De Sânenfjirtich Rōnin
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Sânenfjirtich Rōnin (Japansk: 四十七士, Shijūshichishi) wiene in groep rōnin (masterleaze samoerai), dy't yn desimber 1702 by it saneamde Akō-ynsidint (Japansk: 赤穂事件, Akō jiken) wraak namen foar de dea fan harren eardere daimyō (feodale hear), Naganori Asano. Dat diene se troch de residinsje oan te fallen fan hear Yoshinaka Kira, in machtige funksjonaris oan it hôf fan 'e shōgun, mei't se him ferantwurdlik holden foar de fal yn ûngenede fan harren hear, dy't ta syn dea laat hie. Nei't se Kira ombrocht hiene, joegen se harsels oer oan 'e autoriteiten, wêrnei't se allegear, op ien nei, oardere waarden om seppuku (rituele selsmoard) te dwaan. Om't se yn 't foar wisten dat soks har foarlân wêze soe, mar dochs trochsetten mei it wreekjen fan harren hear, wurdt dit foarfal yn 'e Japanske kultuer beskôge as in foarbyldich neilibjen fan 'e bushido, de koade fan ear fan 'e samoerai. It ferhaal fan 'e Sânenfjirtich Rōnin krige neitiid in legindaryske status, en der waarden gâns fiksjewurken op basearre, lykas toanielstikken en films, safolle sels dat se har ûntjoegen ta in spesjaal sjenre, de chūsingura.
Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1701 waarden twa jonge daimyō (eallju) oan it hôf fan 'e shōgun yn Edo oardere, om yn it ramt fan harren sankin-kōtai-tsjinst oan shōgun Tsunayoshi Tokagawa, in foechsum ûnthaal te beävensearjen foar de fertsjintwurdigers fan keizer Higashiyama. Hja wiene Naganori Asano fan Akō en Korechika Kamei fan Tsuwano. Foar dy taak krigen se ynstruksjes yn 'e needsaaklike hofetikette fan hear Yoshinaka Kira, in machtige hofdignitaris. Der ûntstie wriuwing tusken de beide eallju en Kira, al is net persiis bekend hoe. Neffens guon ferhalen soe Kira de presinten dy't de eallju him joegen (by wize fan tradisjonele kompinsaasje foar in learaar of mentor) net genôch of net goed genôch fûn hawwe. Oare ferhalen hâlde út dat er korrupt wie en dat se him de omkeapsom dy't er easke, net jaan woene, of dat er fan natuere in arrogante ûnfatsoen wie. Yn elts gefal begûn Kira de beide eallju min te behanneljen en kear op kear te misledigjen.
Yn 't earstoan ferdroech Asano dat stoïsynsk, wylst Kamei ta razernij dreaun waard en risselwearre om Kira te deadzjen út wraak foar de misledigings. Soks soe lykwols net inkeld op himsels, mar ek op syn famylje en al syn ûnderhearrigen weromslein hawwe, dat Kamei syn slûchslimme samoerai skoden Kira temûk in grutte omkeapsom ta, wêrnei't dy harren hear fatsoenlik begûn te behanneljen en Kamei ôfseach fan syn plannen. De misledigings oan it adres fan Asano giene lykwols troch. Op 't lêst ferlear Asano syn selsbeshearsking en fleach er Kira oan yn 'e Matsu no Ōrōka, it grutte oerdutsen rinpaad fan it Kastiel fan Edo, dat de Shiro-shoin en de Honmaru Goten mei-inoar ferbynt. Dêrby loek er syn dagge en ferwûne Kira dêrmei yn it gesicht ear't de beide mannen troch wachters útinoar helle waarden.
