Departemint Gelderlân
Departemint Gelderlân Departement Gelderland | |
---|---|
1802-1810 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Departemint Gelderlân yn it Bataafsk Mienebest (pears rjochts) | |
polityk | |
lân | Bataafsk Mienebest Keninkryk Hollân |
haadstêd | Swol |
talen | Nederlânsk, Nedersaksysk |
foarm | Departemint fan it Bataafsk Mienskip (1802-1807) Departemint fan it Keninkryk Hollân (1807-1810) |
ûntstien út | Departemint fan de Alde Isel Departemint fan de Ryn Departemint fan de Dommel |
opgien yn | Departemint Boppe-Isel Departemint fan de Mûnings fan de Isel |
no diel fan | Provinsje Gelderlân |
sifers | |
ynwennertal | |
befolkingstichtens | |
oerflak |
It departemint Gelderlân wie in Nederlânsk departemint fan 1802 oant 1810. De haadstêd wie Arnhim.
Nei it oprjochtsjen fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan 21 juny 1802 de yndieling afn it ryk fêstlein. De grinzen fan it eardere goa Gelderlân fan de Bataafske Republyk waarden weromdraaid. De greefskippen Culemborg en Buren, dy't winliken nei ta it rjochtsgebiet fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen hearde, waarden by Gelderlân foege.
Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 de yndieling fan it ryk fêstlein. Om't de Maas de grinsrivier waard, waarden de doarpen Dieden en Oijen by it departemint Brabân foege. De namme fan it departemint bleau itselde.
Lândrost fan Gelderlân yn it keninkryk Hollân wiene:
- Gerardus Wilhelmus Josephus van Lamsweerde (8 maaie 1807 – 4 novimber 1807)
- Jan Arend de Vos van Steenwijk (2 desimber 1807 – 1 jannewaris 1810)
- Johan Gijsbert Verstolk van Soelen (1 jannewaris 1810 – 28 desimber 1810)
Op 16 maart 1810 waard it gebiet fan it departement súdlik fan de Waal troch Frankryk anneksearre en by it Frânske departemint Mûnings fan de Ryn foege.
Doe't it folsleine keninkryk Hollân op 9 july 1810 by it Earste Frânske Keizerryk foege waard, waard op 1 jannewaris 1811 it oerbliuwende part fan it departement Gelderlân omfoarme ta it departement Boppe-Isel.
Departeminten fan it Bataafsk Mienebest | ||
---|---|---|
Bataafsk-Brabân • Departemint Fryslân • Departemint Gelderlân • Departemint Hollân • Departemint Oerisel • Departemint Seelân • Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân • Departemint Utert | ||
· · |
Departeminten fan it Keninkryk Hollân | ||
---|---|---|
Amstellân • Brabân • Drinte • East-Fryslân • Gelderlân • Grinslân • Fryslân • Maaslân • Oerisel • Seelân • Utert | ||
· · |