Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Aarhus

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Aarhus
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
Regio Midden-Jutlân
plak Århus
adres Domkirkepladsen 2
koördinaten 56° 9' N 10° 38' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Århus
patroanhillige Sint-Klemens
Arsjitektuer
boujier 1190–1500
Webside
Hiemside bisdom
domtsjerke
Kaart
Domtsjerke fan Aarhus (Aarhus)
Domtsjerke fan Aarhus

De Domtsjerke fan Aarhus, ek de Sint-Klemenstsjerke (Deensk: Aarhus Domkirke, Sct. Clemens Kirke) yn Aarhus, Denemark is de biskopstsjerke fan it lutherske bisdom Aarhus. De tsjerke is ien fan 'e âldste bakstiennen gebouwen op Jutlân. De domtsjerke hat in lingte fan 93 meter en is dêrmei de langste tsjerke fan Denemark. De toer is 96 meter heech en is dêrmei ien fan de heechste tuorren fan it lân.

De earste tsjerke waard om en de by it jier 900 fan hout boud. Dat wie de earste katedraal fan it bisdom Aros (Aarhus), dy't wijd wie oan Sint-Nikolaas. It bisdom waard om 1060 hinne as dochterbisdom fan Viborg stifte. De twadde katedraal waard sûnt 1102 boud ûnder biskop Ulfketil, dêr't de reliken fan 'e hillige Klemens bewarre waarden. Sint-Klemens is patroanhillige fan 'e seelju en dêrfandinne in populêre hillige yn Skandinaavje.

Mei de bou fan 'e tsjerke waard om 1190 hinne útein set ûnder biskop Peder Vognsen, Dat wie in trijeskippige romaanske basilyk mei twa nea foltôge tuorren en in lang dwersskip. By de bou waard reade baksstien tapast, in stiensoarte dy't doe foar it earst yn brûkt waard en populêr waard foar wichtige gebouwen yn Skandinaavje en it noarden fan Dútslân. Oannommen wurdt dat de romaanske tsjerke om it jier 1300 hinne klear wie. It iennige dat noch oerbleaun is fan dy tsjerke binne dielen fan 'e bûtenmuorren en de kapellen fan 'e eastlike muorre fan it transept.

Plattegrûn (1879)

Yn 1330 waarden de stêd en tsjerke troch in grutte brân troffen. De dakkonstruksje fan 'e tsjerke waard ferneatige en it duorre oant healwei de 15e iuw dat de tsjerke werboud waard. De hjoeddeiske dom is it resultaat fan 'e grutte ferbouwing fan 1449 oant 1500 yn goatyske styl.

Under lieding fan 'e reformator Hans Tausen waard al yn 1524 protestantsk preke. Alhoewol't in grut part fan de adel katolyk bleau, krige de reformaasje gaueftich fêste foet yn Denemark. De biskop besocht de nije leare yn syn bisdom te kearen, mar de ynwenners easken dat de liturgy tenei yn it Deensk fierd waard. Nei it ferstjerren fan Freark I waard syn protestantske soan Kristiaan III ta nije kening keazen. De gruttendiels katolike stedsried akseptearre de kar net, itjinge ta in twa jier lange grevestriid late, wêrby katolike biskoppen finzen set waarden. De lêste katolike biskop fan Aarhus, Ove Bilde, waard yn 'e simmer fan 1536 yn 'e finzenis smiten, it jier dat de protestantske leare offisjeel ynfierd waard yn Denemark.

De domtsjerke yn 'e 19e iuw

By swier waar yn 1642 rekke de toer yn 'e brân, dy't hielendal ferneatige waard. De skea oan it ynterieur fan 'e katedraal bleau lykwols beheind.

Tusken 1877 en 1882 folge in grutte restauraasje. It doel wie om de dom yn 'e steat fan likernôch 1500 werom te bringen. Barokke feroarings lykas de sipels fan 'e tuorkes by de krusing waarden ferwidere en ferfongen troch spitskes. Under lieding fan 'e arsjitekten Hack Kampmann en Mogens Clemmensen waard de dom yn 'e âlde gloarje werom brocht. It duorre noch oant yn 'e lette jierren 1920 dat ek de toer restaurearre waard. Mogens Clemmensen tekene ek foar de ferheging fan 'e toer oant in hichte fan 93 meter en de rekonstruksje fan 'e trepgevels fan it koer en de dwersskippen.

Joaris en de Draak

Yn 'e tsjerke binne fresko's út 1470-1520 bewarre bleaun. Der binne fresko's fan Sint-Kristoffel en Sint-Klemens, Sint-Joaris en de draak, Sint-Michael dy't de sielen weget, it Fagefjoer, it Lêste Oardiel en noch folle mear. Yn 'e noardwestlike hoeke is om in tichtset finster noch in fresko fan 'e earste romaanske domtsjerke út 1300. It finster wie oarspronklik in iepening foar leproazen. Lepra waard ek wol de Lazarus-sykte neamd en dêrom wurdt it finster wol Lazarusfinster neamd.

De tsjerke hat mar ien finster mei brânskildere glês. Yn 1926 makke de Noarske keunstner Emmanuel Vigeland it finster foar it koer en mei in hichte fan 14 meter hat it finster it heechste brânskildere raam fan Denemark. It ûnderste diel lit Jezus yn it grêf sjen, yn 'e midden wurdt Jezus krusige en boppeyn is de opstanning te sjen.

Alter

It alter is makke troch de ferneamd houtfiker Bernt Notke út Lübeck. It alter waard op Peaskesnein 1479 ynwijd en wurdt ta ien fan 'e grutste Deenske tsjerkeskatten rekkene. It alter is oan 'e liturgyske kalinder oan te passen.

Preekstoel

De preekstoel mei Ald- en Nij-Testamintyske foarstellings is yn 1588 fan ikehout fike troch de Michael fan Grins, dyt in soad yn East-Jutlân wurke.

Yn 1481 makke de Flensburgske klokkejitter Peter Hansen it doopfont, dat troch biskop Jens Ivarsen skonken waard. Twa jier earder hie deselde biskop it alter skonken. It bekkken wurdt droegen troch in sokkel mei de symboalen fan 'e fjouwer evangelisten: de earn fan Jehannes, de Liuwekop fan Markus, de okse fan Likas en de ingel fan Mattéus. It bekken sels is fersierd mei ferskillende hilligen.

Oargel

It haadoargels is ien fan é trije oargels fan 'e tsjerke en waard yn 1730 troch de Dútske oargelbouwer Lambert Daniel Kastens (in learling fan 'e oargelbouwer Arp Schnitger) boud. It ynstrumint hat in barokke oargelkas en is ferskillende kearen restaurearre, fergrutte en mei de nijste technyske tapassings útrist. De measte registers binne fan 'e firma Th. Frobenius & Zonen út 1928-2001. It oargel is mei 89 registers is grutste tsjerkeoargel fan it lân.

De Gouden Poarte is it fiifdielige koerstek fan smei-izer, dat it koer fan it skip skiedt. It hek waard makke troch de Dútser Kaspar Fincke.

Fotyfskip

Lykas yn in soad Deenske tsjerken hinget yn 't domtsjerke fan Aarhus ek in fotyfskip. It hinget ûnder de krusing en betinkt de tiid dat Denemark in seefarrend lân wie. De namme fan it skip is de Enigsheden ('Ienheid'). Tsaar Peter de Grutte liet yn Nederlân njonken tekeningen ek modellen fan kriichsskippen meitsje. Op reis nei Ruslân kaam it transportskip by Skagen yn in stoarm telâne, mar it modelskip oerlibbe de delgong en waard troch fiskers neitiid oan 'e domtsjerke jûn. It grutste fotyfskip fan Denemark is 2,65 meter lang en 3,50 meter breed.

Kapellen en epitafen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat meardere kapellen en grêftombes yn romaanske en barokke styl en in tal epitafen. De belangrykste kapel is dy fan 'e famylje Marcelis, dy't fan 'e Flaamske byldhouwer Thomas Quellinus boud waard. It letbarokke monumint is de grutste yn syn soarte fan it lân. Yn 'e krypte binne de oerbliuwsels fan tûzenen minsken út alle lagen fan 'e befolking byset.

Yn 'e toer hingje acht klokken. De âldste klok is nei Martinus ferneamd en is 13e-iuwke, By de bliksemynslach fan 1642 gyngen ek klokken ferlern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.