Springe nei ynhâld

De Bosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Den Bosch)
De Bosk
Panorama fan it sintrum
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Sifers
Ynwennertal 111.025 (31-12-2021) [1]
Oerflak 39,98 km²
wêrfan lân: 36,38 km²
wêrfan wetter: 3,60 km²
Befolkingstichtens 2.777 / km²
Hichte 6,5 m
Oar
Stifting 1184
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51° 41' NB, 5° 18' EL
Webside Side gemeente De Bosk
Stedsgebiet (giel) fan de stêd De Bosk yn de gemeente De Bosk
Stedhûs fan De Bosk
Dizze side giet oer de stêd De Bosk. Foar de gemeente dêr't dy stêd it haadplak fan is, sjoch: De Bosk (gemeente).

De Bosk (Nederlânsk en offisjeel: 's-Hertogenbosch; yn 'e folksmûle ek faak: Den Bosch, Frânsk: Bois-le-Duc, Dútsk: Herzogenbusch) is in stêd en de haadstêd fan de provinsje Noard-Brabân. De stêd is ek de haadstêd fan de gemeente mei deselde namme. De stêd hie 111.025 ynwenners yn 2021 yn in gebiet fan sa'n 40 km². De Bosk krige yn 1184 stedsrjochten, itjinge sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.

De namme fan de stêd is ôflaat fan it âlde Nederlânske des Hertogen bosch, dat "bosk fan de hartoch" betsjut. It soe om hartoch Hindrik I fan Brabân gean, waans famylje in grutte lape grûn by it tichteby lizzende Orthen foar goed fjouwer iuwen besiet. Hy stifte in nij plak op beboske sândunen yn 'e midden fan sompich lân. Yn 1184 joech er it plak stedsrjochten. Dat jiertal waard lykwols letter troch skiedkundigen jûn, want it plak wurdt yn boarnen pas yn 1196 neamd. It oarspronklike dokumint is weirekke. De hartoch joech de stêd stedsrjochten omreden fan it beskermjen fan syn lângoed tsjin Gelre en Hollân; hy makke fan de stêd in grutte fêsting. Yn 1203 rekke de stêd swier skansearre troch in militêre operaasje fan Gelre en Hollân, mar hy waard al rillegau wer opboud. Der binne noch oerbliuwsels fan de oarspronklike stedsmuorren.

Oan 'e ein fan de fjirtjinde iuw waarden de stedsmuorren fersterke om de grutter wurdende stêd better te beskermjen. Om de stêd hinne, bûten de muorren waarden grêften groeven, dêr't de rivieren de Dommel en Aa op oansletten waarden. De Bosk wie it berteplak fan ien fan de grutste skilders fan it tiidrek fan de noardlike Renessânse, Jheronimus Bosch. Yn 1463 wie der in grutte stedsbrân yn De Bosk dy't Bosch yn de âldens fan likernôch 13 jier meimakke. Dy brân foarme in ynspiraasjeboarne foar de skilderingen dêr't er letter ferneamd om wurde soe.

De stêd makke dêrnei in bloeitiid mei en wie om 1520 nei Utert de grutste stêd op it grûngebiet fan it hjoeddeistige Nederlân. Yn dy snuorje wie De Bosk ek it thús fan guon ferneamde muzikanten, lykas as Jheronimus Clibano, Mattéus Pipelare en Pierre Alamire.

Tachtichjierrige Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stedsgesicht De Bosk yn 1767

Yn de tiid fan de Reformaasje rekke de stêd belutsen by de strideraasjes. De stêd waard in selsstannich bisdom. Yn de Tachtichjierrige Kriich keas de stêd de kant fan de Habsburchske machthawwers. De stêd waard ferskate kearen belegere troch prins Maurits fan Oranje-Nassau, steedhâlder fan it grutste part fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dy't de stêd ûnder syn bewâld bringe woe. De ferdigening fan de stêd slagge ûnder lieding troch Klaudius fan Berlaymont.

Under it Tolvejierrich Bestân waard it ferdigeningswurk fan de stêd swier fersterke. It omlizzende sompelân makke in konvinsjonele belegering ûnmooglik, en de fêsting krige de bynamme de "Sompedraak". Yn 1629 waard de stêd lang om let troch steedhâlder Freark Hindrik oermastere mei help fan in typyske Nederlânske strategy. Hy liet de rivieren Dommel en Aa omlizze, liet in polder oanlizze om mei in dyk fan 40 km sadat er it lân drûchmealle koe. Nei in belegering fan trije moanne, moast de stêd belies jaan en joech him oer. Dat wie in grutte tsjinslach foar de Habsburgers. De stêd waard fan de rest fan it Hartochdom Brabân ôfsnien en waard part fan de troch de Republyk besette gebieten, bekend as de generaliteitslannen, yn dit gefal Steatsk-Brabân. De generaliteitslannen wiene net lykweardich oan de oare goaen fan de Republyk en hiene alhiel gjin sizzenskip.

Iermoderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Frede fan Westfalen yn 1648 waarden de stedsmuorren fannijs fersterke. Yn 1672, it Nederlânske rampjier, ferdigene de stêd him tsjin de troepen fan kening Loadewyk XIV fan Frankryk. Yn 1794 foelen Frânske revolúsjonêre troepen ûnder lieding fan Charles Pichegru de stêd oan. De stêd wie net sterk ferdigene en foel al rillegau yn Frânske hannen. Dêrnei stuts er de rivieren oer en justjes dêrnei de Republyk foel.

Yn de Bataafske Republyk, dy't yn 1795 foarme waard, waarden katoliken en Brabanners lyksteld. Yn 1806 waard de stêd part fan it Keninkryk Hollân en yn 1810 fan it Earste Frânske Keizerryk. De stêd waard yn 1814 troch de Prusen befrijd.

Kaart fan De Bosk yn 1866

Yn 1815 waard it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen stifte en waard De Bosk haadstêd fan de nije provinsje Noard-Brabân. In soad nije en nijmoadrige fêstingwurken waarden yn de omkriten fan de stêd boud. In nij kanaal, de Súd-Willemsfeart, waard groeven, dy't de stêd in ekonomyske ympuls joech. Hannel, niverheid en yndustry woeks. Oant 1878 wie it ferbean bûten de stedsmuorren te bouwen. Dat late ta oerbefolking yn de stêd mei de heechste bernestjerte yn it keninkryk.

Om't De Bosk offisjeel in fêstingstêd wie, koe de stêd net bûten syn stedsmuorren útwreidzje. Nei in wetsferoaring troch kening Willem III yn 1874 mocht de stêd lang om let yn 1880 bûten syn fêstingwurk bouwe. Dêrtroch kaam de yndustrialisaasje yn de stêd let op gong en dêrtroch naam it belang fan de stêd ôf.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie der in konsintraasjekamp súdlik fan De Bosk, Kamp Vught by it doarp Vught, troch de Dútsers Herzogenbusch neamd. Dat wie ien fan de pear konsintraasjekampen yn west-Jeropa bûten Dútslân en Eastenryk. It kamp waard tusken jannewaris 1943 oant septimber 1944 brûkt en hie sa'n 30.000 finzenen, dêr't 12.000 fan Joaden wiene. De stêd waard tusken 24 en 27 oktober 1944 troch Britske soldaten fan de majoar-generaal Robert Knox Ross syn 53e (Welske) ynfanterydifyzje befrijd.

Nei de kriich, waard De Bosk modernisearre, lykas in soad oare stêden yn Nederlân. Der wiene ynearsten plannen om de âlde binnenstêd te fernijen en in soad âlde pânen te slopen om diken te ferbreedzjen. Al gau ûntstie it besef om de âlde histoarje fan de stêd te bewarjen en te beskermjen.

Topografyske kaart fan De Bosk (2014)

De Bosk leit op it plak dêr't de Aa, de Dommel en de Súd-Willemsfeart byinoar komme en de Dieze foarmje. De stêd De Bosk foarmet mei de kearnen Bokhoven, Deuteren, Dieskant, Empel, Engelen, Gewande, Heeseind, Hintham, Kruisstraat, Maliskamp, Meerwijk, Nuland, Orthen, Oud-Empel, Rosmalen en Vinkel de gemeente De Bosk.

It klimaat fan De Bosk is in myld seeklimaat mei gjin grutte ferskillen tusken de utersten. Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen hat it gebiet it subtype "Cfb".

Ekonomy en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Stasjon De Bosk

De Bosk is hjoed-de-dei t pleatslike sintrum foar yndustry, ûnderrjocht, bestjoer en kultuer. It is neffens ynwenners de fjirde stêd fan Noard-Brabân nei Eindhhoven, Tilburch en Breda. Ynternasjonale en nasjonale bedriuwen lykas Heineken, Epic Systems, Tyco International, SAP en oaren hawwe fêstigings yn de stêd. It Jeroen Bosch-Sikehûs is de grutste wurkjouwer yn de omkriten mei mear as 4.000 wurknimmers.[2]

De stêd hat oer de A2 in goede ferbining mei Utert en Amsterdam yn it noarden en Eindhoven en Maastricht yn it suden, en troch de A59 mei Oss en Nimwegen yn it easten en Waalwyk, Tilburch en Breda yn it westen.

Ek krúst it spoar yn de stêd. It Stasjon De Bosk leit oan it spoar fan Utert nei Boxtel, as part fan de ferbining Amsterdam - Eindhoven, dêr't eltse tsien minuten in trein oankomt. Ek it spoar fan Nimwegen nei Tilburch docht it stasjon oan. De stêd hat in twadde stasjon, Stasjon De Bosk East.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sint-Janskatedraal
It Merkplein yn it midden fan de stêd
De Moriaan, it âldste stiennen gebou fan Nederlân
Binnendieze

Alde binnenstêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bosk is fanâlds in fêstingstêd en dat is hjoed-de-dei noch goed te sjen. Nei de Twadde Wrâldkriich wiene der plannen en modernisearje de âlde binnenstêd. Grêften soene tichtsmiten wurde moatte, wâlen en guon histoaryske gebouwen moasten sloopt wurde om diken te ferbreedzjen. Lokkigernôch, ear't de plannen útfierd wurde koene, waard de stêd oanwiisd as beskerme stedsgesicht. Dêrtroch is in soad fan de âlde stêd bewarre bleaun, lykas it fêstingwurk, grêften, hûzen, tsjerken en stânbylden.

Guon wichtige gebouwen:

  • It fêstingswurk, mei wâlen, muorren en bastions om de âlde stêd hinne;
  • De Moriaan: it âldste noch hieltyd besteande bakstiennen gebou fan Nederlân, dêr't it VVV-kantoar yn fêstige is;
  • De Drakenfontein;
  • Zwanenbroedershuis fan 1538.
  • De eardere Kening Willem I Kazerne is noch hieltyd bewarre bleaun en lit it ferline fan De Bosk as garnizoenstêd sjen;
  • It Stedshûs fan De Bosk;
  • De Binnendieze in grêft dy't yn de midsiuwen as wettterboarne brûkt waard en oant 1969 as rioel brûkt waard;
  • De Kleine Winst, it âlderlik hûs fan 'Jeroen Bosch'.
  • It Gûvernemintspaleis is part fan it Noardbrabânsk Museum;
  • De Markt, it sintraal plak fan de stêd. It Puthuis en it stânbyld fan Jeroen Bosch binne dêr;
  • De smelle bochtige strjitten mei pakhûzen en keapljuswenten;
  • De ferskate lytse hôfkes.
  • Sint-Janskatedraal, de katedraal fan it Bisdom De Bosk.
  • De âlde Sint-Jabikstsjerke oan de Bethaniëstraat.
  • De nije Sint-Jabikstsjerke oan it Jeroen Boschplein, dêr't it Jheronimus Bosch Art Center yn fêstige is.
  • De Sint-Katharinatsjerke oan it Kruisbroedershof.
  • De Kapucijnenkerk warber as kleastertsjerke.
  • De skûltsjerke Onder de Roos, is in histoarysk gebou oan de Uilenburg.
  • De Sint.-Joazeftsjerke fan 1859.
  • De Grutte Tsjerke (ek wol Napoleonstsjerkey in de Kerkstraat, is warber as herfoarme tsjerke. De tsjerke waard boud nei't Loadewyk Napoleon de Sint Jan oan de katoliken weromjûn hie.
  • Waalske tsjerke (Neogoatyske gevel)
  • Biskoplik Paleis fan De Bosk
  • Kleaster Mariënburg
  • Sint Jacobs Hofje

De Bossche Broek is in 22 hektare grut natoergebiet dat fan de âlde stedswâl alhiel nei Vught ta rint. It is in unyk natoergebiet om't dy tsjin it âlde sintrum oan leit.

Yn de karnavalstiid hjit De Bosk tydlik Oeteldonk.

Yn 1996 wie de stêd it begjinpunt fan de Omgong fan Frankryk.

Berne yn De Bosk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: 's-Hertogenbosch – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. Over ons Jeroen Bosch-Sikehûs oproppen 26 septimber 2020
Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alfen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Haaren - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje