Blank wapen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In blank wapen is in hânwapen mei in limmet of klinge, wêrfan't de punt skerp is en bedoeld om by de tsjinstanner yn it lichem te kringen. Sokke wapens binne yn it foarste plak messen, daggen, swurden en bajonetten, wylst ek spearen eventueel ûnder dizze definysje falle kinne soene. Slachwapens dy't (mear) bedoeld binne om 'e tsjinstanner te ferpletterjen (lykas bilen), kinne hjir net ta rekkene wurde. Hjoed de dei binne blanke wapens foar it measte part út de tiid rekke, hoewol't de measte kriichsmachten noch wol gebrûk meitsje fan beskate spesjalisearre soarten daggen en/of fan bajonetten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: