Springe nei ynhâld

Kung Fu Panda Holiday

Ut Wikipedy
Kung Fu Panda Holiday
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tim Johnson
produsint Melissa Cobb
senario Jonathan Groff
Jon Pollack
muzyk Henry Jackman
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje DreamWorks Animation
spilers
haadrollen Jack Black
James Hong
byrollen Dustin Hoffman
Jack McBrayer
Angelina Jolie
Jackie Chan
Seth Rogen
Lucy Liu
David Cross
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 novimber 2010
foarm koarte tekenfilm
sjenre krystfilm
taal Ingelsk
spyltiid 25 minuten
filmsearje
filmsearje Kung Fu Panda
● foarich diel Secrets of the Furious Five
● folgjend diel Kung Fu Panda 2

Kung Fu Panda Holiday (yn it Feriene Keninkryk en Austraalje útbrocht as Kung Fu Panda: Po's Winter Wonderland) is in Amerikaanske kompjûteranimearre koarte tekenfilm ûnder rezjy fan Tim Johnson, mei yn 'e haadrollen Jack Black en James Hong. It is in krystfilm yn it ramt fan 'e Kung Fu Panda-franchise fan DreamWorks Animation. De titel betsjut safolle as "Hjeldei fan 'e Kung Fu Panda". It ferhaal folget Po, de reuzepanda dy't yn 'e lear is om kung fu-master te wurden. Fan syn learmaster Shifu kriget er diskear opdracht om op 'e jûn fan it Winterfeest it Winterfeestmiel te organisearjen foar de fertsjintwurdigers fan 'e 29 meast foaroansteande kung fu-skoallen yn Sina. Po is lykwols wend om it Winterfeest te fieren mei syn adopsjeheit, de goes menear Ping. It rint derop út dat er kieze moat tusken syn ferplichtings yn ferbân mei syn oplieding en syn ferplichtings oan syn famylje. Kung Fu Panda Holiday waard yn 2010 foar it earst troch NBC útstjoerd as tillefyzjespecial.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Po, de Drakekriger, dy't in reuzepanda is, en syn adopsjeheit, de goes menear Ping, ferhûgje harren op it oansteande Winterfeest, dat se by wize fan famyljetradysje itensiedend foar de gasten trochbringe yn it restaurant fan menear Ping. Master Shifu, by wa't Po yn 'e lear is om kung fu-master te wurden, jout him lykwols opdracht om it Winterfeestmiel yn it Jadepaleis te organisearjen, in yn hege mjitte ritualisearre oangelegenheid wêrby't fertsjintwurdigers fan 'e 29 meast foaroansteande kung fu-skoallen fan Sina inoar moetsje. Hy stiet der by Po op oan dat alles neat minder as perfekt wêze moat. Po is earst alhiel feringele mei dizze wichtige taak, mar dat feroaret as er foar it ferstân kriget dat er syn heit net útnûgje mei. As er in kok foar it Winterfeestmiel útkieze moat, kriget er lykwols in helder idee: hy wiist de bêste koks fan Sina ôf om ynstee syn heit út te kiezen. Menear Ping stegeret him lykwols ôf. Op eltse oare dei fan it jier soed er it graach dwaan, mar op it Winterfeest kin er net út syn restaurant wei, om't er itensiede moat foar de lju dy't dan nearne oars telâne kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Tramtearre troch skuldgefoelens besiket Po it hiele Winterfeestmiel dan mar sels te sieden, mar troch alle oare ferantwurdlikheden dy't mei de organisaasje fan it Winterfeestmiel mank geane, rint it him al rillegau oer de hege skuon. Syn wurk wurdt noch dreger makke troch de oanhâldende bemuoienis fan Wo Hop, in kninekok dy't earder by fersin troch Po yn skande fuortstjoerd is, en dy't no wanhopich besiket troch de hân fan 'e Drakekriger (Po) te stjerren, om't dat de iennichste manear is dat er syn ear weromwinne kin. In opmerking fan Wo Hop, dy't op in stuit seit dat "kung fu net alles oplosse kin", makket dat Po op it idee komt om syn freonen, de Furieuze Fiif, om help te freegjen. Po draacht de rest fan 'e tariedings foar it feest oer oan masteresse Tigerinne, master Aap, master Bidsprinkhoanne, masteresse Njirre en master Kraanfûgel, sadat er him sels sûnder steurings talizze kin op it itensieden. Hy sjarteret de noch hieltyd suïsidale Wo Hop om him dêrby te helpen.

Op 'e jûn fan it Winterfeest is master Shifu oangenaam ferrast dat Po (mei help fan 'e oaren) it Winterfeestmiel oant yn perfeksje organisearre hat. Po sels is der lykwols mei de kop net by. Hy komt ta it beslút dat famylje foargiet boppe de ferplichtings dy't master Shifu him oplein hat. Dat, noch foar't it earste iten optsjinne wurde kin, ûntskuldiget er himsels en ferlit er, ta ûntsteltenis fan Shifu, it Jadepaleis om him by syn heit yn it restaurant te jaan. Dêr giet er, lykas oare jierren, yn 'e koken oan it wurk. Syn skuldgefoel falt fan him ôf en hy wurdt wer in bliere, gelokkige panda. Menear Ping, dy't syn assistinten foar it feest frijôf jûn hie en al it wurk eins net allinne oankoe, is tige bliid syn soan werom te hawwen.

Mei't Po syn famyljetrou harren rekke hat, litte de Furieuze Fiif en de besykjende kung fu-masters it Winterfeestmiel yn it Jadepaleis ek foar wat it is en bejouwe har nei it restaurant fan menear Ping, dêr't se ynstee fan ôfhâldich ritualisme gesellichheid en waarmte fine. Po soarget derfoar dat Wo Hop syn eare weromkriget troch him de Gouden Sleef te jaan, dy't oarspronklik bedoeld wie foar de kok dy't er útkieze soe om it Winterfeest te sieden. Master Shifu is danich yn ferlegenheid brocht troch de dieden fan syn learling, en hy begrypt net wat Po besielet, oant er sels it restaurant fan menear Ping foarby rint en sjocht wat dêr geande is. As Po him oansprekt, seit Shifu tsjin him dat er faak gjin idee hat wat der yn Po syn holle omgiet, mar dat syn hert altyd op it juste plak sit. Hy sil allinne op hûs oan, mar Po troait him mei it restaurant yn wylst er derop wiist dat men it Winterfeest mei famylje fiere moat en dat master Shifu ek diel útmakket fan syn famylje.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje         akteur/aktrise
Po Jack Black
menear Ping James Hong


byrollen
personaazje akteur/aktrise
master Shifu Dustin Hoffman
Wo Hop Jack McBrayer
masteresse Tigerinne Angelina Jolie
master Aap Jackie Chan
master Bidsprinkhoanne Seth Rogen
masteresse Njirre Lucy Liu
master Kraanfûgel David Cross
master Noashoarn Jonathan Groff
Zeng Dan Fogler
goes by Winterfeestmiel Mick Wingert
lyts knyntsje Lena Golia
everswyn-bandyt Conrad Vernon
winkeleigner Susan Fitzer
Tai Lung Ian McShane (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kung Fu Panda Holiday is in koarte, kompjûteranimearre tekenfilm mei in spyldoer fan 25 minuten, dy't regissearre waard troch Tim Johnson nei in senario fan Jonathan Groff en Jon Pollack. As filmprodusint wie Melissa Cobb by it projekt belutsen foar de tekenfilmstudio DreamWorks Animation. De filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Kung Fu Panda Holiday waard fersoarge troch DreamWorks Animation. De film waard op 24 novimber 2010 foar it earst útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC as tillefyzjespecial y.f.m. de oankommende krystdagen. Kung Fu Panda Holiday waard op 6 novimber 2012 op dvd en blu-ray útbrocht. De film waard op 1 oktober 2013 op 'e nij op dvd útbrocht, op ien skiif mei Shrek the Halls, Merry Madagascar, Dragons: Gift of the Night Fury en The Croods.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy, ynsafier't dy de koarte tekenfilm beoardielen, krige Kung Fu Panda Holiday oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Emily Ashby op 'e webside Common Sense Media de boadskippen yn 'e film, lykas "dat nei jins hert te harkjen de bêste manear is om 'e juste beslissing te nimmen".

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kung Fu Panda (filmsearje)
lange films
Kung Fu Panda (2008) • Kung Fu Panda 2 (2011) • Kung Fu Panda 3 (2016) • Kung Fu Panda 4 (2024)
koarte films
Secrets of the Furious Five (2008) • Kung Fu Panda Holiday (2010) • Secrets of the Masters (2011) • Secrets of the Scroll (2015) • Panda Paws (2015)