Springe nei ynhâld

Etiopyske hazze

Ut Wikipedy
Etiopyske hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus fagani
Thomas, 1903
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Net te betiizjen mei de Abessynske hazze, in oare hazzesoarte.

De Etiopyske hazze (wittenskiplike namme: Lepus fagani) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Yn 'e mande mei de savannehazze (Lepus victoriae) foarmet dit bist it ûnderskaai fan 'e savannehazzen (Sabanalagus). De Etiopyske hazze is in middelgrutte hazzesoarte, dy't inkeld foarkomt yn westlik Etioopje. Der is net folle oer it hâlden en dragen fan dit bist bekend. De Etiopyske hazze moat net betize wurde mei de Abessynske hazze (Lepus habessinicus) of de Etiopyske heechlânhazze (Lepus starcki), twa oare hazzesoarten dy't yn 'e Hoarn fan Afrika foarkomme. De IUCN klassifisearret de Etiopyske hazze as net bedrige.

De Etiopyske hazze waard foar it earst yn 1903 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske mammalooch Oldfield Thomas. Dyselde joech it bist de wittenskiplike namme Lepus fagani, nei Charles E. Fagan, dy't de assistint-sekretaris fan it bestjoer fan it Britsk Natoerhistoarysk Museum yn Londen wie. De taksonomyske skiednis fan dit bist is tige betize.

Yn 1959 waard de Etiopyske hazze troch de Frânske soölooch Francis Petter beskreaun as in ûndersoarte fan Lepus crawhayi, dat no sels as in ûndersoarte fan 'e savannehazze (Lepus victoriae) beskôge wurdt. Yn 1964 befêstige A.A. Goerejev dy yndieling. Yn 1972 suggerearren Gordon Barclay Corbet en Derek Yalden dat de Etiopyske hazze mooglik itselde bist wie as Lepus whytei, dat no ek as in ûndersoarte fan 'e savannehazze sjoen wurdt. Petter kaam yn 1963 op syn eardere taksonomy oangeande de Etiopyske hazze werom en dielde it bist doe yn as in ûndersoarte fan 'e Abessynske hazze (Lepus habessinicus).

Yn 1987 kaam Maria Luisa Azzaroli-Puccetti ta de konklúzje dat it hielendal gjin ûndersoarte, mar in aparte soarte wie. Hoewol't de measte saakkundigen it dêr tsjintwurdich mei iens binne, skreaune John E.C. Flux en Renate Angermann yn 1990 dat de Etiopyske hazze "wierskynlik" in ûndersoarte fan 'e savannehazze of de strûkhazze (Lepus saxatilis) wie. De Kingdon Field Guide for African Mammals, fan Jonathan Kingdon út 2015, behannelet de Etiopyske hazze as in ûndersoarte fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis). In ûndersyk út 2017 nei it mitogondriaal DNA fan 'e Etiopyske hazze liket te suggerearjen dat it wis wol in aparte soarte is, dy't himsels frij resint ôfskaat hat fan 'e Abessynske hazze.

De Etiopyske hazze is yn syn fersprieding beheind ta westlik Etioopje, dêr't er foarkomt op savannes, mar ek yn it Etiopysk Heechlân en yn 'e Grutte Slink. Der libbet in grutte populaasje om 'e iggen fan 'e Tanamar hinne. Der binne ûnwisse waarnimmings fan 'e Etiopyske hazze optekene yn súdeastlik Sûdaan en it uterste noardwesten fan Kenia. It areaal fan 'e Etiopyske hazze oerlapet mei dat fan twa besibbe hazzesoarten: de Abessynske hazze (Lepus habessinicus) en de Etiopyske heechlânhazze (Lepus starcki). Abessynje is in âlde namme foar Etioopje. De trije soarten moatte net betize wurde.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Etiopyske hazze is in middelgrutte hazzesoarte mei trochinoar in kop-romplingte fan 45–54 sm en in sturtlingte fan 5–8,2 sm. De tichte en rûge pels is op 'e rêch brún oant bêzje mei swarte hierren dertrochhinne, en op 'e bealch wyt. Op 'e kop is it hier dûnkerder as op 'e rêch. De relatyf lange sturt is fan boppen swart en fan ûnderen wyt oant krêmkleurich. De earen, dy't ek krêmkleurich binne, hawwe in lingte fan 8,1–9,5 sm en binne dêrmei middelgrut foar in hazze. Se hawwe in tinne swarte binnenrâne. De efterpoaten mjitte 9–11 sm.

De Etiopyske hazze libbet op savanne en iepen gerslân, yn steppes, oan wâldsiggen en op iepen plakken yn it wâld. Dit bist jout de foarkar oan gebiet dat ferhâldingsgewiis minder iepen en mear begroeid is as wat de Abessynske hazze (Lepus habessinicus) it leafste hat. De foarkarren fan 'e Etiopyske hazze komme mear oerien mei dy fan 'e savannehazze (Lepus victoriae) yn Kenia. Yn it Etiopysk Heechlân komt de Etiopyske hazze foar oant hichten fan 2.500 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen fan 'e Etiopyske hazze, syn ekology, fretten en syn fuortplanting is neat bekend. Men mei oannimme dat dy net sa bot ferskille sille fan dy fan besibbe hazzesoarten. Wol is waarnommen dat de bûnte hyena (Crocuta crocuta) in wichtige natuerlike fijân fan 'e Etiopyske hazze is. It liket foar de hân te lizzen dat ek de Abessynske wolf (Canis simensis) in rôfdier is dêr't dit bist foar oppasse moat.

De Etiopyske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Lykwols is de hjoeddeistige populaasjetrend fan dizze soarte ûnwis. Etiopyske hazzen komme yn elts gefal foar yn twa beskerme natoergebieten: it Nasjonaal Park Abijatta-Shalla en it Nasjonaal Park Gambela.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.