Dylan Ryder
Dylan Ryder | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Dylan Katz, Dylan Rider, Lanna | |
echte namme | Shannon Lybarger | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 febrewaris 1981 | |
berteplak | Fresno (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Italjaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2004 – 2005 & 2008 – 2016 | |
offisjele webside | ||
www.dylanryder.com |
Dylan Ryder, echte namme: Shannon Lybarger (Fresno (Kalifornje), 23 febrewaris 1981), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise en earder sportster fan mingd Dútsk-Italjaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Lanna en Dylan Katz. Har úteinlike artystenamme waard ek wol misstavere as Dylan Rider. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m, mei in gewicht fan 62 kg en kupmaat 36D, dy't se krige troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Har artystenamme Dylan foel har op doe't se ris in neakenblêd trochblêdere, wylst "Rider" in wurdspiling is op it Ingelske ride her ("beriid har"), dat hàst krekt-en-gelyk útsprutsen wurdt.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dylan Ryder waard yn 1981 berne yn 'e stêd Fresno, yn 'e steat Kalifornje. Fan har achtste oant en mei har middelbere-skoaltiid die hja oan wedstrydswimmen en oan wetterpolo. Neffens eigen sizzen wie se as jong famke in flirt en wie se sljocht nei oandacht. Op har achttjinde, nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, ferfear se nei de sintrale kust fan Kalifornje, dêr't se ferpleechster waard, en letter in diplomearre ferslavingsbegeliedster op it mêd fan drugs- en alkoholferslaafden yn Kalifornyske finzenissen.
Pornokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2003 rekke Ryder fasinearre troch de neakenfotografy yn in eksimplaar fan it neakenblêd Penthouse. Mei't it har wat taliek dat se sels ek wol dwaan woe, sette se útein mei in karriêre as neakenmodel. It jiers dêrop, doe't se 23 jier wie, makke se har pornodebút foar de webside Reality Kings. Nei sân moanne kearde se de pornoyndustry de rêch ta, doe't se de kâns krige om sipier te wurden yn in tichthûs yn Arizona. Dêr wurke se trije jier, foar't se yn july 2008 weromkearde nei Kalifornje. Nei't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hie, pakte se doe har pornokarriêre wer op.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Ryder ûnder har karriêre yn totaal yn mear 150 pornografyske films, wêrûnder sawol hurde pornografy as sêfte pornografy. Se wurke û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Penthouse, New Sensations, Zero Tolerance, Pure Play Media, Vivid Entertainment, Score, Shane's World, Sin City, Adam & Eve, Digital Sin, Devil's Film, Platinum X Pictures, Jules Jordan Video en Wicked Pictures, en teffens foar de Jeropeeske studio Private. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Reality Kings, Brazzers en Muffia. Yn maart 2011 sleat se in eksklusyf kontrakt ôf mei de lytse studio Bluebird Films.
Ryder spile guon opmerklike rollen, wêrûnder dy fan 'e superheldinne Catwoman yn 'e film Katwoman XXX (2011); realitytillefyzjekeninginne Kim Kardashian yn Keeping It Up for the KardASSians 2 (2011); dy har jongere suster Kourtney Kardashian yn Keeping It Up for the KardASSians (2009); Sammi Sweetheart út 'e MTV-searje Jersey Shore yn Jersey Shore XXX: A Porn Parody (2010); en Jules Cobb út 'e komeedzjesearje Cougar Town (in rol fan aktrise Courteny Cox) yn This Ain't Cougar Town XXX (2011). Ryder sleepte yn 2011 twa nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht, en yn 2012 noch ien.
Njonken har aktearwurk gie se ûnderwilens ek troch mei posearjen foar in grut ferskaat oan neakenblêden. Yn 2011 waard Ryder troch it tydskrift Complex it 52ste plak taparte yn 'e Top 100 Hottest Porn Stars. Yn febrewaris 2012 brocht se yn gearwurking mei seksboartersguodmerk Fleshlight in rige helpstikken op 'e merk dy't foarmjûn wiene yn 'e likenis fan har mûle (Dylan Ryder Swallow), fagina (Dylan Ryder Lotus) en anus (Dylan Ryder Forbidden). Yn april datselde jiers wie Ryder ien fan 'e presintators fan 'e útrikking fan 'e XRCO Awards. In moanne dêrnei kundige oan dat se har weromloek út 'e pornoyndustry. Se is sûnt lykwols by de pornowrâld (en by har fans) belutsen bleaun fia har offisjele webside (dylanryder.com), dêr't se noch altyd folop oanwêzich is.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ryder hat twa jongere susters, de twilling Jocelyn en Jillian Lybarger, dy't yn Amearika bekend wurden binne as in mixed martial arts-fjochtsportduo. Neffens eigen sizzen mei Ryder graach reizgje, ferdivedaasjeparken besykje, sinnebaaie oan it strân, swimme en wierbarde misdieferhalen lêze. Nettsjinsteande har eardere karriêre, dy't by in protte pornoaktrises de kontakten mei de neiste famylje ûnder druk set, ûnderhâldt Ryder goede en nauwe bannen mei har âldelju en susters. Yn 2010 wenne hja yn Orange County, ûnder de reek fan Los Angeles.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2011 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Julia Ann, Natasha Marley, Bobbi Starr, Paul Chaplin, Billy Glide, Tommy Gunn en Will Powers) | Bonny & Clide |
nominearre | ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | milf-webside fan it jier (foar DylanRyder.com) | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | ûnderwurdearre sirene | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste pornostjerwebside (foar DylanRyder.com) | n.f.t. |
Xbiz Award | nominearre | aktearprestaasje fan it jier fan in aktrise | Katwoman XXX | |
nominearre | pornostjerwebside fan it jier (foar DylanRyder.com) | n.f.t. |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Dylan Ryder
- (in) Biografy en filmografy fan Dylan Ryder yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Dylan Ryder yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|