Springe nei ynhâld

Bisdom Viborg

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Viborg

It Bisdom Viborg (Deensk: Viborg Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom Viborg waard om 1065 hinne troch opdieling fan it bisdom Ribe stifte. De earste stiennen domtsjerke waard tusken 1125 en 1200 boud. Yn 'e midsiuwen wie de grêfkapel fan de yn 1188 hillich ferklearre domproast Kjeld in wichtich beafeartsplak.

Yn 'e tiid fan 'e reformaasje wie Viborg ien fan de sintra fan wêrút it lutheranisme him oer it lân fersprate. Al yn 1525 koe de tsjerkeherfoarmer Hans Tausen dêr protestantsk preekje en net lang dêrnei troch in printerij syn preken ûnder de minsken bringe. Kening Kristiaan III liet yn 1536 de lêste roomsk-katolike biskop Jørgen Friis yn 'e finzenis smite. Sûnt is Viborg in luthersk bisdom.

Domtsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Domtsjerke fan Viborg.

De domtsjerke fan it bisdom is de Us-Leaffrouwetsjerke (Vor Frue Maria Domkirke) yn Viborg.

Oantal leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2016 hearde 86% fan 'e befolking yn it bisdom by de Deenske Folkstsjerke.[1]

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom bestiet út alve proasdijen (provstier), dêr't 290 parochy's (sogne) ûnder falle.

  • Viborg Domprovsti
  • Viborg Østre Provsti
  • Herning Nordre Provsti
  • Herning Søndre Provsti
  • Holstebro Provsti
  • Ikast-Brande Provsti
  • Lemvig Provsti
  • Salling Provsti
  • Skive Provsti
  • Struer Provsti
  • Vesthimmerlands Provsti

Biskoppen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Roomske biskoppen
  1. ca. 1065–1095: Heribert
  2. 1106–1112: Svend I
  3. 1112–1133: Eskil
  4. 1133–1153: Svend II
  5. 1153–1191: Niels I
  6. 1222–1251: Gunner (1152–1251)
  7. 1367–1396: Jacob Moltke
  8. ?–1427: Lave Glob
  9. 1438–1450: Thorleif Olafssøn
  10. 1451–1478: Knud Mikkelsen
  11. 1478–1498: Niels Glob
  12. 1521–1536: Jørgen Friis (ca. 1494–1547)
  • Lutherske biskoppen
  1. 1537–1549: Jacob Schøning (1490–1549)
  2. 1549–1571: Kjeld Juel
  3. 1571–1595: Peder Thøgersen (1532–1595)
  4. 1617–1641: Hans Iversen Wandal (1579–1641)
  5. 1661–1673: Peder Villadsen (1610–1673)
  6. 1673–1693: Søren Glud (1621–1693)
  7. 1693–1700: Henrik Gerner (1629–1700)
  8. 1700–1713: Bartholomæus Deichman (1671–1731)
  9. 1713–1720: Caspar Wildhagen (1664–1720)
  10. 1720–1725: Søren Lintrup (1669–1731)
  11. 1725–1735: Johannes Trellund (1669–1735)
  12. 1735–1770: Andreas Wøldike (1687–1770)
  13. 1770–1780: Christian Michael Rottbøll (1729–1780)
  14. 1781–1805: Peder Tetens (1728–1805)
  15. 1805–1830: Jens Bloch (1761–1830)
  16. 1830–1854: Nicolaj Esmark Øllgaard (1775–1863)
  17. 1854–1878: Otto Laub (1805–1882)
  18. 1878–1901: Jørgen Swane (1821–1903)
  19. 1901–1921: Alfred Sveistrup Poulsen (1854–1921)
  20. 1921–1936: Johannes Gøtzsche (1866–1938)
  21. 1936–1951: Axel Malmstrøm (1888–1951)
  22. 1951–1968: Christian Baun (1898–1972)
  23. 1968–1985: Johannes W. Jacobsen (1915–2003)
  24. 1985–1996: Georg S. Geil (1930–1996)
  25. 1996–2014: Karsten Nissen (* 1946)
  26. 2014–no: Henrik Stubkjær (* 1961)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Bisdommen fan de Deenske Folkstsjerke
Bisdom AalborgBisdom ÅrhusBisdom FúnBisdom GrienlânBisdom HaderslevBisdom HelsingørBisdom KopenhagenBisdom Lolland-FalsterBisdom RibeBisdom RoskildeBisdom Viborg