De Rook fan it Lân
De Rook fan it Lân | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Ulbe van Houten | |
taal | Frysk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | mainstream | |
1e publikaasje | 1943, Ljouwert | |
oarspr. útjwr. | T. van der Wey | |
kodearring | ||
ISBN | 9 07 00 98 44X |
De Rook fan it Lân is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en skoalmaster Ulbe van Houten (1904-1974). It bestiet út tsien koarte ferhalen en ien novelle, dy't foar it meastepart yn 'e 1930-er jierren skreaun binne. De bondel waard foar it earst yn 1943 útjûn en yn 1965 werprinte yn in justjes oare gearstalling. Yn 1994 ferskynde der yn it ramt fan 'e rige Fryske Klassiken in trêde printing, dy't besoarge waard troch Trinus Riemersma, en útjûn by Utjouwerij Fryslân yn gearwurking mei de Afûk.
Utjeften
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koarte ferhalen út De Rook fan it Lân binne foar it meastepart yn 'e 1930-er jierren skreaun en publisearre yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael, dat it orgaan wie fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS), in organisaasje dêr't Van Houten nochal aktyf yn wie. Inkele fan 'e ferhalen ferskynden foar it earst yn 'e 'folksboekjes' dy't it KFS yn 'e tritiger jierren útjoech om 'e Friezen oan it lêzen te krijen.[1] It ferhaal De Wraak, dat earder al ferskynd wie yn Yn Us Eigen Tael, waard yn 1937 ek nochris apart publisearre, as ûnderdiel fan 'e Frisia-rige, wylst Spul om Douwe troch Van Houten bydroegen waard oan 'e blomlêzing Fryske Sketsen, út 1934.[2]
De earste printinge fan De Rook fan it Lân ferskynde ûnder de Twadde Wrâldoarloch by útjouwerij T. van der Wey te Ljouwert, as in boekje fan 92 siden, ôfprinte op krantepapier en ynbûn mei trije nytsjes.[3] It jier fan ferskinen wurdt dêr net yn neamd, en yn syn Ferantwurding by de twadde printinge sei Van Houten inkeld dat de earste printinge "yn 'e besettingsjierren" útkommen wie. Trinus Riemersma wist yn 1994 lykwols út it argyf fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) te efterheljen dat de earste printinge fan De Rook fan it Lân datearre út 1943.[4] De ferhalen Spul om Douwe en De Wraak binne yn 'e earste printinge fan 'e bondel net opnommen; Riemersma ornearret dat de reden dêrfoar wie dat dy beide ferhalen maklikernôch op oare wizen troch it lêzerspublyk beset wurde koene, en folle minder as Van Houten syn oare ferhalen it risiko rûnen om fersille te reitsjen.[5] De novelle Ein fan 'e Mars koe yn 1943 noch net útjûn wurde om't Van Houten dêr gjin goedkarring fan 'e Dútske autoriteiten yn beset Nederlân foar krije koe.[6] Ta beslút ûntbrekt ek it ferhaal Brief nei Kanada yn 'e earste printinge, mar dat kaam om't dat doe noch net skreaun wie.[7]
Yn 1965 ferskynde de werprintinge fan De Rook fan it Lân yn in royale bondel fan 192 siden by Utjouwerij Laverman te Drachten, foarsjoen fan in hurd kaft mei in stofomslach ûntwurpen troch Meinte Walta.[8] Om ûndúdlike redens is it ferhaal Tillefoan út 'e twadde printinge weilitten,[9] wylst Spul om Douwe, De Wraak, Ein fan 'e Mars en it pas yn 1958 skreaune Brief nei Kanada tafoege binne.[10] Fierders hie it ferhaal Ferlerne Soan in oare titel krigen: Reis nei Hûs (in omneaming dy't yn 'e trêde printinge troch Riemersma weromferoare waard).[11]
Fan de Ferantwurding, dy't Van Houten oan 'e twadde printinge taheakke, lit Riemersma net folle hiel yn syn beskriuwing fan eardere útjeften efteryn de trêde printinge. Dêryn waard neffens him "net allinnich heale of hielendal gjin ynformaasje jûn [bgl. oer de titelferoaring fan Ferlerne Soan], der wurdt ek sa skriklik yn lygd dat men it suver net foar mooglik hâldt."[12] Van Houten wie nammentlik (yn Riemersma syn wurden) "ôfgryslik oan it verschlimmbessern" gien, d.w.s. oan it ferbetterjen dêr't er it minder mei makke.[13] Yn syn Ferantwurding skreau er lykwols dat er syn ferhalen yn 'e nijste stavering set hie, mar fierder gjin neamensweardige feroarings yn 'e tekst oanbrocht hie.[14] Riemersma: "Ik tink, as men foar elke feroaring dy't Van Houten oanbrocht hat, in sint rekkent, dan hat men in knappe flesse jenever. Ik haw de earste side fan De Beam en fan Fakânsje yn printing ien en twa mei-inoar fergelike, en ik telde sa'n fjirtich feroaringen de side. It kinne fansels yn oare ferhalen wat minder wêze."[15] Riemersma wie ek net ûnder de yndruk fan 'e kwaliteit fan 'e feroarings, mei't er fûn dat Van Houten "oer 't generaal syn krêftige styl fersloppe"[16] hie en dat "dizze ynfoegingen de styl stiver en stadiger"[17] makken. Boppedat wied er fan betinken dat skriuwers "letter net mear yn har wurk omgrieme [moatte]. As in wurk ôf is, is it skeppingsproses ta in ein kommen, en dat kin letter oangeande dat wurk nea wer opstart wurde."[18]
De trêde printinge fan De Rook fan it Lân ferskynde yn 1994 te Ljouwert by Utjouwerij Fryslân yn gearwurking mei de Afûk, yn it ramt fan 'e rige Fryske Klassiken.[19] Dizze nije útjefte omfieme sawol alle ferhalen dy't yn 'e earste printinge opnommen wiene, as de trije ferhalen dy't oan 'e twadde printinge tafoege wiene. Yn oerienstimming mei de regels dy't opsteld wiene foar de besoarging fan dy rige waard dêrby útgien fan 'e earste printinge yn boekfoarm, wat betsjutte dat Van Houten syn feroarings út 'e twadde printinge weromdraaid waarden.[20]
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Beam
- Fakânsje
- Tillefoan
- Sabbatsreis
- Ferlerne Soan
- Maaie
- Lêste Reis
- Spul om Douwe
- De Wraak
- Brief nei Kanada
- Ein fan 'e Mars
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn resinsjes fan De Rook fan it Lân wiene de kritisy benammen bliid mei Van Houten syn taalgebrûk, en teffens mei de personaazjes yn 'e ferhalen.[21] Durk van der Ploeg skreau op 24 septimber 1965 yn Frysk en Frij: "Hy [Van Houten] kin feiten en persoanen yn inkelde halen dúdlik en raak op papier krije."[22] "Dêrby,", sa folle Freark Dam op 16 novimber fan dat jier yn 'e Drachtster Krante oan, "is er in minskekenner, dy't benammen each hat ek foar de tragyske kanten fan libben en maatskippij en net minder foar de ôfstân sa't dy ûntstean kin tusken de generaasjes. In fine, mylde humor krûdet dit wurk."[23]
As minpunten wurde ûnderfûn de komposysje fan 'e ferhalen, mei't Van Houten syn krêft mear lizze soe yn sfearbeskriuwing as yn 'e opbou fan 'e plot.[24] Fierders liet Van Houten neffens ferskate resinsinten blike dat syn eigen wrâld wat beheind wie, troch krêfteleaze beskriuwings fan dingen dy't dêrbûten leine. Van der Ploeg skreau op dat mêd oer de novelle Ein fan 'e Mars (oer de Dútske ynvaazje fan Nederlân yn 'e maaiedagen fan 1940): "Dêr docht bliken dat Van Houten net bûten syn eigen wrâld komme moat. Hy is as skriuwer wrâldfrjemd en it ferhaal fan de mobilisaasje spilet yn in wrâld dy't winliken bûten syn eachweid leit."[25] Yn syn beskriuwing by de trêde printinge foeget Riemersma dêroan ta: "Van Houten [is] op 'en bêsten as er skriuwt oer doarpslju en de dingen fan it doarp. Komt er dêrbûten, dan ferslacht er yn in karikatuer of syn beskriuwing wurdt machteleas."[26]
Konkludearjend skriuwt Riemersma fierders: "It proazawurk fan Ulbe van Houten bringt jin werom nei it Fryslân fan alear, mei syn boeren, gernieren en arbeiders. In sletten plattelânsmienskip dêr't elk syn plak yn hie en de stânsferskillen net te oerbrêgjen wienen. De gernieren binne needrige, drege wrotters, de boeren grutste potentaten, de arbeiders net yn tel. Eins net sa'n noflike wrâld. Van Houten lit dy machtsûngelykheid wol sjen, mar hy is yn syn wurk gjin sosjaal strider. Hy hat benammen each foar de licht tragyske en iroanyske sitewaasje dêr't syn persoanen yn bedarje. Oer kweade dingen en missetten ljochtet syn mylde humor. Syn Fryslân is in idyllyske enklave dêr't foar it kwea gjin duorjend plak is."[27]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|