Springe nei ynhâld

Deck the Halls (film út 2006)

Ut Wikipedy
Deck the Halls
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Whitesell
produsint Arnon Milchan
Michael Costigan
John Whitesell
senario Matt Corman
Chris Ord
Don Rhymer
kamerarezjy Mark Irwin
muzyk George S. Clinton
filmstudio Regency Enterprises
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Danny DeVito
Matthew Broderick
Kristin Davis
Kristin Chenoweth
byrollen Alia Shawkat
Dylan Blue
Kelly Aldridge
Sabrina Aldridge
Jorge Garcia
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 2006
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm, krystfilm,
   famyljefilm
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $51 miljoen
opbringst $47,2 miljoen

Deck the Halls is in Amerikaanske komeedzje-, famylje- en krystfilm út 2006 ûnder rezjy fan John Whitesell. De film giet oer Buddy Hall, in lyts mantsje mei in reuseftich ego, dat mei de kryst safolle krystferljochting oan syn hûs dwaan wol, dat it út 'e romte wei te sjen is. Dat bringt him oanhâldend yn konflikt mei syn soertûtige oerbuorman, dy't krekt ekstreem behâldend is. De rol fan Buddy Hall waard fertolke troch Danny DeVito; Matthew Broderick wie de oerbuorman; en harren respektivelike oarehelten waarden spile troch Kristin Chenoweth en Kristin Davis. De titel fan 'e film ferwiist nei it bekende Ingelske krystferske Deck the Halls, mar it is yn dit gefal in wurdboarterij, mei't it ek betsjutte kin: "Slaan de Halls del". De film krige minne resinsjes, en fertsjinne yn 'e bioskopen net alle jild werom dat deryn stutsen wie.

Yn in lyts stedsje yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts wol de pleatslike eachdokter Steve Finch syn bern, de fyftjinjierrige Madison en de tsienjierrige Carter, in kryst besoargje dêr't hysels waarme oantinkens oan hat út syn bernetiid, mei sokke tradysjes as in grutte krystbeam yn 'e hûs, it brûken fan in advintkalinder, en it nimmen fan krystfoto's mei de hiele húshâlding klaaid yn gelikense krysttruien. Syn plannen begjinne mis te betearen as der midden yn 'e nacht op 1 desimber nije buorlju yn it leechsteande hûs oare kant de strjitte lûke. It binne autoferkeaper Buddy Hall, syn kreaze frou Tia en harren blonde tinertwillingdochters Ashley en Emily. Steve en syn frou Kelly komme de oare moarns mei de nije oerbuorlju yn 'e kunde as Buddy Hall harren krante stelt. Nettsjinsteande dat kinne Kelly en Tia fuort mei-inoar oer de wei, wylst de ienlike Madison freonskip slút mei Ashley en Emily. Dejingen dy't it probleem foarmje, binne Steve en Buddy, dy't inoar freonsk behannelje, mar inoar daliks al net lije meie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Buddy Hall hat in flotte babbel en kin by wize fan sprekken wol snie oan 'e Eskimo's ferkeapje, mar hy rekket altyd o sa gau ferfeeld mei alles. Dêrom ferhúzje hy en syn gesin ek sa faak. Syn frou Tia warskôget him dat se dêr sa stadichoan har nocht fan hat. As Buddy ûntdekt dat de buert fan harren nije hûs op satellytbylden te sjen is fia de webside MyEarth (in parody op Google Earth), mar dat syn eigen hûs net sichtber is, beslút er om it sichtber te meitsjen mei krystferljochting. Dat plan set ridlik ûnskuldich útein, mar neigeraden dat Buddy frustearre rekket om't it him mar net slagget en meitsje syn hûs sichtber fanút de romte, rekket er it paad stadichoan bjuster. Syn krystfersiering begjint alderhanne bûtenspoarige dingen te ynkorporearjen, lykas in echte belslide, libbene kamielen, in ljochtjaand dak en in lûdsynstallaasje mei krystmuzyk dy't de buorlju oant fjouwer oere moarns út 'e sliep hâldt.

Net inkeld hat Steve dêr lêst fan, mar Buddy kriget der yn it stedsje bekendheid mei, en dat bedriget Steve syn posysje as de "krystfanaat" en foarsitter fan 'e pleatslike krystferiening. Troch ferskate komyske ynsidinten groeit de fijânskip tusken de beide mannen. Sa wurdt de tradisjonele krystfoto fan Steve syn húshâlding yn gelikense krysttruien bedoarn as Buddy krekt op dat stuit oansetten komt mei de belslide, dêr't er in pear hynders foar spand hat dy't yn in greide bûten it stedsje "dochs mar wat omrûnen." As Steve syn bern út 'e slide hellet, slane de hynders mei him noch yn 'e slide op 'e rin en einiget er op in beferzen rivier dêr't er troch it iis sakket. By in oar ynsidint wurde de portieren fan Steve syn auto ôf skuord, en noch wer in oare kear geane de krystbeammen dy't er yn syn tún kweekt, yn flammen op troch in ûngemak mei in omreage blik diseloalje.

As Buddy syn hûs úteinlik hielendal yn 'e ljochtsjes set hat, besiket Steve om it spul te sabotearjen troch de stoppekast fol te loegjen mei snie. Syn snoade plan komt lykwols ta neat as bliken docht dat Buddy in needaggregaat hat. Buddy ûntdekt de sabotaazje, en slacht werom troch de stedskrystbeam te stellen en dy by Steve yn 'e hûs te setten, en ek troch in auto foar him te "keapjen", wêrfoar't er Steve syn hantekening ferfalsket om foar him in liening by de bank ôf te sluten. As Steve dêr efterkomt, slute de beide mannen in weddenskip ôf: se sille meidwaan oan 'e reedrydwestryd fan 'e pleatslike krystfestiviteiten; as Steve wint, hellet Buddy alle krystferljochting fuort, mar as Buddy wint, betellet Steve foar de nije auto. Steve blykt fierwei de bêste reedrider te wêzen, mar trochdat er oanhâldend hindere wurdt troch oare dielnimmers, wit Buddy úteinlik te winnen. Grimmitich byt Steve him dan ta dat er neat foarstelt en dat syn hûs mei alle krystferljochting noch altyd net sichtber is út 'e romte.

Dat docht Buddy goed sear, en hy kompinsearret syn minderweardichheidsgefoel troch in ûnbidige soad nije ljochten oan te skaffen. Dêr betellet er foar troch in kostbere faas, dy't in erfstik fan Tia har famylje is, te ferpânjen. As Tia dat ûntdekt, is se sa lulk dat se Buddy fierder yn syn eigen sop gearsiede lit en mei har beide dochters in keamer yn it pleatslike motel nimt. Underwilens wurdt Steve nachts út 'e sliep holden troch Buddy syn nije ljochten. Hy hat der skjin syn nocht fan, en keapet by in lûsje hanneler in grutte foarrie yllegaal fjoerwurk, ynklusyf in raket mei in fjoerwurkbom dy't eins yn in militêr arsenaal thúsheart. Dêrmei besiket er Buddy syn hûs op te blazen, mar troch syn eigen knoffeligens fljocht it ding ynstee by syn eigen skoarstien nei binnen, komt yn 'e iepen hurd telâne en set de wenkeamer mei Steve syn tradisjonele krystbeam yn ljochte lôge. Kelly hat dan ek har nocht fan Steve syn hieltyd healwizer wurdende strapatsen, en se lûkt mei de bern by Tia en de twilling yn om 'e kryst mei-inoar yn it motel te fieren.

No't se allebeide harren húshâldings driigje te ferliezen, komme Buddy en Steve einlings ta besinning. Buddy begjint op eigen inisjatyf syn krystferljochting fuort te heljen, en Steve stekt de strjitte oer om frede te sluten en him te helpen. Tegearre brûke se de krystferljochting om in ferljochte paad te meitsjen hielendal fan it motel nei Buddy syn hûs. As Kelly, Tia en de bern dat paad folgje, ûntdekke se dat Steve en Buddy tegearre in krystmiel foar harren reemakke hawwe.

Danny DeVito.
Matthew Broderick.
Kristin Davis.
Kristin Chenoweth.

Neitiid fiteret Steve Buddy oan om nochris te besykjen en meitsje syn hûs sichtber út 'e romte wei, en dêrta skillet er al syn pasjinten op om te helpen. It hiele stedsje komt del mei ekstra ferljochting, en in filmploech fan MTV ferskynt om ferslach te dwaan fan it barren. As Buddy de skeakeler omdraait, falt alle ferljochting lykwols fuortendaliks wer út. Der is in beskate teloarstelling, mar de stedsbewenners litte har net út it fjild slaan, en fiere ynstee kryst troch krystferskes te sjongen by it ljocht fan harren mobile tillefoanen. Dan merkt Carter, Steve syn soan, op dat ien fan 'e stekkers net goed yn it stopkontakt fan it ferlingsnoer sit. As er it ding in triuw jout, geane alle ljochten dochs noch oan. SuChin Pak, dy't it barren ferslacht foar MTV, kriget befêstiging fan MyEarth, dat it hûs fan Buddy no út 'e romte wei te sjen is, en de oanwêzigen begjinne feest te fieren.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Buddy Hall Danny DeVito
dokter Steve Finch Matthew Broderick
Kelly Finch Kristin Davis
Tia Hall Kristin Chenoweth


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Madison Finch Alia Shawkat
Carter Finch Dylan Blue
Ashley Hall Kelly Aldridge
Emily Hall Sabrina Aldridge
Wallace Jorge Garcia
Gustave Fred Armisen
Gerta Gillian Vigman
Bob Murray Ryan Devlin
Ted Beckham Lochlyn Munro
boargemaster Young Sean O'Bryan
frou Ryor Jackie Burroughs
sheriff Dave Garry Chalk
Mackenzie Nicola Peltz
Amit Sayid Kal Penn
Madison har feint Cory Monteith
fjoerwurkhanneler Zak Santiago
harsels SuChin Pak
harsels Jill Krop

Deck the Halls waard regissearre troch John Whitesell nei in senario fan Matt Corman, Chris Ord en Don Rhymer. De film, dy't oarspronklik All Lit Up ("Hielendal Ferljochte") hjitte sillen hie, waard produsearre troch Arnon Milchan, Michael Costigan en Whitesell sels foar filmstudio Regency Enterprises. De kamerarezjy waard fersoarge troch Mark Irwin, en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan George S. Clinton. Hoewol't it in folslein Amerikaanske produksje wie, waard Deck the Halls opnommen yn Vancouver en omkriten, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Der wie in budget fan $51 miljoen foar de film beskikber. De filmdistribúsje waard útbestege troch 20th Century Fox. Deck the Halls gie op 22 novimber 2006 yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Deck the Hall krige oer it algemien minne resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in tige leech goedkarringspersintaazje fan 6%, basearre op 83 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, soe Deck the Halls in "ûnnedich feninige krystfilm" wêze, dy't "fertrout op mislearre humor en in bespotlike plot" en "de sjoggers alhielendal net yn 'e krystsfear bringt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Deck the Halls in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 22 resinsjes.

Deck the Halls brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen $35,1 miljoen op, en yn oare lannen en territoaria nochris $12,1 miljoen. De totale opbringst kaam dêrmei út op $47,2 miljoen, wat betsjutte dat de film, dy't makke wie foar $51 miljoen, net út 'e kosten kaam en mar 92,5% fan 'e útjeften weromfertsjinne (hoewol't dêrby de opbringst fan ferhier yn 'e fideoteken en fan 'e ferkeap op dvd en blu-ray bûten beskôging litten binne).

Deck the Halls waard nominearre foar trije Golden Raspberry Awards foar de minste filmprestaasjes fan it jier, yn 'e kategoryen Minste Ekskús foar in Famyljefilm, Minste Byrol fan in Akteur (Danny DeVito) en Minste Byrol fan in Aktrise (Kristin Chenoweth).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.