Gronology fan de Jeropeeske Uny
Appearance
(Trochferwiisd fan Gronologysk oersjoch fan de skiednis fan de EU)
Dit is de gronology fan 'e Jeropeeske Uny.
1950-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1950
- Taspraak Robert Schuman as minister fan Bûtenlânske Saken fan Frankryk oer yntinsive Jeropeeske gearwurking en yntegraasje.
- 1951
- It Ferdrach fan Parys wurdt sletten. Oprjochting fan 'e Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel mei Belgje, Frankryk, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân en West-Dútslân as lidsteaten.
- 1952
- It Ferdrach fan Parys wurdt fan krêft.
- 1957
- Mei it Ferdrach fan Rome rjochtsje de Benelúks-lannen, West-Dútslân, Frankryk en Itaalje de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip op, in foarrinner fan 'e Jeropeeske Uny.
- 1958
- It Ferdrach fan Rome wurdt fan krêft.
1960-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1965
- It Fúzjeferdrach of Ferdrach fan Brussel wurdt sletten. Dêrtroch krije de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, de Jeropeeske Mienskip foar Atoomenerzjy (Euratom) en de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip tenei ien Jeropeeske Kommisje, ien Ried fan Ministers, ien budget, en ien Jeropeesk Hôf fan Justysje. De trije organisaasjes komme dêrfoar gear yn 'e Jeropeeske Mienskippen.
- 1967
- It Fúzjeferdrach wurdt fan krêft.
1970-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1973
- Denemark, Ierlân en it Feriene Keninkryk wurde lid fan 'e Jeropeeske Mienskip.
- 1979
- Foar it earst wurde der direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden.
1980-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1981
- Grikelân wurdt lid fan 'e Jeropeeske Mienskip.
- 1982
- Grienlân, in oerseesk gebietsdiel fan Denemark dat yn 1978 folslein selsbestjoer krigen hat, ferlit de Jeropeeske Mienskip.
- 1986
- Spanje en Portegal wurde lid fan 'e Jeropeeske Mienskip.
1990-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1990
- Mei de weriening fan Dútslân groeit it tal ynwenners fan de Jeropeeske Mienskip mei 16 miljoen minsken, dy wenje op it grûngebiet fan 'e eardere DDR.
- 1992
- By it Ferdrach fan Maastricht wurdt de Jeropeeske Mienskip omfoarme ta de Jeropeeske Uny. De eardere Jeropeeske Mienskippen foarmje tenei de earste pylder fan 'e Jeropeeske Uny.
- 1993
- It Ferdrach fan Maastricht wurdt fan krêft.
- 1995
- Eastenryk, Finlân en Sweden wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- 1997
- It Ferdrach fan Amsterdam wurdt sletten.
- 1999
- It Ferdrach fan Amsterdam wurdt fan krêft.
2000-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2001
- It Ferdrach fan Nice wurdt tekene.
- 2003
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Malta foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny en de NATO stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Sloveenje yn beide gefallen foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Hongarije foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Litouwen foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Slowakije foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Poalen foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Tsjechje foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Estlân foàr.
- By in referindum oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny stimt de mearderheid fan 'e befolking fan Letlân foàr.
- It Ferdrach fan Nice wurdt fan krêft.
- 2004
- Estlân, Letlân, Litouwen, Poalen, Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Sloveenje, Malta en Syprus wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- De regearingslieders fan 'e lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny ûndertekenje yn Rome in oerienkomst oer in takom jier yn te fieren Jeropeeske Grûnwet.
- 2005
- By it referindum oer de Jeropeeske Grûnwet yn Frankryk stimt 54,7% fan 'e befolking tsjin.
- By it referindum oer de Jeropeeske Grûnwet yn Nederlân stimt 61,5% fan 'e befolking tsjin.
- 2007
- Roemeenje en Bulgarije wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- De lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny ûndertekenje it Ferdrach fan Lissabon. Dat is de Jeropeeske Grûnwet út 2004 ûnder in oare namme. Op dizze wize wurdt de ôfwizing fan dy grûnwet by referindum troch de befolkings fan Frankryk en Nederlân negearre.
- 2008
- By in referindum wiist 53,4% fan 'e befolking fan Ierlân it Ferdrach fan Lissabon fan 'e Jeropeeske Uny ôf.
- 2009
- Tsjin 'e eftergrûn fan 'e Iislânske Bankekrisis stimt it parlemint fan Iislân, it Alþing, foar it iepenjen fan ûnderhannelings oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny.
- Yn Ierlân wurdt in twadde referindum holden oer it Ferdrach fan Lissabon fan 'e Jeropeeske Uny, nei't de Ierske befolking dat yn 2008 by in earste referindum ôfwiisde. Diskear kart 67,1% fan 'e Ieren it goed.
- It Ferdrach fan Lissabon wurdt fan krêft.
2010-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2012
- De Jeropeeske Uny wint de Nobelpriis foar de Frede mei as taljochting fan it Nobelpriiskomitee: "De JU en syn foarrinders hawwe mear as seis desennia lang bydroegen oan frede, fermoedsoening, demokrasy en minskerjochten yn Jeropa."
- 2013
- Kroaasje wurdt lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- 2016
- By it Brexit-referindum stimt 52% fan 'e befolking fan it Feriene Keninkryk foar it opsizzen fan it Britske lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny. Premier David Cameron, dy't kampanje fierd hat om lid fan JU te bliuwen, treedt ôf.
- 2017
- It Feriene Keninkryk stelt kêst 50 fan it Ferdrach fan Lissabon yn wurking, wêrmei't ûnderhannelings oer Brexit begjinne.
2020-er jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2020
- Troch de Brexit lûke it Feriene Keninkryk en Gibraltar har formeel werom út 'e Jeropeeske Uny. No begjint in oergongsperioade fan alve moannen, wêryn't in hannelsoerienkomst sletten wurde moat.