Donatustsjerke (Leermens)

Ut Wikipedy
Donatustsjerke
bouwurk
Donatustsjerke fan Leermens.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Eemsdelta wapen.svg Iemsdelta
plak Leermens
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 11e iuw
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 40301 [1]
offisjele webside
PKN Maarland

De Donatustsjerke is in midsiuwske tsjerke in it Grinslânke plak Leermens (gem. Iemsdelta). De tsjerke is yn 2015 oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke mei de tuorren, oertekene neffens it nachtmielsskaal út 1653

Mei de bou fan tsjerke waard healwei de 11e iuw op ien fan de heechste wierden fan Grinslân útein set. De tsjerke waard wijd oan Donatus fan Arezzo en it gebou bestiet út romaanske, romanogoatyske en goatyske eleminten.

De oarspronklike tsjerke waard boud fan dowestien. De sydmuorren fan it skip datearje út dy tiid, lykas ek de rûnbôgige finsters en it rûnbôgefries oan it skip. Letter waard it dwersskip tafoege. De frijkommen dowestien waard dêrby op 'e nij brûkt en de rest is fan bakstien boud. It romanogoatyske koer ferfong wer letter it romaanske koer en is hielendal fan bakstien. Yn 'e súdlike earm fan it transept is noch in diel fan it doksaal mei fragminten fan muorreskilderings bewarre bleaun.

De tsjerke hie eartiids in westwurk mei twa spitsen, dy't yn 1822 fanwegen brekfalligens ferfongen binne troch in houten dakruter. De hjoeddeiske dakruter waard nei in slimme brân yn 1957, wêrby't ek it Van Oeckelen-oargel ferlern gyng, ferfongen. Yn it tuorke hinget in klok út 1971.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke binne fragminten fan skilderings út it tiidrek 1400-1450 bewarre bleaun. Te sjen binne in pear wijingskrusen, in 15e-iuwske fragmintaryske foarstelling fan Sint-Sebastiaan, in troanende Marije mei Bern en Sint-Ursula op de súdlike koermuorre en fragminten fan Donatus en Nikolaas op de noardlike koermuorre en. Yn it koer is ek de piskina bewarre bleaun.

It meloenfoarmige ferwulft fan it koer hat skildere siermetselwurk yn ferskillende patroanen. Heech yn it midden fan dat ferwulft is in slútring mei in ôfbyld fan it Laam Gods. Yn de ring dêrom hinne binne de symboalen fan de fjouwer evangelisten: de ingel fan Mattéus, de liuw fan Markus, de bolle fan Lukas en de earn fan Jehannes.

Under it koer is in krypte, nei alle gedachten de 16e-iuwske grêfkelder. Yn 1541 waard dêr Willem Clant byset. Syn sark stiet hjoeddedei yn de noardlike earm fan it dwersskip.

De preekstoel is 17e-iuwsk. Under de preekstoel is in lûk nei de kelder, dy't yn de Twadde Wrâldkriich tsjinst die as skûlplak foar ûnderdûkers.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1964 boud troch de bruorren Van Vulpen út Utert.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: