Etiopyske heechlânhazze
Etiopyske heechlânhazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus starcki | ||||||||||||
Petter, 1963 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
- Net te betiizjen mei de Etiopyske hazze, in oare hazzesoarte.
De Etiopyske heechlânhazze (wittenskiplike namme: Lepus starcki) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei û.o. de (gewoane) hazze (Lepus europaeus) heart dizze soarte ta it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). De Etiopyske heechlânhazze komt inkeld foar yn it Etiopysk Heechlân yn sintraal Etioopje. It is in herbivoar dy't foarhinne as in ûndersoarte fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis) sjoen waard. De IUCN klassifisearret de Etiopyske heechlânhazze as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Etiopyske heechlânhazze waard yn 1963 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Francis Petter. Dyselde miende dat it in ûndersoarte fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis) wie, mar yn 1983 stelde syn kollega Renate Angermann fêst dat it om in selsstannige soarte gie. Yn 1987 befêstige Maria Luisa Azzaroli-Puccetti dat de Etiopyske heechlânhazze in aparte soarte wie, mar sy hold it derop dat it fan oarsprong in primitive foarm fan 'e gewoane hazze (Lepus europaeus) west hie, dy't nei in ynterglasiaal troch de útwreiding fan gletsjers fêst kommen wie te sitten yn it Etiopysk Heechlân. Dêr soe dit bist him doe yn isolaasje ta in aparte soarte ûntwikkele hawwe. Sûnt hawwe ek oare soölogen, dy't ûndersyk nei dit bist dien hawwe, de Etiopyske heechlânhazze as in selsstannige soarte erkend, wêrmei't der in wittenskiplike konsensus ûntstien is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn fersprieding is de Etiopyske heechlânhazze beheind ta it sintrale Etiopysk Heechlân. Spesifiker komt dit bist foar op it sintrale plato fan 'e eardere provinsje Shoa en yn 'e bergen fan 'e eardere provinsjes Bale en Arsi. Hy ûntbrekt lykwols yn 'e Grutte Slink, dy't de bergen fan dy lêste beide provinsjes faninoar skiedt. Alle trije neamde provinsjes hearre tsjintwurdich ta de regio Oromia.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Etiopyske heechlânhazze is in middelgrutte hazze. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 46–60 sm, mei in sturtlingte fan 7–12 sm en in gewicht fan 2–31/2 kg. De earen hawwe in lingte fan 10–111/2 sm, wylst de efterpoaten 8,8–12 sm yn lingte mjitte. De pels is op 'e rêch, de kop en it grutste part fan 'e siden ljochtgriis, mei swarte hierren dertrochhinne, wat hast persiis de kleur is fan rotsen yn it ferspriedingsgebiet. Midden oer de siden rint fan it foarliif nei it efterliif in brede swarte streek. De bealch en oare ûnderste dielen fan it lichem binne krêmkleurich oant wyt, en de sturt is hielendal wyt. De Etiopyske heechlânhazze liket dêrmei sterk op 'e Abessynske hazze (Lepus habessinicus), dy't ek yn 'e Hoarn fan Afrika foarkomt.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kwa biotoop is de Etiopyske heechlânhazze beheind ta heide en gerslân yn 'e bergen. Hy komt foar op in hichte fan 2.500 oant 4.000 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etiopyske heechlânhazzen binne herbivoare bisten, dy't benammen gerzen frette, lykas strúsgers (Agrostis), guozzegers (Eleusine), festûka (Festuca), fonteingers (Pennisetum) en miedgers (Poa). Sels stiet de Etiopyske heechlânhazze op it menu foar de Abessynske wolf (Canis simensis), fan wa't it dieet nûmeryk foar 1,6% út Etiopyske heechlânhazzen besiet (dus 1,6 Etiopyske heechlânhazzen op 100 proaien), mar rekkene neffens gewicht foar 11,6%. In oar rôfdier wêrfan't bekend is dat it Etiopyske heechlânhazzen fret, is de savanne-arend (Aquila rapax). Oer de fuortplanting fan 'e Etiopyske heechlânhazze is net folle bekend. De moerhazze smyt ien nêst jongen yn 't jier, en dat bart yn 'e drûge tiid.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Etiopyske heechlânhazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er nettsjinsteande syn beheinde fersprieding noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|