Springe nei ynhâld

Friesian Horse Association North America

Ut Wikipedy
Friesian Horse Association
North America
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FHANA
nasjonaliteit Amerikaansk
Kanadeesk
type org. feriening
wurkmêd Frysk hynder
haadkertier Lexington (Kentucky)
oprjochte 1984
oprjochter û.o. Frank Leyendekker
orgaan The Friesian Magazine
aktyf yn de Feriene Steaten en Kanada
offisjele webside
www.fhana.com

De Friesian Horse Association North America (FHANA) is in stamboekorganisaasje foar hynders fan it Fryske ras, dy't aktyf is yn 'e Feriene Steaten en Kanada. It is in feriening dy't oprjochte is yn 1984 troch û.o. Frank Leyendekker, en wêrfan't it haadkertier fêstige is yn Lexington, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. It Keninklik Frysk Hynste Stamboek (KFPS) erkent de FHANA as syn iennichste fertsjintwurdiger yn Noard-Amearika, en oarsom erkent de FHANA it KFPS as de iennichste wrâldwide autoriteit op it mêd fan it Fryske hynder. De FHANA funksjonearret sadwaande yn 'e praktyk as de Noardamerikaanske poat fan it KFPS. It doel fan 'e FHANA is itselde as dat fan it KFPS, te witten: it behâld en de ferbettering troch doelmjittich fokken fan it Fryske hynsteras.

De Friesian Horse Association North America hat syn wurkgebiet opdield yn sân ûnderskate regio's. Oan eltse regio is in bestjoerslid fan 'e feriening tawiisd, dy't de leden fan 'e feriening yn syn regio yn it bestjoer fertsjintwurdiget. Sokke bestjoersleden binne dêrmei ek it earste oansprekpunt foar leden yn harren regio's. De ferdieling fan 'e regio's is sa:

Eltsenien yn 'e Feriene Steaten en Kanada kin lid wurde fan 'e Friesian Horse Association North America. Der binne fjouwer soarten lidmaatskip:

  • lidmaatskip mei beheinde rjochten (associate membership, foar lju dy't net sels in Frysk hynder yn eigendom hawwe; de kontribúsje bedraacht $60: 40% fan dy foar in folslein lidmaatskip)
  • sport- of hobbylidmaatskip (de kontribúsje bedraacht $140, itselde as foar in folslein lidmaatskip)
  • folslein lidmaatskip (de kontribúsje bedraacht $140)
  • sakelidmaatskip (bedoeld foar profesjonele hynstefokkers; de kontribúsje bedraacht $180; krapoan 130% fan dy foar in folslein lidmaatskip)

It lidmaatskip fan 'e FHANA jout foar it meastepart deselde rjochten as it lidmaatskip fan it KFPS; steatsboargers fan 'e Feriene Steaten en Kanada kinne lykwols net streekrjocht lid wurde fan it KFPS. It lidmaatskip fan 'e FHANA jout fierders rjocht op ferskate foardielen, lykas koartings by oankeapen by beskate bedriuwen en it ûntfangen fan it tydskrift fan 'e FHANA, The Friesian Magazine.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: