Springe nei ynhâld

Foarâlden

Ut Wikipedy

Foarâlden of foarâlders (meastal wurdt de meartalsfoarm oanholden) binne de minsken fan wa't men ôfstammet. Dêrta hearre jins âlden, pake en beppe, oerpake en -beppe en betoerpake en -beppe, mar yn 'e regel wurdt der mei dizze oantsjutting ferwiisd nei in ûnbeskaat tal generaasjes yn it (fiere) ferline fan jins famylje. It begryp dat tsjinsteld is oan foarâlden is neiteam, dat alle ôfstammelingen omfiemet. De famyljebân tusken foarâlden en harren neiteam is altyd lineêr, sûnder sydsprongen; in neef fan jins heit of in omke kin dus net jins foarâlder wêze, of it moat wêze dat sa'nent, bygelyks troch in houlik of oare seksuële relaasje mei jins mem ek jins heit is.

Men is in bloedsibbe fan in oare persoan as men mei him of har in mienskiplike foarâlder hat. Dat jildt net inkeld foar minsken, mar ek foar bisten. De evolúsjeteory is derop basearre dat ferskillende bistesoarten weromgeane op in mienskiplike foarâldersoarte, en dat frijwol alle libben op 'e Ierde (útsein beskate baktearjes) úteinlik weromgiet op ien oanbegjin. As men derfan útgiet dat elts fan jins foarâlden op mar ien inkele manear oan jin besibbe is, ferdûbelet it tal fan jins foarâlden mei eltse generaasje: men hat 2 âlden, 4 pakes en beppes, 8 oerpakes en -beppes, 16 betoerpakes en -beppes, en sa fierder. Yn 'e praktyk is lykwols dúdlik dat de grutte mearderheid fan 'e foarâlden mearfâldich oan jin besibbe binne, bygelyks om't in oeroeroerâldomke oan heitekant ek yn 'e famylje fan jins mem yntroud is. Wat fierder oft men yn it ferline weromgiet, wat mear oft men sokke 'krúsferbinings' tsjinkomme sil.

Yn guon kultueren leaut men dat jins foarâlden út it hjirneimels wei harren ôfstammelingen hoedzje en noedzje. Dat idee hat yn dy kultueren ornaris oanlieding jûn ta in aspekt fan natoerreligyen dat foarâldenferearing neamd wurdt, wêrby't de foarâlden njonken de goaden fereare en oanbean wurde en offerjeften ûntfange, of sels it plak fan 'e goaden hielendal oernommen hawwe. Foarâldenferearing is sadwaande in foarm fan fergoading fan minsklike persoanen. Dit ferskynsel komt bygelyks sterk foar yn guon lannen yn Súdeast- en East-Aazje, lykas Fjetnam en Sina, al hat it kommunistyske rezjym fan 'e Folksrepublyk Sina war dien om 'e praktyk út te rûgjen. Ek by in grut tal tradisjonele lânseigen Afrikaanske en Yndiaanske kultueren nimt foarâldenferearing in wichtich plak yn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes