Springe nei ynhâld

Fjetnameeske namme

Ut Wikipedy

In Fjetnameeske namme is de namme fan persoanen yn Fjetnam en fan lju fan etnysk Fjetnameesk komôf om utens. Sokke nammen besteane út trije dielen: ien patrilineêre famyljenamme dy't foarop komt, folge troch ien of mear middelnammen, en efteroan ien foarnamme. Alle Fjetnameeske nammen besteane út ien wurdlid. Krekt as by nammen yn oare talen yn 'e Sinosfear komt by Fjetnameeske nammen dus de famyljenamme foaroan en de foarnamme efteroan. Se wike lykwols ôf fan Sineeske, Koreaanske en Japanske nammen troch it foarkommen fan 'e middelnamme. In oar ferskil is dat nei in persoan dy't in Fjetnameeske namme hat, ferwiisd wurde kin mei de hiele namme of mei de foarnamme, mar net mei allinnich de famyljenamme. In trêde mooglikheid (yn it Fjetnameesk) is om ynstee fan 'e namme in hierargysk foarnamwurd te brûken, dat ornaris ferwiist nei de graad fan besibskip tusken de sprekker en de persoan dêr't hy of sy it oer hat. Eltsenien dy't de Fjetnameeske nasjonaliteit oanfreget, moat in Fjetnameeske namme oannimme.

Tonaliteit en ferskillen tusken nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fjetnameesk is in tonale taal, en Fjetnameeske nammen hawwe sadwaande tonale kwaliteiten. De ûnderskate toanen wurde yn it Fjetnameesk, dat sûnt de koloniale tiid skreaun wurdt mei it Latynske alfabet, werjûn mei diakrityske tekens op 'e fokalen. Lju fan bûten Fjetnam, dy't oer it algemien net witte wat dy diakrityske tekens betsjutte, negearje se ornaris, of litte se hielendal fuort. Dêrtroch kinne guon nammen itselde lykje, hoewol't it ferskillende nammen binne. Dat kin foar bûtenlanners ta in protte betizing liede. Guon foarbylden:

Fjetnameeske famyljenammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De famyljenamme komt yn Fjetnameeske nammen foaroan, krekt sa't dat it gefal is by nammen yn oare talen yn 'e Sinosfear (it gebiet fan histoaryske Sineeske kulturele ynfloed yn East- en Súdeast-Aazje). De Fjetnameeske famyljenamme wurdt op patrilineêre wize trochjûn, dus fan in heit oan syn bern. Der binne mar in hiel beheind tal Fjetnameeske efternammen; nei skatting binne der op 't heden mar sa'n hûndert ferskillenden yn gebrûk. Dêrby komt noch dat guon famyljenammen folle mear foarkomme as oaren. Likernôch 39% fan alle Fjetnamezen hat de famyljenamme Nguyễn (ien wurdlid, likernôge útspraak: "ngjen" mei de ng fan "bang"). De meast gongbere Fjetnameeske famyljenammen komme sa'n soad foar om't eltsenien yn it ferline syn eigen famyljenamme kieze koe. De lju keazen dan faak in namme dêr't harren trou oan it keizershûs út bliek. Doe't meitiid de famyljenammen permanint waarden, hie sadwaande in grut part fan 'e befolking deselde namme.

Ferdieling fan Fjetnameeske famyljenammen.

Hjirûnder de fjirtjin meast foarkommende Fjetnameeske famyljenammen, dy't mei-inoar troch 90% fan 'e befolking fan Fjetnam droegen wurde. (De restearjende 10% fan 'e befolking hat dus ien fan 'e oare 86 famyljenammen.) Efter de foarm yn it Latynske alfabet is de pre-koloniale skriuwwize yn Sineeske karakters (Hán tự) werjûn.

1. Nguyễn 阮 (39%)
2. Trần 陳 (11%)
3. Lê 黎 (9.5%)
4. Phạm 范 (7.1%)
5. Huỳnh of Hoàng 黃 (5.1%)
6. Phan 潘 (4.5%)
7. Vũ of Võ 武 (3.9%)

8. Đặng 鄧(2.1%)
9. Bùi 裴 (2%)
10. Đỗ 杜 (1.4%)
11. Hồ 胡 (1.3%)
12. Ngô 吳 (1.3%)
13. Dương 楊 (1%)
14. Lý 李 (0.5%)

Yn 'e Fjetnameeske kultuer behâlde froulju altiten harren eigen efternammen nei't se trouwe.

Yn formele fermiddens wurde minsken yn Fjetnam oantsjut mei harren folsleine namme. Yn minder formele omstannichheden wurdt altyd de foarnamme brûkt. It brûken fan allinnich de famyljenamme is yn it Fjetnameesk sa seldsum dat it amper foarkomt. Yn it ferline waarden yn Noard-Fjetnam troude froulju wol oansprutesen by harren famkesnamme (efternamme), mei de middelnamme Thị as in efterheaksel. Tsjintwurdich komt it eins inkeld noch by dokters foar dat se by de famyljenamme oansprutsen wurde, al is dat yn Noard-Fjetnam folle gongberder as yn Súd-Fjetnam. Nei ekstreem ferneamde minsken wurdt soms ferwiisd mei de famyljenamme. Sa wurdt Hồ Chí Minh faak bác Hồ ("omke Hồ") neamd (hoewol't Hồ Chí Minh eins in skûlnamme is en syn wiere famyljenamme Nguyễn wie). Oare foarbylden binne de muzikant Trịnh Công Sơn, dy't wol nhạc Trịnh ("muzyk Trịnh") neamd wurdt, en Hồ Xuân Hương, dy't oantsjut wurdt as nữ sĩ họ Hồ ("de dichteresse mei de famyljenamme Hồ").

Fjetnameeske middelnammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte Fjetnamezen hawwe mar ien middelnamme, mar it is frij gongber om twa of mear middelnammen te hawwen of sels om hielendal gjin middelnamme te hawwen. Yn it ferline waard de middelnamme faak troch de âldelju útsocht út in tige beheind skala fan mooglikheden. Frijwol alle froulju hiene Thị (氏) as middelnamme, en de middelnamme fan in soad manlju wie Văn (文). Yn 'e moderne tiid wurde der mear nammen as middelnamme brûkt, wylst froulju dy't de middelnamme Thị hawwe, dy soms út harren namme weilitte.

Thị is noch altyd fierwei de meast foarkommende froulike middelnamme. It is in wurd dat besitlikens útdrukt: Trần Thị Anh is bgl. in persoan dy't de foarnamme Anh en de famyljenamme Trần hat, wylst de kombinaasje Trần Thị safolle betsjut as "in froulik persoan dy't heart ta de famylje Trần. Manlike middelnammen dy't in protte foarkomme, binne: Văn (文), Hữu (友), Đức (德), Thành (誠), Công (公) en Quang (光).

De Fjetnameeske middelnamme kin trije funksjes hawwe:

  • It oanjaan fan 'e generaasje fan 'e drager. Bruorren en susters diele faak deselde middelnamme, dy't harren dan ûnderskiedt fan famyljeleden yn 'e foargeande en de neikommende generaasjes dy't mooglik deselde foarnammen hawwe.
  • It ûnderskieden fan tûken fan ien famylje troch it jaan fan deselde middelnamme oan 'e bern út ien húshâlding dy't harren dan ûnderskiedt fan harren neven en nichten. Foar dit doel kin de famkesnamme fan 'e mem brûkt wurde, mar dat is frij kontroversjeel om't de famkesnamme fan 'e mem in famyljenamme is en in persoan op dy wize dus twa famyljenammen kriget. Tradisjoneel heart de middelnamme eins earder in foarnamme te wêzen.
  • Om 'e posysje (folchoarder fan berte) fan in persoan yn 'e húshâlding fan syn âldelju oan te jaan. Dit gebrûk fan 'e middelnamme is yn it Fjetnameesk (oars as by foarnammen yn it Japansk) minder gongber.

De measte Fjetnameeske middelnammen hawwe hjoed oan 'e dei lykwols gjin funksje. Se kinne in betsjutting hawwe of gewoan in oangename klank dy't goed past by de famyljenamme en de foarnamme.

Fjetnameeske foarnammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarnammen wurde yn Fjetnam keazen troch de âldelju en hawwe ornaris in letterlike betsjutting yn it Fjetnameesk. Sa ferwize se faak nei skientme of moaie dingen, lykas fûgels of blommen, of tsjutte se attributen en karaktertrekken oan dy't de âlden graach yn harren bern sjen soene, lykas beskiedenens (Khiêm, 謙).

Formeel wurdt de middelnamme oer it algemien sjoen as hearrend by de foarnamme. As der offisjele formulieren ynfolle wurde moatte, binne der almeast twa hokjes foar de namme: ien foar de famyljenamme en ien foar de middel- en foarnamme. Dus in namme as Đinh Quang Dũng wurdt yn twa stikken brutsen: Đinh, de famyljenamme, en Quang Dũng, de middel- en foarnamme. Yn it aldendeiske spraakgebrûk wurdt lykwols yn 'e regel inkeld de foarnamme brûkt as men mei of oer immen praat, dus yn dit gefal Dũng, eventueel foarôfgien troch in oansprekfoarm lykas 'de hear', 'menear', 'frou', 'juffer', 'omke', 'muoike', ensfh., ôfhinklik fan 'e leeftyd fan 'e persoan yn kwestje en syn of har maatskiplike posysje. Inkeld yn 'e meast formele sitewaasjes is dat net sa, en by dy gelegenheden wurdt gebrûkt makke fan 'e folsleine namme fan in persoan, dus ynkl. famyljenamme, middelnamme en foarnamme. Mar soks komt mar selden foar. Oer it algemien wurde de lju sels yn formele fermiddens oansprutsen mei de foarnamme.

Om in foarbyld te jaan, Nguyễn Tấn Dũng, in eardere premier fan Fjetnam, hat de famyljenamme Nguyễn, de middelnamme Tấn en de foarnamme Dũng. Yn hast alle sitewaasjes wurdt hy oansprutsen en wurdt nei him ferwiisd as dhr. Dũng, en net as dhr. Nguyễn Tấn Dũng, en al hielendal net as dhr. Nguyễn. Krektsa wurdt nei Võ Nguyên Giáp, in ferneamde oarlochsheld út 'e Fjetnamoarloch, ferwiisd as generaal Giáp, en net as generaal Võ.

Dit gebrûk fan 'e foarnamme stiet yn skril kontrast ta it nammegebrûk yn in protte oare kultueren, dêr't yn formele sitewaasjes krekt de famyljenamme brûkt wurdt. It komt lykwols fierhinne oerien mei it nammegebrûk yn it Iislânsk en, oant op beskate hichte, yn it Poalsk. In oar ferlykber gebrûk is it oansprekken fan manlju mei in hege maatskiplike status mei de foarnamme foarôfgien troch de earetitel don, sa't yn Itaalje, op it Ibearysk Skiereilân en yn Latynsk-Amearika wol dien wurdt.

Benammen yn Noard-Fjetnam wurde âldelju tradisjoneel wol oansprutsen troch de foarnamme fan harren âldste bern te brûken: "menear en mefrou Anh" of "master Minh". Binnen húshâldings wurdt soms nei bern ferwiisd troch harren getal yn 'e folchoarder fan berte te neamen, yn it noarden begjinnend mei 1, mar yn it suden mei 2. Dy praktyk rekket tsjintwurdich yn it neigean, fral yn it noarden.

Dûbele foarnammen binne benammen ûnder froulju tige gongber. Fral oan 'e hiel faak foarkommende famkesnamme Kim wurdt faak noch in twadde foarnamme taheakke. It bekende oarlochsslachtoffer út 'e Fjetnamoarloch Phan Thị Kim Phúc (it "Napalmfamke"), bygelyks, hat de famyljenamme Phan, de middelnamme Thị en de foarnammen Kim en Phúc.

Alfabetisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it gearstallen fan ynhâldsopjeften en kategoryen moatte Fjetnameeske nammen, neffens it gesachhawwende Chicago Manual of Style, opnommen wurde as: "foarnamme, famyljenamme-middelnamme", mei eventueel in trochferwizing by de "famyljenamme-middelnamme-foarnamme". Dus Nguyễn Tấn Dũng soe opnommen wurde as "Dũng, Nguyễn Tấn", Võ Nguyên Giáp as "Giáp, Võ Nguyên", en Phan Thị Kim Phúc as "Kim Phúc, Phan Thị".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.