Mês

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Mes)
Jump to navigation Jump to search
mês

In mês, mes of knyft is in skerp stik ark om mei te snijen. De meast normale foarm is in rjocht limmet mei ien skerpe side en in hantfet (heft). Yn de skiednis fan de minsk spilet it mês in grutte rol. Hy wie dêrmei by steat him tsjin gruttere rôfdieren te beskermjen en der waarden in soad bewurkings fan hûden, bistekarkassen en houten foarwerpen mooglik. Hoewol't de messen destiids fan stien wiene en eigentlik net mear as splinters mei in skerpe râne, is it prinsipe altyd itselde bleaun: in kegge dy't in objekt yn twaen spjalt. Messen kinne ek ynboud wêze as draaiende skiven lykas yn blenders.

It mês hat yn it folkslibben fan Fryslân in rol spile. Foarken binne frij jong, mar eltsenien brûkte it mês (by Gysbert Japiks 'hogge') by it iten (leppels).

As men it mês by immen op tafel lei, brûkte men dêr it middeisiten. By gastmielen en begraffenissen naam eltsenien syn eigen mês mei. Yn earder tiden ha der in soad messelûkerijen (bekkesnije) west. In mês yn de balke stekke wie in útdaging. Gelokkich as men dan 'it oare mês yn de skie hâlde', dat wol sizze as de partijen like sterk wiene. Oan de fersiering fan mêshêften en skieën is in soad soarch bestege. In sulveren 'hecht' wie bygelyks in keatspriis. Benammen yn De Wâlden stiene de manlju gau 'mei it mês dwers yn 'e bek'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: