Springe nei ynhâld

Duerswâld (krite)

Ut Wikipedy
Duerswâlderadiel yn Stêd en Lân yn 1789

Duerswâld (Nederlânsk: Duurswold of Woldstreek) is in krite yn it midden fan Grinslân. De krite wie oant 1798 in ûnderkertier fan Fivelgoa. De omfieming fan de krite komt foar it grutste part oerien mei de eardere gemeente Slochteren (1826-2018). Troch it graven fan it Iemskanaal om 1870 hinne en de letter ûntjouwings fan de gemeenten Grins en Hegesân-Sappemar hawwe der in pear grinskorreksjes west.

De Paauwen fan it Ofwetteringskanaal ôf
Gea fan Duerswâld by de Paauwen

It gea wurdt foarme troch in bôchfoarmige rêch fan balstien en deksân dêr't acht lintdoarpen op fêstige binne: Harkstede, Scharmer, Kolham, Froombosch, Slochteren, Schildwolde, Hellum en Siddebuorren. Sân fan dy doarpen wiene selsstannige karspels, wylst de achtste, Froombosch, dat net wie. Duerswâld waard bytiden ek wol ris Sânwâlden (Zevenwolden) neamd.

Yn de leger lizzende bûtengebieten binne njoggentjinde iuwske doarpen Lageland, Overschild, Steendam, Tjuchem en Woudbloem, fierder de buorskippen en útbuorrens Bokhörn, Borgweg (foar in part), Denemarken, Eelshuis, Foxham, Gaarland, Graauwedijk, De Hammen, Heidenschap, Klein Harkstede, Langewijk, Leentjer, De Paauwen, Roeksweer, Ruiten, Schaaphok, Veendijk en Wilderhof. De wierde fan Blokum en it klaaidoarpke Luddeweer waarden pas nei it graven fan it Iemskanaal om 1870 hinne by Duerswâld foege.

De namme Duerswâld docht ynearsten tinken oan in boskryk gea, dochs yn werklikheid is is it in gea fan feangebiet mei feanboskjes. Dy boskjes binne lykwols alhiel ferdwûn troch ferskate ruilferkavelings dy't ta in iepen gea late dêr't grutskalige lânbou dien wurdt. De kite is te beskriuwen as in streekdoarpegea yn in oergongsgebiet fan fean nei sân. Yn it noardeasten is benammen klaai op fean.

De hegere rêgen waarden as it earste bewenne. Dy gebieten waarden brûkt om it omlizzende leechfean oan te meitsjen. De grûn is almeast yn smelle opstrekkende stikken lân ferkavele. De ferkaveling begjint oan de dyk dêr't de doarpen Harkstede, Kolham en slochteren oan lizze en einiget yn it leger lizzend feangebiet fan de Scharmer en Slochter Ae. Nei it noarden ta lizze Schildwolde, Hellum en Siddebuorren. De opstrekkende ferkaveling rint dêr nei de Skyldmar en stiet heaks op de rêgen.

Duerswâld komt yn 1406 foar as Duirtswold, yn 1428 as Diurdiswolde, yn 1435 as Dyurdtswold yn 1457 as Dyerdtswolt, yn 1486 as Duyrdeswolde en yn 1506 as Duyrs-wolde. Neffens Grinslanner taalkundige Wobbe de Vries kaam de namme fan it Aldfryske diar (dier/bist) itjinge nei de wylde bisten yn it lânoanmakkerijgebiet ferwize soe. Oaren tinke oan de persoansnamme Diurt en de famyljenamme Diurdisma (1326). Mooglik komt de namme fan de lânoanmakkerijdelsetting Diurardasrip, dy't om 1000 hinne neamd waard, mei as betsjutting "râne, ouwer, stripe lân" fan de persoan Diurid. Letter wolt "sompich bosk/wâld' fan Diurid. De namme fan it Fryske doarp Duerswâld hat faaks deselde betsjutting. De bewenners fan de klaaigebieten yn it noarden ferwiisden nei de bewenners fan Duerswâld as Woldjers.

Duerswâld bestie ynearsten út in sompich feangea ("wâld") dy't fan de tsjiend iuw ôf stadichoan oanmakke waarden. De measte bewenners fêstigen harren ynearsten op de deksânrêch dy't skaaimerke waard troch lytse ikkers mei houtwâlen. It sintrale part fan Duerswâld bestie dêrfoaroer iuwenlan út leechlizzend miedlân. Yn it efterlân wiene noch yntakte lagen heechfean dy't fan de sechtjinde iuw ôf oanmakke waarden. It gebiet súdlik fan Siddebuorren dy't hjoed-de-dei goed in meter ûnder seenivo leit, lei doe noch heger en waard dus ek net troch de Doalert ûnderstrûpt.

