Springe nei ynhâld

De Beam (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
De Beam
algemiene gegevens
auteur Ulbe van Houten
taal Frysk
foarm koart ferhaal
1e publikaasje 1943, Ljouwert (yn boekfoarm)
oarspr. útjwr. T. van der Wey
bondel De Rook fan it Lân

De Beam is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en skoalmaster Ulbe van Houten (1904-1974). It is skreaun yn it personeel perspektyf, en giet oer it ferstjerren fan in âld boer. Van Houten skreau De Beam yn 'e 1930-er jierren en publisearre it wierskynlik oarspronklik yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael. Dat wie it orgaan fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS), in organisaasje dêr't Van Houten nochal aktyf yn wie. Yn 1943 waard De Beam tafoege oan 'e ferhalebondel De Rook fan it Lân, dy't yn 1965 werprinte waard, en yn 1994 nochris, dy lêste kear yn it ramt fan 'e rige Fryske Klassiken.

Yn De Beam, dat yn 'e statige sfear fan 'e 1930-er jierren spilet, komt de lêzer yn 'e kunde mei in âld-boer, dy't Van Houten inkeld oantsjut as 'Alde Roarda'. Hy wennet by it gesin yn fan syn soan Dirk en skoandochter Klas, mei't Dirk syn heit opfolge is as boer, en de âldman net mear allinnich yn 'e buorren wenje kin. Dêr hat er wol jierren mei syn frou Eke húsmanne nei't er boer-ôf wurden wie, mar doe't er nei it ferstjerren fan Eke sels ek yn 'e minnichte rekke, is er by de bern ynkommen. Oan 'e iene kant is er bliid dat er wer op 'e pleats wennet, dêr't er yn syn eigen stoel foar syn eigen rút sitte kin en nei de fruchtebeam sjen kin dêr't er in sin by hat. Oan 'e oare kant is it fansels sa dat er no gjin eigen baas mear is, mar him skikke moat nei syn soan en skoandochter, wat wolris dreech is.

De ôfrûne winter hat Roarda slim siik west en it by de dea om 't ôf helle, mar no is it maityd en fielt er him wer knap. It is snein en de middeis nei iten geane Dirk en Klas mei de beide jonges nei tsjerke. Alde Roarda hat harren by heech en by leech besward dat er him wol in goed oere allinnich rêde kin. Wat er net seit, is dat er ek wol wer ris eefkes allinnich wêze wol. Hy jout him del op in túnbank ûnder de omraak bluossemjende beam, en oertinkt syn libben. As it him inkele kearen efterinoar flink beset en as er bloed begjint op te jaan, begrypt er dat syn ein nei-oan is, en dêr hat er frede mei. Hy stjert dêr ûnder de beam yn 'e stille tún, dêr't de wite blêden fan 'e bluossems delsnije op syn bloedberûne klean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Houten, Ulbe van, De Beam, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 6-15.
  • Riemersma, Trinus, Oer Skriuwer, Boek en Utjeften, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 189-201.