Springe nei ynhâld

Dick Wilson (stammepresidint)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dick Wilson (stampresidint))
Dick Wilson
politikus
echte namme Richard A. Wilson
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 29 april 1934
berteplak Pine Ridge (Súd-Dakota)
stjerdatum 31 jannewaris 1990
stjerplak Pine Ridge (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
Angelsaksysk Amerikaansk
presidint fan de Oglala Sû Stamme fan it
Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota
amtsperioade 19721976
foargonger Gerald One Feather
opfolger Al Trimble

Dick Wilson (folút: Richard A. Wilson; Pine Ridge (Súd-Dakota), 29 april 1934 – dêre, 31 jannewaris 1990) wie in Amerikaansk politikus fan Yndiaansk komôf. Hy waard yn 1972 keazen ta presidint fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, en fierde de folgjende fjouwer jier in wier skrikbewâld yn Pine Ridge Yndianereservaat mei de help fan in eigen paramilitêre milysje, de Guardians of the Oglala Nation of GOONs. Yn 1973 slagge it him om mei de stipe fan 'e Amerikaanske federale oerheid oan 'e macht te bliuwen doe't de stammeried besocht en set him ôf. Yn 1974 waard er werkeazen by in ferkiezing dy't bol stie fan 'e stimbusfraude en kiezersyntimidaasje. Wilson syn polarisearjende gedrach wie foar in grut part debet oan 'e Besetting fan Wounded Knee troch Yndiaanske aktivisten, yn 1973. Uteinlik duorre it noch oant 1976 ear't de befolking fan it Pine Ridge Reservaat him oan 'e kant sette koe.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wilson waard yn 1934 berne yn Pine Ridge, yn it Pine Ridge Yndianereservaat, dat yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota leit. Hy wie leadjitter fan berop, en hie in frou en tsien bern. Hy gie yn 'e polityk doe't er yn 1966 foar it doarp Pine Ridge yn 'e stammeried fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota keazen waard. Dy posysje beklaaide er seis jier lang, en yn dy tiid wied er foarsitter fan 'e riedskommisje oangeande Arbeid.

Ferkiezing ta stammepresidint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1972 stelde Wilson him kandidaat foar it presidintskip fan 'e Oglala Sû Stamme, wêrby't er it opnaam tsjin 'e sittende stammepresidint Gerald One Feather. Under syn kampanje socht er aktyf de stipe fan sawol tradisjonalisten as progressiven, en stipe er sels de protesten dy't organisearre wiene troch de aktivistyske Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) nei de moard op 'e Lakota-Yndiaan Raymond Yellow Thunder yn Gordon, yn 'e oangrinzgjende steat Nebraska. Uteinlik wûn Wilson yn fiif fan 'e njoggen kiesdistrikten fan it reservaat de mearderheid fan 'e stimmen, en sadwaande waard er op 10 april 1972 ynsward as stammepresidint.

Ien fan Wilson syn earste dieden yn dy funksje wie om yn it reservaat in Yndiaanske folkshúsfêstingsautoriteit op te rjochtsjen. Lykwols begûn er al rillegau tekens fan autoritêr gedrach te fertoanen. Sa hied er it foar de moade om te regearjen mei de fiifkoppige regearingsried, en sette er de folsleine stammeried, dy't achttjin sitten telde, yn 'e regel bûtenspul. Foar stipe line Wilson sterk op 'e befolking fan it doarp Pine Ridge, dy't fierhinne út healbloed-Yndianen bestie, wylst de folbloed-Oglala út 'e rest fan it reservaat neat yn 'e molke te krommeljen hiene. Dêrnjonken hie Wilson ek de stipe fan 'e funksjonearissen fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dy't ûnder syn bestjoer folle mear yn it reservaat te fertellen hiene as earder. Doe't er beskuldige waard fan korrupsje, om't er syn freonen befoardielje soe, antwurde er nei't it skynt: "Der stiet neat yn 'e stammewetten tsjin nepotisme."

Der ûntstie in almar breder wurdende kleau tusken Wilson en syn meistanners oan 'e iene kant en de tradisjonalisten yn it reservaat en de jonge aktivisten fan 'e AIM oan 'e oare kant. Sa strieden de tradisjonalisten en de AIM foar de weromjefte fan 'e Black Hills, it hillige lân fan 'e Lakota, dat de Amerikaanske oerheid harren yn 1877 yllegaal ûntnadere hie. Wilson woe lykwols mei de oerheid ta in finansjele skeafergoeding komme, dêr't de tradisjonalisten en de AIM neat fan witte woene. Eltsenien wie it deroer iens dat de wurkleazens, it alkoholisme en it hege persintaazje selsmoarden yn it reservaat grutte problemen wiene, mar Wilson sei dy problemen oplosse te wollen yn gearwurking mei it Amerikaanske regear, wylst de tradisjonalisten en de AIM it regear as de feroarsaker fan 'e problemen seagen en Wilson as in alkoholist en in dranksmokkelder beskôgen dy't baat hie by it yn stân hâlden fan 'e besteande sitewaasje.

Ein 1972 foarme Wilson in eigen paramilitêre milysje, dy't er de Guardians of the Oglala Nation neamde, of GOONs, sa't de leden yn it deistich spraakgebrûk oantsjut waarden. Neffens him wiene dy nedich om 'e oarder yn it reservaat te hanthavenjen, mar al rillegau die bliken dat se benammen ynset waarden om Wilson syn tsjinstanners te yntimidearjen en, as dat net holp, fysyk te mishanneljen. Nei de rasistyske moard op Wesley Bad Heart Bull, begjin 1973 yn in blank stedsje fuort bûten it reservaat, begûnen de Oglala op in grut tal plakken yn it Pine Ridge Reservaat pleatslike ôfdielings fan 'e AIM op te rjochtsjen. Oanfarrings tusken de GOONs en AIM-leden waarden dêrtroch skearing en ynslach.

Ofsettingsproseduere

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 febrewaris 1973 besochten de riedleden Sioux Long, Kills Straight en Keith ûnder in gearkomste fan 'e stammeried om in ôfsettingsproseduere tsjin Wilson yn gong te setten. De oanklachten tsjin him wiene û.m. korrupsje, it útfieren fan belied sûnder budget, it him frauduleus ta-eigenjen fan jildlike middels fan 'e stamme foar privee-útjeften, en it yllegaal opdracht jaan ta de arrestaasje fan politike tsjinstanners. Dêrop waard Wilson mei alve tsjin sân stimmen op non-aktyf steld, mar der soe in twatrêde mearderheid nedich wêze om him ôf te setten.

Trochdat Wilson ôfseach fan 'e tiid dêr't er rjocht op hie om syn ferdigening ta te rieden, koe de ôfsettingsproseduere de oare deis daliks begjinne. Syn tsjinstanners hiene dêr net op rekkene, en hiene har saken net op oarder. Nei't it spul dêrtroch op 'e non rûn wie, ferlieten de fûleindichste fjouwer dissidinten út frustraasje de seal, mei as gefolch dat de stammeried ûnder druk fan 'e Amerikaanske oerheid mei fjirtjin tsjin nul stimmen besleat om 'e ôfsettingsproseduere te beëinigjen. Neitiid waarden Wilson en syn gesin yn opdracht fan Stanley Lyman, de heechste BIA-funksjonaris yn it reservaat, yn beskerming nommen troch de United States Marshals Service, om't de spannings sa oanboaze wiene dat men de kâns op in oanslach op 'e stammepresidint substansjeel achte.

Fierdere konflikten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De frustraasje fan Wilson syn tsjinstanners kaam op 27 febrewaris ta útbarsting yn 'e ferneamde Besetting fan Wounded Knee. Dêrby waard it plakje Wounded Knee, dêr't yn 1890 it lêste ferset fan 'e Lakota tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking yn bloed smoard wie, troch sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e AIM ynnommen. De aktivisten waarden oanfierd troch de AIM-foaroanlju Dennis Banks, Carter Camp en Russell Means, mar ek ferskate tradisjonalistyske lieders út it Pine Ridge Reservaat wiene derby belutsen, wêrûnder Gladys Bissonette, Frank Fools Crow, Leonard Crow Dog en Ellen Moves Camp. Wounded Knee waard dêrnei oant 8 maaie, 71 dagen lang, beset holden, wêrby't de aktivisten in belegering troch de FBI en de United States Marshals Service trochstiene. Yn dy tiid kamen twa aktivisten om, wylst twa plysjeminsken ferwûne rekken. Ien fan 'e easken fan 'e aktivisten wie de ôfsetting en berjochting fan Dick Wilson.

Nei't de besetting beëinige wie, hold de konfliktsitewaasje yn it Pine Ridge Reservaat noch trije jier oan. Wilson fierde mei syn GOONs in wier skrikbewâld, en hie dêrfoar de stipe fan 'e Amerikaanske oerheid. Yn dy trije jier kamen mear as 50 fan syn politike tsjinstanners troch geweld om it libben, wêrûnder Pedro Bissonette, de lieder fan 'e minskerjochte-organisaasje Oglala Civil Rights Organization (OSCRO), dy't op 17 oktober 1973 fan in ôfstân fan 60 sm troch in BIA-agint deasketten waard mei in gewear, om't er him ferset hawwe soe tsjin syn arrestaasje. Behalven oan moard makken Wilson en syn oanhingers har ek allegeduerigen skuldich oan mishanneling en brânstifting. Yn febrewaris 1975 soe Wilson persoanlik lieding jûn hawwe oan 'e mishanneling fan seis abbekaten yn 'e tsjinst fan 'e AIM, mar de autoriteiten wegeren om 'e saak yn behanneling te nimmen.

Doe't Wilson yn 1974 werkeazen wurde woe as stammepresidint, moast er it yn 'e foarferkiezing opnimme tsjin in tolvetal oaren. By de eigentlike ferkiezing, op 7 febrewaris, wie syn tsjinstanner de AIM-aktivist Russell Means, dy't letter ferneamd wurde soe as akteur. Wilson wûn de ferkiezings, mar doe't in Amerikaanske Boargerrjochtekommisje ûndersyk die nei fermiende malversaasjes, kaam oan it ljocht dat der op grutte skaal stimbusfraude plakfûn hie, troch in grut tal lju oan 'e ferkiezings dielnimme te litten dy't dêr net ta berjochtige wiene, troch ûngeregeldheden by de oanstelling fan 'e ferkiezingskommisje, en troch de skepping fan in algemien klimaat fan eangstme en yntimidaasje. De konklúzje fan 'e kommisje wie dat de útslach ûnjildich ferklearre wurde moast, mar doe't de saak foar de rjochter kaam, stelde in federaal gerjochtshôf Wilson yn it gelyk.

Lettere jierren en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa bleau Dick Wilson noch twa jier ekstra stammepresidint, oant er by de ferkiezings fan 1976 einlings en te'n lêsten troch Al Trimble mei in grut ferskil ferslein wurde koe. Nei dat ferlies ferliet Wilson it Pine Ridge Reservaat foar in stik as tsien jier. Uteinlik kearde er werom. Hy besocht op 'e nij in sit yn 'e stammeried te feroverjen, doe't er yn 1990 yn 'e âldens fan 55 jier hommels kaam te ferstjerren oan nierfalen en in fergrutte hert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.