De ferwûning fan Kira stelde net folle foar, mar in oanfal op in funksjonaris fan it shōgunaat yn 'e eigenste residinsje fan shōgun sels wie in tige earnstige saak. Boppedat hie Asano it bestien om in blank wapen te lûken yn it Kastiel fan Edo, dêr't dat strang ferbean wie. Hy krige dêrom de deastraf oplein, mar waard omreden fan syn aadlike rang net ophongen as de iene of oare sljochtwei krimineel. Ynstee waard er oardere om seppuku (rituele selsmoard) te dwaan, sadat er syn ear behâlde koe. Dêrby stjit de útfierder in dagge djip yn syn búk, wêrnei't syn kaishakunin (of sekundant) him ûnnut fierder lijen besparret troch him mei in katana (swurd) te ûnthalzjen. Asano syn besittings en domein waarden konfiskearre, syn famylje út har wente en maatskiplike klasse set en syn samoerai waarden ta rōnin makke: masterleaze krigers dy't bleatstiene oan ferachting om't se neat better wiene as hierlingen. It berjocht fan al dit ûnheil waard nei Akō, yn westlik Honsjû, brocht, dêr't de samoerai (no rōnin) Yoshio Ōishi it befel fierde yn 'e ôfwêzigens fan syn hear. Hy soarge derfoar dat de famylje fan Asano fuortgean koe foar't er it kastiel en it domein oan 'e fertsjintwurdigers fan 'e shōgun oerdroech.
Gearspanning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't wraak foar de dea fan Asano ferbean wie troch de shōgun, wat betsjutte dat dejingen dy't har dêr net oan holden perfoarst de deastraf krije soene, wegeren fan Asano syn mear as 300 samoerai 47 man om har dêrby del te lizzen. Under lieding fan Ōishi spanden dyselden gear en swarde se in geheime eed om Asano te wreekjen. Kira liet himsels lykwols swier bewekje om't hy wol foar it ferstân hie dat er omreden fan syn rol by de dea fan Asano yn gefaar ferkearde. De sânenfjirtich rōnin besleaten dat se gjin oare kar hiene as om harren kâns ôf te wachtsjen oant de konsintraasje fan Kira syn mannen fersloppe. Sadwaande giene se útinoar en bouden se in nij bestean op as ambachtslju en boedistyske mûntsen.
Ōishi sels gie nei Kyoto, dêr't er kroegen en bordelen begûn te besykjen. Om har te beskermjen, liet er him nei in houlik fan tweintich jier skiede fan syn trouwe frou, dy't er mei harren beide jongste bern nei syn skoanâlden stjoerde. Syn âldste soan Chikara Ōishi stelde er foar de kar wat er dwaan woe: bliuwe en stjerre of fuortgean en libje. Chikara keas derfoar om te bliuwen. Ōishi begûn neitiid it bestean fan in sûplap te lieden en einige jûns let gauris smoardronken yn 'e goate. Ek hold en droech er him yn it iepenbier op obsene wize. Dat waard allegear oan Kira oerbrocht, dy't Ōishi it gefaarlikst fan alle rōnin wist en him dêrom bespionearje liet. Doe't der sa oardel jier foarby gien wiene, rekke Kira derfan oertsjûge dat Ōishi wier oan legerwâl rekke wie en dat der neat fan him útgie. Dêrop fersloppe syn wachens.
De rest fan 'e sânenfjirtich rōnin kamen ûnderwilens gear yn Edo, dêr't se as sljochtwei arbeiders en keaplju tagong krigen ta de residinsje fan Kira en harsels bekend makken mei de opbou fan it hûs. Ien fan 'e rōnin, Kanehide Okano, troude sels mei de dochter fan 'e boumaster dy't it hûs set hie, sadat er de boutekenings bemachtigje koe. Oaren smokkelen wapens Edo binnen, wat op himsels al in earnstich fergryp wie. Nei twa jier, doe't Ōishi derfan oertsjûge wie dat Kira nearne mear aan fan hie, ûntflechte er Kyoto en joech him by syn mannen syn Edo, dêr't se allegearre harren eed fernijden.
De oanfal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e iere moarn fan 14 desimber 1702, by hurde wyn en swiere sniefal, oerfoelen de sânenfjirtich rōnin yn Edo de residinsje fan Kira. Neffens in soarchfâldich yn 't foar betocht plan spjalten se har op yn twa groepen, de iene ûnder lieding fan Yoshio Ōishi en de oare oanfierd troch syn soan Chikara Ōishi, dy't tagelyk de haadpoarte, resp. de efterpoarte fan it kompleks oanfoelen. Se besochten de samoerai fan Kira safolle mooglik sûn en wol finzen te nimmen, wêrnei't dyselden fêstbûn waarden. Ōishi stjoerde ek boadskippers nei de buorlju ta, dy't útleine dat de oanfallers gjin dieven of ynbrekkers wiene, mar dat it om in saak fan katakiuchi (wraak) gie, wêrby't de buorlju neat te freezjen hiene. De buorlju, dy't Kira blykber allegear tsjin him yn it harnas jage hie, bearden dêrnei dat se neat fan alle trelit murken en bemuoiden har nearne mei.
Ōishi stelde bôgesjitters op om foar te kommen dat de samoerai fan Kira fuortkomme koene om fierderop om help te gean. Tsien fan 'e samoerai wisten foar te kommen dat de groep fan Ōishi troch de haadpoarte brekke koe, mar de groep fan Chikara briek troch de wjerstân by de efterpoarte en foel de tsien yn 'e rêch oan. Underwilens ferskûle hear Kira sels him yn in kast mei syn frou en it froulike tsjinstfolk. Oare samoerai, dy't yn in barak fierder by it hûs wei sliepten, besochten fjochtsjendewei it hûs te berikken, mar de groepen fan Ōishi en Chikara hiene al kontakt makke en wisten dat foar te kommen. Dêrop stjoerden de samoerai om help, mar de boadskippers waarden delsketten troch de bôgesjitters dy't Ōishi earder opsteld hie. Uteinlik, nei in fûleindich gefjocht, moasten Kira syn samoerai belies jaan. De rōnin, dy't de striid allegearre min ofte mear ûnskansearre oerlibben, hiene achttjin fan harren fijannen deadien en nochris twaentweintich ferwûne, ûnder wa de pakesizzer fan Kira. Se pasten goed op dat se froulju, bern en oare ûnbewapene lju neat diene.
Ōishi liet de wente trochsykje om Kira sels te finen, mar der wie fan him gjin spoar. Doe't Ōishi lykwols syn bêd befielde, bliek dat noch waarm te wêzen, dat de rōnin wisten dat er hjir earne wêze moast. Uteinlik fûnen se him ferskûle yn in stienkoalskuorke. Omreden fan 'e hege rang fan harren finzene behannele Ōishi Kira mei grutte earbied, mar hy stie der by him op oan dat er krekt as Asano seppuku dwaan soe. Hy treau him dêrfoar de dagge fan Asano yn 'e hannen en stelde foar dat hy (Ōishi) sels syn kaishakunin wêze soe, dejinge dy't de selsmoarddogger de genedeklap jout. Hoe't er lykwols ek op Kira ynprate, de ealman joech gjin beskie, mar lei inkeld yninoar krompen te beevjen op 'e flier. Op 't langelêst liet Ōishi him dêrom troch in stikmannich fan 'e rōnin fêsthâlde, wêrnei't er him deade troch him mei de dagge fan Asano de holle ôf te snijen. Foar't se de residinsje fan Kira yn it besit fan syn holle ferlieten, soargen de rōnin derfoar dat se alle kjersen, lampen en fjurren yn it hûs útmakken, om foar te kommen der der brân útbrekke koe dy't yn 'e fan hout boude stêd maklik oerslaan koe nei de huzen fan 'e buorlju.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan 'e rōnin, Kichiemon Terasaka, waard neitiid nei Akō stjoerd om der dêr ferslach fan te dwaan dat hear Asano wrutsen wie. (Dat is de gongberste ferzje fan it ferhaal; der wurdt ek wol sein dat Terasaka foar of nei de oanfal útnaaide of troch Ōishi oardere waard om him ôf te jaan foar't de oare rōnin har oerjoegen.) Nei't se de residinsje fan Kira ferlitten hiene, marsjearren de oare seisenfjirtich rōnin likernôch 10 km troch Edo nei it grêf fan harren hear by de timpel Sengaku-ji, dêr't se de holle fan Kira wosken en him mei de dagge op it grêf pleatsten. Doe beaën se yn 'e timpel, joegen de abt alle jild dat se noch hiene en fregen him om harrensels neitiid in fatsoenlike begraffenis te jaan. Dêrnei joegen se harsels oan by de autoriteiten. Underwilens kamen in pear freonen fan Kira om syn holle, dêr't se de timpel in resu foar joegen dat noch altyd bewarre wurdt.
De Japanske oerheidsfunksjonarissen waarden troch dizze kwestje foar in dreech fraachstik pleatst, want oan 'e iene kant hiene de rōnin harren foarbyldich oan 'e bushido-koade fan 'e samoerai holden en waard harren hâlden en dragen rûnom bewûndere troch de befolking, mar oan 'e oare kant hiene se in ekplisyt ferbod op it neistribjen fan wraak folslein oan har lears lape. De shōgun loste it probleem op troch de rōnin te rehabilitearjen ta samoerai, wêrnei't se oardere waarden om seppuku te dwaan. Dat krige syn beslach op 20 maart 1703. De jongste fan harren wie Chikara Ōishi, dy't by de oanfal noch mar fyftjin en by syn dea noch mar sechtsjin jier wie.
De sânenfjirtichste rōnin, Kichiemon Terasaka, krige amnesty fan 'e shōgun doe't er lang om let fan syn misje nei Akō weromkearde. De reden dêrfoar is ûndúdlik. Yn elts gefal libbe er oant er omtrint 1747 yn 'e âldens fan 87 jier kaam te ferstjerren. Dêrnei waard er begroeven by de oare seisenfjirtich rōnin, dy't nei harren seppuku op 'e gerjochtichheid fan 'e Sengaku-ji-timpel foar it grêf fan hear Asano begroeven wiene. Mei de rehabilitaasje fan 'e sânenfjirtich rōnin waard ek it aadlik laach Asano rehabilitearre. Neitiid stie de shōgun ta dat Nagahiro Asano, de jongere broer fan Naganori Asano, de hearskippij oer Akō op him naam, al besloech it domein tsjin dy tiid noch mar in tsiendepart fan it oerflak dat it earder hân hie.
Nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sânenfjirtich Rōnin wiene:
- Kuranosuke Yoshio Ōishi (大石 内蔵助 良雄)
- Chikara Yoshikane Ōishi (大石 主税 良金)
- Sōemon Mototoki Hara (原 惣右衛門 元辰)
- Gengoemon Takafusa Kataoka (片岡 源五右衛門 高房)
- Yahei Kanamaru Horibe (堀部 弥兵衛 金丸)
- Yasubei Taketsune Horibe (堀部 安兵衛 武庸)
- Chūzaemon Kanesuke Yoshida (吉田 忠左衛門 兼亮)
- Sawaemon Kanesada Yoshida (吉田 沢右衛門 兼貞)
- Kanroku Yukishige Chikamatsu (近松 勘六 行重)
- Kyūdayū Masaaki Mase (間瀬 久太夫 正明)
- Magokurō Masatoki Mase (間瀬 孫九郎 正辰)
- Genzō Shigekata Akabane (赤埴 源蔵 重賢)
- Matanojō Takanori Ushioda (潮田 又之丞 高教)
- Sukeemon Masayori Tominomori (富森 助右衛門 正因)
- Kazuemon Masatane Fuwa (不破 数右衛門 正種)
- Kin'emon Kanehide Okano (岡野 金右衛門 包秀)
- Jūnai Hidekazu Onodera (小野寺 十内 秀和)
- Kōemon Hidetomi Onodera (小野寺 幸右衛門 秀富)
- Okaemon Sadayuki Kimura (木村 岡右衛門 貞行)
- Magodayū Shigemori Okuda (奥田 孫太夫 重盛)
- Sadaemon Yukitaka Okuda (奥田 貞右衛門 行高)
- Tōzaemon Mitsutaka Hayami (早水 藤左衛門 満尭)
- Gorōemon Suketake Yada (矢田 五郎右衛門 助武)
- Sezaemon Nobukiyo Ōishi (大石 瀬左衛門 信清)
- Jūrōzaemon Masahisa Isogai (礒貝 十郎左衛門 正久)
- Kihei Mitsunobu Hazama (間 喜兵衛 光延)
