Springe nei ynhâld

Brief nei Kanada

Ut Wikipedy
Brief nei Kanada
algemiene gegevens
auteur Ulbe van Houten
taal Frysk
foarm koart ferhaal
sjenre bewegingsliteratuer
1e publikaasje 1958, tinkboek 50-jierrich
   bestean KFS
oarspr. útjwr. Kristlik Frysk Selskip
bondel De Rook fan it Lân

Brief nei Kanada is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en skoalmaster Ulbe van Houten (1904-1974). It is skreaun yn it ik-perspektyf, yn 'e foarm fan in brief fan in heit oan syn soan dy't nei Kanada ta emigrearre is. Van Houten skreau Brief nei Kanada foar it tinkboek dat yn 1958 útjûn waard ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Kristlik Frysk Selskip. Neitiid waard it ferhaal opnommen yn Van Houten syn ferhalebondel De Rook fan it Lân.

Hast alle koarte ferhalen fan Ulbe van Houten binne skreaun yn 'e 1930-er jierren, en wat dat oangiet, kaam Brief nei Kanada in hiel ein efteroan. Mar Van Houten wie suver syn libben lang aktyf yn it Kristlik Frysk Selskip (KFS), en neffens Trinus Riemersma is er fanút dy organisaasje ûnder druk set om noch in ferhaal foar harren tinkboek te skriuwen, dy't yn 1958 útkaam ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it KFS.[1] Neitiid waard Brief nei Kanada yn 1965 opnommen yn 'e twadde printinge fan Van Houten syn ferhalebondel De Rook fan it Lân. Dêrfan ferskynde yn 1994 in trêde printinge yn it ramt fan 'e rige Fryske Klassiken, dy't besoarge waard troch Trinus Riemersma en útjûn waard troch Utjouwerij Fryslân yn gearwurking mei de Afûk.

Brief nei Kanada is skreaun yn it ik-perspektyf, en hat de foarm fan in brief dat yn 1957 skreaun wurdt troch de nammeleaze ik-persoan, in skoalmaster en foarsitter fan 'e tsjerkerie yn in doarp yn 'e Wâlden, oan syn soan Jehannes, dy't nei Kanada ta emigrearre is. It brief wurdt skreaun nei oanlieding fan in fraach fan 'e soan oer foarfallen dy't in skoftke earder yn it doarp plakfûn hawwe, en dêr't yn in brief fan syn mem nei ferwiisd waard sûnder krekt út te lizzen hoe en wat.

Master (de ik-persoan) is immen dy't de Fryske taal in waarm hert tadraacht, en yn it ferline alris besocht hat en bewurkmasterje dat der yn syn doarp in Fryske tsjinst holden wurdt. Dat wie doe in brêge te fier. Koartby, lykwols, siet de tsjerkerie foar in beskate snein om in dûmny ferlegen, en waard master troch Kupers, de skriba, fersocht om in kunde fan him, in dûmny Hekstra, dêrfoar te freegjen. No wie fan dy Hekstra bekend dat er mei oare saken drok wie, mar ek wied er in Frysk beweger, dat, sei master, as we him noris foar in Fryske tsjinst freegje, dan wol er grif wol skikke. No, sei Kupers, oars moast dat mar, mar dat doarst er net op eigen manneboet te beävensearjen.

De folgjende sneins wiene de oare leden fan 'e tsjerkerie lykwols sa hastich dat Kupers, dy't net sa'n flotte prater wie en der wat yn omeamele, har net oan it ferstân krige wêr't it him om te dwaan wie. In dûmny regelje? Dêr rêde de skriba him oars ek mei, net? It wie har fierders allegear wol goed. En fuort wiene se. Kupers, lulk, joech master dêrop frij om Hekstra te skiljen. Oant sa fier alles goed, en it wie ek goed kommen as master sels thús syn mûle net foarby praat hie. Mar dat died er wol, sûnder derby te sizzen dat syn frou en dochter Pyt it ûnder de pet hâlde moasten. It tafal woe dat tiisdeitejûns op 'e gearkomste fan 'e fammeferiening it ûnderwerp op Frysk yn 'e tsjerke kaam, mei't der in sprekster wie dy't soks ûnfatsoenlik neamde en it oer "eerbied voor het Woord" hie. Dêrop flapte Pyt derút dat der kommende snein hjir yn it doarp oars in Fryske tsjinst wie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dêrmei wie de saak fansels út, want it nijs gie as diggelfjoer troch it doarp. De oare moarns waard master opskille dat de tsjerkeriedsleden dy jûns in ekstra gearkomste hâlde woene. Op dy gearkomste joegen ferskate leden ta dat se dizze gong fan saken oan harsels te witen hiene om't se ôfrûne snein net better nei Kupers harkje wollen hiene, mar likegoed fûnen se net dat ta it hâlden fan in Fryske tsjinst besletten wurde koe sûnder dat de hiele rie deroer gear west hie. It foel master trouwens hielendal net ôf, want de omstannichheden mei it ferlet fan in dûmny en Hekstra syn persoanlike drokte en stânpunten yn oanmerking nommen, fûn de mearderheid fan 'e mannen dat de Fryske tsjinst oars dochs mar trochgean moast.

Doe kaam Jurjen Visser lykwols mei it berjocht dat oankommend wykein syn dochter Trynke thúskaam út Hollân wei, en har nije Hollânske feint, in soldaat, meinimme soe. Dat feroare lykwols foar in soad oare tsjerkeriedsleden de sitewaasje, want it koe fansels net sa wêze dat dy útfanhûzer de preek net ferstean koe. Dêr wied er wer: de iene Hollanner dêr't yn Fryslân altyd alles om oergean moast. Master friet himsels suver op, mar in mearderheid fan 'e leden stimde úteinlik tsjin in Fryske tsjinst, en master krige de opdracht om Hekstra op te skiljen mei de fraach oft it wier net yn it Nederlânsk koe. De dûmny, dat in ynskiklik man wie, woe de tsjerkerie ek yn dizze saak wol gerive, dat de Fryske tsjinst wie fan 'e baan.

Sneons hie master in gearkomste yn 'e stêd, en op 'e weromweis trof er yn 'e bus nimmen oars as Trynke Visser. Tsjin dy tiid hied er eins skjin syn nocht fan it hiele spul, mar hy koe it net litte om te freegjen wêr't de feint wie. Dy bliek ûnder arrest te stean op 'e kazerne, sadat er net meikomme kinnen hie. Dat de Fryske tsjinst wie ek noch oergien om neat. Mar hoe, woe Trynke doe witte, wist master dat har feint meikomme soe? Doe kaam fan fansels de aap út 'e mouwe en master wie bliid dat er Jurjen Visser net wie as Trynke aanst thús arrivearre. Letter die ek noch bliken dat de soldaat Trynke sitte litten hie en dat it 'arrest' inkeld in doekje foar 't blieden west hie.

Master hat syn brief skreaun yn 'e krystfakânsje, doe't de frou in skoft fan hûs wie fanwegen in tekoart oan froedfroulju yn 'e polder. Hy hie it hiele brief ôf en op 'e post hawwe wollen ear't se wer thúskaam, mar hja is der gauwer wer as dêr't er op rekkene hat, en dan ûntfytmannet se him it brief om dat te lêzen. Har oardiel oer syn epistel is posityf, mar se kin der net by dat er no net begrypt wêr't it Jehannes wier om te dwaan is. Want dat hiele gedoch yn it doarp, seit se, kin him dêr yn Kanada neat skele, mar hy hat altyd al in eachje op Trynke Visser hân. Fan gefolgen slút master it brief ôf mei it neamen fan 'e mooglikheid dat in troutsjinst fansels ek yn it Frysk kin.

Oer it algemien wurdt Brief nei Kanada net botte wurdearre. Neffens Trinus Riemersma is it "in tige útweakke ferhaal dat op 'en minsten de helte koarter kinnen hie." Dêr heakke er noch oan ta dat er it inkeld yn 'e trêde printinge fan De Rook fan it Lân opnommen hie om't Van Houten it sels oan 'e twadde printinge tafoege hie.[2] Lykwols is net eltsenien it mei Riemersma en oare literêre resinsinten iens, mei't it ferhaal in tige treffend byld jout fan it Fryske doarpslibben en de hâlding dy't in protte Friezen foar har eigen taal oer oannimme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Riemersma, Trinus, Oer Skriuwer, Boek en Utjeften, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 191.
  2. Riemersma, Trinus, Oer Skriuwer, Boek en Utjeften, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 191.

  • Houten, Ulbe van, Brief nei Kanda, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 120-137.
  • Riemersma, Trinus, Oer Skriuwer, Boek en Utjeften, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 189-201.