Freonen fan Fossylfrij Fryslân
De Freonen fan Fossylfrij Fryslân binne in yn 2017 oprjochte stichting, mei as doel de ferduorsuming fan de provinsje Fryslân te ferhastigjen. It Freonenetwurk, besteande út Fryske bedriuwen, ûnderwiisynstellingen, doarpen en (lokale) oerheden, wurket gear oan in provinsje Fryslân dy't folslein fossylfrij is. It duorsumensnetwurk hat, mei yngong fan 14 oktober 2024, goed 140 leden.
Temas en doelen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Freonen fan Fossylfrij Fryslân hâlde harren binnen har duorsumensambysjes dwaande mei fjouwer tema's, te witten: Bedriuwen, Wenningen, Enerzjy en Mobiliteit.
Bedriuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Freonen stimulearje Fryske bedriuwen de oerstap te meitsjen nei in fossylfrije bedriuwsfiering. By produksjeprosessen, gebouferwaarming en weinpark wurdt dan net mear gebrûk makke fan fossile brânstoffen, lykas ierdgas, koalen, benzine en disel. It Freonenetwurk rjochtet him op it realisearjen fan 100 ekstra fossylfrije bedriuwen yn Fryslân yn 2020, ôfset tsjin de peildatum yn de tiid fan de oprjochting fan de stichting.
Wenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In trochsneed húshâlden stjit alle jierren troch enerzjy yn'e hûs en ferfier acht ton koalstofdiokside út. De Freonen ambiearje 2.000 ekstra gasleaze wenningen en 5.000 ekstra wenningen mei sinnepanielen binnen Fryslân realisearre te hawwen yn 2020, ôfset tsjin de peildatum yn de tiid fan de oprjochting fan de stichting.
Enerzjy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryslân hie yn 2019 lanlik sjoen de measte lokale enerzjykoöperaasjes (64). Enerzjykoöperaasjes binne alliânsjes tusken boargers, bedriuwen en gemeenten. De koöperaasjes meitsje har sterk foar duorsume enerzjyopwekking en - distribúsje yn kollektyf behear. It mienskiplik behear kin bygelyks ynkeap fan sinnepanielen, realisaasje fan in biogasynstallaasje of eigendom fan in wynturbine ynhâlde. De koöperaasje is ofwol in feriening of in bedriuw. Yn it earste gefal wurdt gebrûk makke fan lidmaatskipsjilden om lokale inisjativen te ûntploaien, lykas de oanskaf fan in mienskiplike wynmûne. Yn it lêste gefal transportearret men - by in griene leveransier ynkochte - enerzjy. De Freonen ambiearje 10.000 klanten fan lokale, grien opwekte stroom binnen Fryslân realisearre te hawwen yn 2020.
Mobiliteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goed tweintich prosint fan de koalstofdiokside-útstjit yn Nederlân komt foar rekken fan de kategory ferkear en ferfier. It weiferfier jildt dêryn as grutste fersmoarger. De Freonen trúnje Fryske boargers en ûndernimmers oan de oerstap te meitsjen nei fossylfrij ferfier, lykas auto's op elektrisiteit, griengas en blauwe disel. Feartugen kinne ek gebrûk meitsje fan dizze fossylfrije brânstoffen. It Freonen-netwurk stelt him as doel 10.000 ekstra skjinne weinen op de dyk realisearre te hawwen yn 2020, ôfset tsjin de peildatum yn de tiid fan de oprjochting fan de stichting.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerben Gerbrandy, earder lid fan de Earste Keamer en eardere boargemaster fan Achtkarspelen, wie sûnt de oprjochting fan de stichting oant yn 2023 bestjoersfoarsitter. Jetze Lont hat de funksje fan bestjoersfoarsitter yn dat jier oernaam.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|