De earste bewenners kamen fan ferskate kanten. De âldste delsettings wiene nei alle gedachten rânefeanterijene by Bouwerschap (Ten Boer), De Paauwen, Tjuchem en Meedhuizen. Grutskalige lânoanmakkerij waard dien fan de ouwers fan de Slochter Ae en de Klaaisleat by Harkstede ôf, dêr't kolonisten by de Skyldmar del wei fierder it lân yn lutsen. De delsettings foarmen lang om let twa heale sirkels om dy rivierkes, skaat rroch de benningsleat dy't de westgrins fand e oanmakkerijen om Slochteren hinne oantsjutten. De oanmakkers fan Schildwolde, Slochteren, Kolham en Scharmer kamen nei alle gedachten út Witewierrum en Ten Post, dy fan Harkstede út de omkriten fan Woltersum.

Om Siddebuorren hinne kamen de kolonisten út it narden wei, wylst se yn Oostwold faaks fan de ouwers fan de Sijpe ôf úteinsetten. Hellum waard it lêste dien. Dat doarp waard út de omkriten fan Garrelsweer wei oanmakke, mar letter ta it dekanaat Farmsum foege. De grinzen tusken de dekanaten Loppersum en Farmsum foel letter mank mei de grins tusken schildwolde ne Hellum. Troch it ôfdamjen fan de Skyldmar oer de Garrelweerstermar en letter De Groeve koe de wetterstân yn it gebiet in ein ferlege wurde.

De haadlinen fan it lân oanmeitsjen wie ynearsten rjochte op de oriïntaasjepunten as de tsjerken fan Loppersum en Thesinge en de wierde fan Marsum, liket it nije lân benammen fan de ouwers fan it Skyld ôf úteinset west te hawwen. De kolonisten fêstigen harren ynearsten al fluch op de wetterskieding dy't de omliizend edeksânrêgen markearren. It gânse gebiet wie mei in meters tsjokke feanlaach bedutsen, dy't stadichoan fertarre. Fan de trettjinde iuw ôf wie der oanboazjende wetteroerlêst. Om dat tsjin te gean waarden d eGraauwedijk en de Borg by Tjuchem oanlein. Lang om let waard it gebiet noardlik fan de Skyldmar en om Tjuchem hinne foar it grutste part ferlitten en tsjinne as miedlân foar de wierdedoarpen yn it noarden.

De tsjerke fan Slochteren die tsjinst as haadplak fan súdlik Duerswâld, dêr't it seendrjocht útsprutsen waard. Kolham waard út Slochteren wei stifte wylst Scharmer him wer fan Kolham ôfspjalte. It gebiet fan Harkstede, Klein Harkstede, Heidenschap en Lageland foarme in ôfsûndelik oanmakkerijblok, dy't ynklamme lei tusken de âlde oanmakkerijen fan Garmerwolde en Slochteren. It wetter út dat gebiet streamde oer de Klaaisleat nei de Fivel by Woltersum. Letter waard dat wetter, tegearre mei it ôfwetterjen fan de Scharmer Ae, oer it Lustigemaar en it Westerwijtwerdermaar in skoft nei it westen ta laat, oan it Scharmersylfest om 1300 hinne oansleat by it Generale Sylfest fan de Trije Delfsilen.

It lânoanmeitsjen waard nei alle gedachten laat troch aadlike lagen dy't in grutte gebieten besieten en goede relaasjes mei hegere wrâldlike en geastlike ynstânsjes hiene. Elts doarp hie fan de trettjinde iuw ôf ien as mear stinzen mei in dûbele heerd, dêr't de haadlingefamyljes wennen, dy't op ien as oare manier fan de oanmakkers ôfstammen. De omkriten fan Siddebuorren hie goede bannen mei de hearen fan Farmsum en ynearsten ek mei de abdij fan Werden, dy't dêr grutte lapen grûn yn besit hiene. Yn Slochter wennen de famyljes Hagginga en letter Fraeylema en yn Hellum de Menalda's. It oanmeitsjen fan súdlik Duerswâld stie mooglik ûnder lieding fan de foarâlden fan de Snelgera's fan Scharmer, dy't parten fan de doarpen Scharmer, Kolham, Slochteren, Witewierrum en Woltersum yn 1266 en 1323 yn lien hene fan de greve fan Bentheim. Dy wiene wer it neiteam fan de greven fan Mid-Fryslân dy't dêre yn de alfde iuw harren macht hiene. Yn 1392 droech de greve fan Bentheim de rjochtspraak yn dy doarpen oer oan Clawes Schulte, in boarger fan Grins dy't ek haadling yn Scharmer en Woltersum wie. Letter waarden dy machtsposysjes ferurven oan de famylje Rengers fan Scharmer en ten Post. De afmylje Rengers hie letter ien as twa stinzen en lânguod om Blokum en Roeksweer hinne. Ek it lân tusken de Scharmer en Slochter Ae wie yn harren besit.

Yn 1435 wurke Duerswâld as in selsstanige krite. In dokumint fan 1437 neamt de haadlingen, rjochters en meene meente.

Fraeylemaboarch
Gemeente Slochteren yn 1867, dy't suver de krite Duerswâld omfieme

Yn de santjinde en achttjinde iuw wie Duerswâld benammen in isolearre en wetteryk gebiet mei almeast ienfâldige boeren, dy't foar it ferkear mei Appingedam en Grins benammen ôfhinklim fan de skipfeart wiene. Der wennen lykwols ek guon rike boerelagen. Yn de measte doarpen stiene ien as mear bûtenpleatsen. De famylje Rengers, dy't op de Fraeylemaboarch wennen, hie in soad ynfloed yn de krite. Harren besit waarden foar it grutste part ferurven oan Henric Piccardt, dy't om 1700 hear fan Slochteren, Kolham en Harkstede waard. De boarch kaam yn 1867 yn hannen an de otterdoks-herfoarme famylje Thomassen à Thuessink van der Hoop fan Slochteren dy't in goed iuw in soad ynfloed op it politike en sosjale libben yn Slochteren hiene. Yn Schildwolde wie de famylje Wijchel warber e yn Harkstede wenne sûnt 1818 de jonker Johan Hora Siccama op de boarch Klein Martijn. Fierder stien de guon bûtenpleatsen by it Wynskoaterdjip del.

Yn 1659 waard it Slochterdjip groeven, dêr't de ferbing nei Grins better troch waard. By de Krystfloed fan 1717 kamen guon minsken om it libben, dochs 145 hûzen rekken skansearre en ferdronken der 1100 kij (mear as in fearnspart fan gâns Grinslân) en 400 hynders (38%), benammen yn it leechlân om de Skyldmar hinne en yn Scarmer en Harkstede. Troch it bouwen fan poldermûnen om 1800 hinne kaam it gebiet stadichoan ta bloei. Ek troch it bedongjen fan it wetteryk miedlân mei wierdegrûn nei 1870 waard dy omfoarme ta fruchtber ikkerlân. It oprjochtsjen fan ierdappelmoal- en striekartonfabriken joech de lânbou i nije ympuls. Duerswâld die fan de ein fan de njoggentjinde iuw ôf suver in ynhelslach dêr't de boerestân him troch it foarbyld fan de heareboeren op de klaai ynspirearje liet. Ut dy snuorje komme in soad moumintale pleatsen en rintenierswenten. De noardlike doarpen wiene mear op it Aldamt rjochte, wylst de súdlike doarpen op de Feankoloanjes wiene.

By Scharmmer, Harkstede en Siddebuorren waarden fan it midden fan de achttjinde iuw waarden der feanterijen oanlein dêr't turf ôfgroeven waard. De measte houtwâlen en stikken bosklân waarden yn de njoggentjinde iuw fuorthelle.

Troch de ruilferkavelings yn de lêste desenniums is in iepen gea, dy't gaadlik foar grutskalige lânbou is, ûntstien.

Wetterhûshâlding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjouwer sylfesten holden harren eartiids dwaande mei it hûshâlden fan it wetter yn de krite fan Duerswâld: it Woldsylfest, Slochtersylfest, Scharmersylfest en Oostwoldersylfest. It Woldsylfest wie fan dy fjouwer it wichtichste, dy't ûnder oaren it wetterpeil fan de Skyldmar kontrolearre. Troch it oanlizzen fan it Iemskanaal (1866-1876) feroare de wetterôffier nei it noarden ta. Yn 1871 kaam it Ofwetteringskanaal fan Duerswâld dien dat dêrnei it ôfwetterjen fan de krite fersoarge. Yn 1871 waarden de fjouwer sylfesten gearfoege ta ien wetterskip Duerswâld dat oant 1986 bestie. Yn 1970 waarden in tal lytse wetterskippen by it wetterskip Duerswâld foege nei in wettrskipherfoarming dat jiers. Yn 1987 gie it wetterskip op yn it wetterskip Iemssylfest, dat yn 2000 troch it Iemskanaal opspjalte waard tusken de wetterskippen Noardersylfest en Hunze en Aa's.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: