Dragons: Gift of the Night Fury
Dragons: Gift of the Night Fury | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Tom Owens | |
produsint | Kate Spencer | |
útfierend produsint |
Dean DeBlois | |
senario | Adam F. Goldberg | |
basearre op | How to Train Your Dragon fan Cressida Cowell | |
muzyk | Dominic Lewis John Powell | |
filmstudio | DreamWorks Animation | |
distribúsje | Paramount Home Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Jay Baruchel America Ferrera | |
byrollen | Gerard Butler Craig Ferguson Christopher Mintz-Plasse Jonah Hill T.J. Miller Kristen Wiig | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
direkt op fideo | 15 novimber 2011 | |
foarm | koarte tekenfilm | |
sjenre | histoaryske fantasy- aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 22 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | How to Train Your Dragon |
Dragons: Gift of the Night Fury, ek wol koartwei Gift of the Night Fury neamd, is in Amerikaanske koarte kompjûteranimearre histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2011 ûnder rezjy fan Tom Owens, mei yn 'e haadrollen Jay Baruchel en America Ferrera. De titel betsjut "Draken: Geskink fan 'e Nachtfuery". De film hat in spyldoer fan 22 minuten en heart ta de How to Train Your Dragon-franchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e filmsearje folget Dragons: Gift of the Night Fury koart nei de lange film How to Train Your Dragon (2010). It ferhaal folget de Wytsingen fan Berk as se risselwearje foar harren tradisjonele midwinterfiering Snoggletog. De draken dêr't se koartby nei in lange oarloch frede mei sletten hawwe, naaie lykwols ynienen massaal út, en dan merke de Wytsingen hoefolle oft se yn koarte tiid oan 'e bisten begûn binne te hingjen. Dragons: Gift of the Night Fury, dat beskôge wurde kin as in pseudo-krystfilm, waard direkt-op-fideo útbrocht.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it ôfhandige eilân Berk treffe de Wytsingen risselwaasje foar it oankommende midwinterfeest Snoggletog. Se sjogge der bot nei út om 'e feestdagen foar it earst yn frede troch te bringen, nei't de al generaasjes duorjende oarloch mei de draken troch tadwaan fan Hik, de soan fan haadman Stompum de Mânske, einlings en te'n lêsten beëinige is. Ier op 'e moarn knipe Hik en syn draak, de nachtfuery Toskeleas, der tuskenút om in ein te fleanen. Krekt dy deis fleane der in protte draken oer, en de draken dy't no by de Wytsingen op Berk libje, pike allegearre út om har by dy swaarm te jaan. Hik en Toskeleas komme de draken tsjin ûnderweis werom nei Berk, en troch in mar kwealk mijde botsing yn 'e loft rekket Hik syn hoarne helm kwyt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Net ien fan 'e Wytsingen hat ek mar it flauste idee wêr't de draken hinne geane en se binne bot teloarsteld oer de ôfreis. Se merke dat se har yn koarte tiid sterk oan 'e bisten hechte hawwe, sadat in Snoggletog sûnder draken har no net bot mear oanlokket. De iennichsten dy't der net mei ompakke, binne Hik, waans draak Toskeleas troch in ôfbrutsen sturtfin net mear selsstannich fleane kin, en, frjemd genôch, Fiskepoat Ingerman. Nei't syn faam Astrid Hik derop wiisd hat dat Toskeleas net efter de oare draken oan kin al soed er it wolle, lit dy gedachte Hik net mear los. Hy fynt dat it krekt is as hâldt er syn maat Toskeleas finzen, dat hy ûntwerpt in strurtfinproteze mei in selswurkjend meganisme, sadat Toskeleas wer sûnder him fleane kin. Sadree't er him de proteze ombynt, fljocht Toskeleas ek fuort. Dat wie no ek wer net de bedoeling, mar Hik leit him derby del.
Trije dagen letter is der noch gjin spoar fan 'e draken en liket de fiering fan Snoggletog dit jier op in rare mislearring út te rinnen. De iennichste bewenner fan Berk dy't noch altyd like snipper is as altyd, is Fiskepoat. Hik stiet it op 't lêst net, dat hy folget Fiskepoat temûk nei in skuorre as dyselde mei in mânske koer fisk omrint. As Hik dêr nei binnen giet nei't Fiskepoat wer ôfset is, ûntdekt er dat Fiskepoat syn draak Fleisblok dêr oan it tsjoar lein hat. Troch de iepensmiten skuordoarren sjocht Fleisblok syn kâns skoan om te ûntsnappen. Hy skuort it keatling los en fljocht mei feart en faasje fuort, wêrby't er by fersin Hik, dy't net fluch genôch oan 'e kant springt, skept, meisleept en alsa by fersin ûntfiert.
Astrid en de feralterearre Fiskepoat, en harren freonen Snotbongel en Skoarre en Moarje, fine neitiid tusken it strie yn 'e skuorre in stikmannich aaien. Se beseffe dat Fleisblok, fan wa't se altyd tocht hiene der er in mantsje wie, eins in wyfke wêze moat. No't alle draken fuort binne en der net folle hoop bestiet dat se foar Snoggletog noch wer weromkomme sille, kriget Astrid it lumineuze idee om 'e ôfdijer wat goed te meitsjen troch de aaien fan Fleisblok as presintsjes yn alle huzen op Berk te ferstopjen.
Underwilens fljocht Fleisblok mei Hik nei in ûnbewenne eilân mei waarmwetterboarnen, dêr't alle fuortfleine draken blike te wêzen, útsein Toskeleas, fan wa't noch altyd gjin spoar is. It docht bliken dat de draken dêrhinne gien binne om har fuort te plantsjen. Alle wyfkes hawwe nêsten aaien lein, dy't se nei ferrin fan tiid yn 'e waarmwetterboarnen rûgelje litte. Dêr komme de aaien op eksplosive wize út, mar ûnder wetter smyt dat gjin gefaar op. As Hik tsjûge is fan it útkommen fan in aai dat by fersin boppe wetter lizzen bleaun is, fersucht er dat it mar goed is dat der gjin aaien op Berk binne, om't dat ta in ramp liede soe. Op Berk begjinne koart dêrnei de aaien fan Fleisblok út te kommen, wêrby't troch tadwaan fan Astrid-en-dy alle wenten op it eilân swiere skea oprinne. De drakejongen dy't op dy wize te wrâld komme, binne dan wol wer skattich.
Op it eilân mei de waarmwetterboarnen fynt Hik Stoarmmich, de draak fan Astrid, en Heaktosk, de draak fan Snotbongel, werom, dy't allebeide in nêst drakejongen by har hawwe. Hy freget Heaktosk oft dy him net nei hûs bringe wol, en dat wol de draak nei't it skyn wol, mar ûnbedoeld jout Hik mei dat fersyk it sein foar de werommigraasje nei Berk. It docht bliken dat de drakejongen noch net fleane kinne, mar dêr betinkt Hik wat op.
Op it heal ferrinnewearre Berk nimme ûnderwilens haadman Stompum de Mânske en smid Rachelman Krôk de skea op. Se stelle fêst dat it in ramp is. Wylst se noch oerlizze oer hoe no fierder, arrivearje Hik en de draken wer thús, dy't in oan touwen optild skipswrak brûkt hawwe as koer om 'e drakejongen yn te ferfieren. De Wytsingen fan Berk binne de wrâld te ryk om har draken werom te hawwen. De iennichste dy't net yn 'e blydskip diele kin, is Hik, om't Toskeleas noch altyd net wer te plak is. Dy jûns, wylst de Snoggletogfiering yn folle gong is, komt Toskeleas lykwols dochs noch opdaagjen mei Hik syn ferlerne en folslein ûnderflybke helm yn 'e bek, dy't er Hik stevich op 'e plasse set.
De oare deis bringt Toskeleas syn âlde proteze by Hik, dêr't er inkeld mei fleane kin as Hik mei giet. Dêrop fernielt er de nije proteze om Hik te twingen him it âlde ding wer oan te gaspjen. Wylst de beide freonen wer tegearre út te fleanen geane, fertelt Hik yn in voice-over dat er syn maat dizze Snoggletog in moai geskink jûn hat: frijheid, mar dat Toskeleas oan hìm in geweldich geskink dien hat: syn freonskip.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Hik Heislike Heilbot III | Jay Baruchel |
Astrid Hofferson | America Ferrera |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Stompum de Mânske | Gerard Butler |
Rachelman Krôk | Craig Ferguson |
Fiskepoat Ingerman | Christopher Mintz-Plasse |
Snotbongel Jorgenson | Jonah Hill |
Skoarre Thorston | T.J. Miller |
Moarje Thorston | Kristen Wiig |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dragons: Gift of the Night Fury waard regissearre troch Tom Owens nei in senario fan Adam F. Goldberg. As ûnderdiel fan 'e How to Train Your Dragon-franchise wie de koarte film úteinlik basearre op personaazjes út 'e romansearje How to Train Your Dragon fan 'e Britske skriuwster Cressida Cowell.
As produsinte wie Kate Spencer by it projekt belutsen foar filmstudio DreamWorks Animation, wylst Dean DeBlois as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje hie. De filmmuzyk waard fersoarge troch Dominic Lewis en John Powel.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Dragons: Gift of the Night Fury waard fersoarge troch Paramount Home Entertainment, de fideodistrbúsjepoat fan filmstudio Paramount Pictures. De film waard op 15 novimber 2011 yn it ramt fan 'e DreamWorks Holiday Classics útbrocht op dvd en blu-ray, tegearre mei Book of Dragons, in oare koarte tekenfilm fan 'e How to Train Your Dragon-franchise.
De film waard fierders op 1 oktober 2013 jitris útbrocht op dvd en blu-ray, yn 'e mande mei de koarte krystfilms Shrek the Halls, Merry Madagascar en Kung Fu Panda Holiday en de lange film The Croods. Op 15 oktober 2019 waard Dragons: Gift of the Night Fury foar de trêde kear útbrocht op dvd en blu-ray, diskear troch Universal Pictures Home Entertainment as ûnderdiel fan 'e DreamWorks Ultimate Holiday Collection Set.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Dragons: Gift of the Night Fury
- (in) Ynformaasje oer Dragons: Gift of the Night Fury yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
How to Train Your Dragon (filmsearje) | |
---|---|
lange films | |
How to Train Your Dragon (2010) • How to Train Your Dragon 2 (2014) • How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019) | |
koarte films | |
Legend of the BoneKnapper Dragon (2010) • Book of Dragons (2011) • Dragons: Gift of the Night Fury (2011) • Dragons: Dawn of the Dragon Racers (2014) • How to Train Your Dragon: Homecoming (2019) • Snoggletog Log (2019) |
- Amerikaanske kompjûtertekenfilm
- Amerikaanske koarte tekenfilm
- Amerikaanske histoaryske film
- Amerikaanske aventoerekomeedzje
- Amerikaanske fantasyfilm
- Amerikaanske jeugdfilm
- Amerikaanske famyljefilm
- Amerikaanske coming-of-agefilm
- Fantasy-aventoerefilm
- Histoaryske aventoerefilm
- Histoaryske fantasyfilm
- Jeugdfantasyfilm
- Jeugdaventoerefilm
- Histoaryske jeugdfilm
- Jeugdkomeedzjefilm
- Fantasykomeedzjefilm
- Histoaryske komeedzjefilm
- Krystfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan DreamWorks Animation
- Film fan Paramount Pictures
- Film út 2011
- Film oer de Wytsingtiid
- Film oer draken
- Film oer heiten en soannen
- Film oer freonskip
- Film oer amputaasje