- Jūjirō Mitsuoki Hazama (間 十次郎 光興)
- Shinrokurō Mitsukaze Hazama (間 新六郎 光風)
- Kansuke Masatoki Nakamura (中村 勘助 正辰)
- Saburobei Mitsutada Senba (千馬 三郎兵衛 光忠)
- Hannojō Masatoshi Sugaya (菅谷 半之丞 政利)
- Kihei Hidenao Muramatsu (村松 喜兵衛 秀直)
- Sandayū Takanao Muramatsu (村松 三太夫 高直)
- Densuke Takeyuki Kurahashi (倉橋 伝助 武幸)
- Yasoemon Tsuneshige Okajima (岡島 八十右衛門 常樹)
- Gengo Tadao Ōtaka (大高 源五 忠雄)
- Emoshichi Norikane Yatō (矢頭 右衛門七 教兼)
- Shinzaemon Taketaka Katsuta (勝田 新左衛門 武尭)
- Tadashichi Takashige Takebayashi (武林 唯七 隆重)
- Isuke Munefusa Maebara (前原 伊助 宗房)
- Yazaemon Tomonobu Kaiga (貝賀 弥左衛門 友信)
- Jūheiji Tsugifusa Sugino (杉野 十平次 次房)
- Yogorō Noriyasu Kanzaki (神崎 与五郎 則休)
- Jirōzaemon Kanetsune Mimura (三村 次郎左衛門 包常)
- Kanbei Munetoshi Yakokawa (横川 勘平 宗利)
- Wasuke Tsunenari Kayano (茅野 和助 常成)
- Kichiemon Nobuyuki Terasaka (寺坂 吉右衛門 信行)
Leginde en adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal fan 'e Sânenfjirtich Rōnin waard neitiid yn 'e Japanske kultuer legindarysk as in foarbyldich neilibjen fan 'e bushido, de koade fan ear fan 'e samoerai. Want hoewol't se wisten dat se der foar 't neist de deastraf foar krije soene, setten se dochs troch. In punt fan krityk, lykas utere troch Tsunetomo Yamamoto yn syn Hagakure, wie wol dat se eins te lang wachten, want wat as Kira ûnderwilens siik rekke en ferstoarn wie? Dan hiene de rōnin harrensels en de Asano-famylje net rehabilitearje kinnen en hiene se foar ivich bekend stien as lefferts en dronkelappen. Mar nettsjinsteande dat komme elts jier op 14 desimber noch altyd tûzenen Japanners del nei de Shengaku-ji-timpel om eare te bewizen oan 'e Sânenfjirtich Rōnin.
Neitiid waard it ferhaal fan 'e Sânenfjirtich Rōnin adaptearre ta gâns fiksjewurken. Meitiid waarden sokke wurken basearre op dit foarfal sels ta in eigen sjenre, dat chūshingura neamd wurdt, wat letterlik "Skat fan Trouwe Tsjinners" betsjut. Yn 't earstoan gie it dêrby fral om toanielstikken. Fanwegen de sensuer op hjoeddeistige ûnderwerpen waarden de earste 75 jier de nammen fan alle belutsenen feroare. Japanske printmakkers, lykas Hokusai, Ultamaro en Hiroshige ferwurken de leginde fan 'e Sânenfjirtich Rōnin in protte yn harren wurk. It postúm útjûne boek Illustrations of Japan, fan Isaac Titsingh makke it ferhaal yn 1822 foar it earst bûten Japan bekend. Yn 'e tweintichste en ienentweintichste iuw waarden der trettjin films op it ferhaal basearre, wylst der yn 1997 ek in chūshingura-opera makke waard troch Shigeaki Saegusa.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|