Springe nei ynhâld

Germ Gerbrandy

Ut Wikipedy
Germ Gerbrandy
politikus
echte namme Gerben Gerbrandy
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 27 july 1952
berteplak De Hommerts (Fryslân)
etnisiteit Frysk
partij FNP
lid fan de Earste Keamer
foar de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF)
amtsperioade 20192021
foargonger Hindrik ten Hoeve
boargemaster fan Achtkarspelen
amtsperioade 20132019
foargonger Piet Adema (wnd)
opfolger Oebele Brouwer
gemeenteriedslid fan Súdwest-Fryslân
amtsperioade 20112013
wethâlder fan Wymbritseradiel
amtsperioade 19982011

Germ Gerbrandy (folút: Gerben Gerbrandy; De Hommerts, 27 july 1952) is in Frysk politikus en lid fan 'e FNP. Yn 2013 waard er de twadde FNP-boargemaster út 'e skiednis fan Fryslân. Yn 2019 kaam er foar de Unôfhinklike Senaatsfraksje yn 'e Earste Keamer.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerbrandy waard yn 1952 berne as boeresoan op De Hommerts. Foarôfgeande oan syn politike karriêre wurke er as learaar biology, natuerkunde en skiekunde. Yn dy hoedanichheid stie er foar de klasse yn Rozenburg (Súd-Hollân), Winterswyk, Drachten en Waskemar. Fierders arbeide er ek in jier lang yn in kibboets yn Israel.

Wethâlder Wymbritseradiel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1998 waard Gerbrandy foar de FNP wethâlder yn 'e gemeente Wymbritseradiel, in funksje dy't er trettjin jier lang beklaaie soe, oant Wymbritseradiel op 1 jannewaris 2011 by in proses fan gemeentlike weryndieling opgie yn 'e nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

Boargemaster Achtkarspelen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid kaam Gerbrandy foar de FNP yn 'e gemeenteried fan 'e nije gemeente, dêr't er syn sit behold oant er yn jannewaris 2013 beneamd waard ta boargemaster fan Achtkarspelen, as opfolger fan waarnimmend boargemaster Piet Adema. Dêrmei waard Gerbrandy nei Theunis Piersma de twadde FNP-boargemaster út 'e skiednis fan Fryslân. Yn jannewaris 2019 waard Gerbrandy as boargemaster fan Achtkarspelen opfolge troch Oebele Brouwer.

Yn 2019 swaaide FNP-er Hindrik ten Hoeve ôf as senator foar de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF), dy't yn 'e Earste Keamer fan de Steaten-Generaal de regionale politike partijen mei sitten yn 'e Provinsjale Steaten fertsjintwurdiget. It wie oarspronklik de bedoeling dat Ten Hoeve opfolge wurde soe troch Bernard Minderhoud, de listlûker fan 'e Lokale Partijen Zuid-Holland (LPZH), mar by de Provinsjale-Steateferkiezings fan 20 maart 2019 helle Minderhoud gjin sit yn 'e Provisjale Steaten fan Súd-Hollân. Dêrop waard by in gearkomste fan 'e lidpartijen fan 'e OSF, op 27 maart, besletten dat Germ Gerbrandy de opfolger fan Ten Hoeve wurde moast.[1] Ein jannewaris 2019 wie de Partij voor het Noorden út 'e OSF stapt om't Ten Hoeve foar de Mynbouwet stimd hie, dy't û.m. fierdere ierdgasboarrings yn Grinslân omfieme.[2] It spande der sadwaande noch om oft de OSF sûnder de stipe fan 'e Partij voor het Noorden wol in sit yn 'e Earste Keamer bemachtigje kinne soe, mar by de stimming troch de ûnderskate Provinsjale Steaten op 27 maaie die bliken dat it krekt slagge wie.[3]

Mids desimber 2020 makke de doe 68-jierrige Gerbrandy bekend dat er fan doel wie om yn mids jannewaris 2021 op te hâlden as Earste-Keamerlid foar de OSF.[4] Hy koe it wurk fan in ienmansfraksje net mear oan, sa bekende er. It healwei de sittingstermyn ophâlden foel him swier, mei't er nei eigen sizzen "yn myn libben noch noait ôfheakke" wie. Mar hy die "rôfbou op [s]yn lichem", dat it koe net oars. "Ik bin in kwartslach foar it brekken ophâlden," fertelde er oan 'e Ljouwerter Krante.[4] Gerbrandy waard as Earste-Keamerlid fan 'e OSF opfolge troch Ton Raven út Geleen, dy't oant dy tiid wethâlder foar de Stedspartij wie.[4] Op moandei 12 jannewaris 2021 naam Gerbrandy yn 'e Earste Keamer diel oan syn lêste gearkomstdei. Oan 'e ein fan 'e dei krige er blommen fan foarsitter Jan Anthonie Bruijn en applaus fan syn amtsgenoaten.[5] Op 19 jannewaris naam Raven syn sit yn.[6]

Gerbrandy waard yn april 2019 ûnderskaat as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Gerbrandy is presidint-kommissaris fan de N.V. Fryslân Miljeu, presidint-kommissaris fan De Coöperatie DFMopGlas en fan de oprjochting oant 2023 bestjoersfoarsitter fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Germ Gerbrandy naa Eerste Kamer, yn: de Ljouwerter Krante, 28 maart 2019, s. 25.
  2. ——, Partij voor het Noorden breekt definitief met Onafhankelijke Senaatsfractie, RTV Noord, 25 jannewaris 2019.
  3. ——, OSF definitief Eerste Kamer in, Germ Gerbrandy senator, yn: de Ljouwerter Krante, 27 maaie 2019.
  4. 4,0 4,1 4,2 Westrheenen, Saskia van, Eerste Kamerlid Gerbrandy (68) stopt: "It wie rôfbou", yn: de Ljouwerter Krante, 18 desimber 2020, s. 27.
  5. ——, Senator Gerbrandy vertrekt met applaus, yn: de Ljouwerter Krante, 13 jannewaris 2021, s. 24.
  6. ——, Limburger Raven volgt Gerbrandy op bij OSF, yn: de Ljouwerter Krante, 20 jannewaris 2021, s. 10.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.