jier âld wêze kinne soene. De foarming fan de mummy's is nei alle gedachten op natuerlike wize bard, yn tsjinstelling ta de mummifikaasje dy't yn it âld Egypte tapast waard. It regionaal museum fan de haadstêd Ürümqi hat soksoarte mummy's, mar ek archeologyske fynsten dy't te krijen hawwe mei de siderûte.

De ûndersteande tabel jout de etnyske ferdieling fan de befolking fan Ürümqi;

Etnyske groep Befolking Part (%)
Han-Sinezen 5.000.000( 2009) 45,3%
Oeïgoeren 4.400.000 42,79%
Hui 167.148 8,03%
Kazachen 48.772 2,34%
Mantsjoes 7.682 0,37%
Mongoalen 7.252 0,35%
Sibelen 3.674 0,18%
Russen 2.603 0,13%
Tujia 1.614 0,08%
Kirgiezen 1.436 0,07%
Oezbeken 1.406 0,07%
Zhuang 878 0,04%
Tataren 767 0,04%
Tibetanen 665 0,03%
Dongxiang 621 0,03%
Miao 620 0,03%
Koreanen 588 0,03%
Oaren 2.205 0,09%


Panorama Ürümqi

Ürümqi hat sân gemeenten en in provinsjaal bestjoer, dat der binne totaal 8 bestjoerlike ôfdielingen.
De plaknammen binne yn it Turksk jûn.

Bestjoerlike ferdieling Ürümqi
Ofdielingen Befolking Oerflak
Namme Sineesk Oeigoersk 2002 km²
Ürümqi Stadssector
Yenişehir 新市区 يېڭىشەھەر رايونى 360,000 142
Şuymogu 水磨沟区 شۇيموگۇ رايونى 150,000 91
Tanrı Dağı 天山区 تڭرىتاغ رايونى 450,000 171
Saybağ 沙依巴克区 سايباغ رايونى 440,000 422
Ürümqi Foarstedlike- en Plattelânsektor
Mitung 米东区 100,000 244
Tudun Haba 头屯河区 تۇدۇڭخابا رايونى 130,000 276
Tapançeng 达坂城区 داۋانچىڭ رايونى 40,000 5,042
Ürümqi 烏魯木齊县 ئۈرۈمچى ناھىيىسى 80,000 4,601

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Xinjiang Uygur AR - SkyscraperPage.com