Chicago Bulls
Chicago Bulls | ||
sportteam | ||
bysûnderheden | ||
sport | basketbal | |
lân | Feriene Steaten | |
plak | Chicago (Illinois) | |
oprjochte | 1966 | |
stadion | United Center | |
kompetysje | NBA | |
konferinsje | Eastern | |
difyzje | Central | |
bannen mei | Windy City Bulls | |
stastistiken | ||
lânskampioen | 6× (1991, 1992, 1993, 1996, 1997, 1998) | |
konferinsjekamp. | 6× (1991, 1992, 1993, 1996, 1997, 1998) | |
difyzjekamp. | 9× (1975, 1991, 1992, 1993, 1996, 1997, 1998, 2011, 2012) | |
rêchnûmers yn ûnbrûk |
4 (4, 10, 23, 33) | |
tenu | ||
kleuren | read swart | |
offisjele webside | ||
www.nba.com/bulls |
De Chicago Bulls binne in Amerikaansk basketbalteam út Chicago, dat útkomt yn 'e Sintrale Difyzje fan 'e Eastlike Konferinsje fan 'e National Basketball Association (NBA), it Amerikaanske sportbûn op it mêd fan basketbal. It team waard yn 1966 oprjochte en dielt syn stadion, it United Center, mei it iishockeyteam de Chicago Blackhawks, dy't útkomme yn 'e National Hockey League (NHL). De Bulls belibben harren grutste súksessen yn 'e 1990-er jierren, doe't se in wichtige rol spilen by it popularisearjen fan 'e NBA bûten de Feriene Steaten. De bekendste spiler fan 'e Bulls út dy tiid wie Michael Jordan. Tradisjonele rivalen fan 'e Chicago Bulls binne de Cleveland Cavaliers, de Detroit Pistons, de Miami Heat en de New York Knicks.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'Chicago Bulls' (letterlik: "Bollen út Chicago") ferwiist nei de slachthuzen en fleisferwurkjende yndustry yn Chicago. Fan 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw ôf waard it fee út it Wylde Westen nammentlik yn saneamde 'feestedsjes' yn Kansas, lykas Dodge City en Ellsworth yn feewagons laden en dan mei de trein nei Chicago en St. Louis brocht om slachte te wurden. Dêrwei waard it fleis dan fierder nei oare stêden yn it easten fan 'e Feriene Steaten ferfierd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 16 jannewaris 1966 krige Chicago tastimming foar de oprjochting fan in NBA-team dat de Chicago Bulls kaam te hjitten. It wie it trêde NBA-team út Chicago, nei de Chicago Stags, dy't bestiene fan 1946 oant en mei 1950, en de Chicago Packers, dy't letter omneamd waarden ta de Chicago Zephyrs en noch letter út 'e stêd wei ferhuzen en sûnt de Washington Wizards foarmje. Dat lêste team wie fan 1961 oant en mei 1963 yn Chicago fêstige. De oprjochter fan 'e Bulls wie Dick Klein, dy't earder sels noch basketbalprof west hie foar de Chicago American Gears.
Yn harren earste seizoen spilen de Bulls har thúswedstriden yn it International Amphitheatre, foar't se ferhuzen nei it Chicago Stadium. Ein 1960-er jierren rekken de measte fans har belangstelling foar de Bulls kwyt, û.m. troch midsmjittige prestaasjes fan it team en it feit dat ferskate 'thúswedstriden' eins yn Kansas City spile waarden. Yn 'e earste helte fan 'e 1970-er jierren wisten de Bulls mei stjerspilers Artis Gilmore en Reggie Theus lykwols wer in trouwe skare fans efter har te krijen. Yn 1984 kaam Michael Jordan foar de Bulls te spyljen, en de gearwurking fan dyselde mei in oare poerbêste spiler, Scottie Pippen, en mei coach Phil Jackson, bliek in gouden kombinaasje te wêzen. Oanfierd troch Jordan wisten de Bulls yn 'e 1990-er jierren seis kear it kampioenskip (de playoffs) fan 'e NBA te winnen, yn 1991, 1992, 1993, 1996, 1997 en 1998. Dêrmei spilen de Bulls in wichtige rol yn it populêr meitsjen fan it NBA-basketbal om utens.
Yn 1994 betrokken de Bulls in nij stadion, it United Center. Nei't Michael Jordan yn 1998 ophold mei spyljen, kaam der in abrupte ein oan 'e kampioenstitels fan 'e Bulls. Ek oare wichtige spilers út 'e 1990-er jierren wiene tsjin dy tiid opholden, en it fernijde team koe syn yllústere foargongers net belykje. Teammanager Jerry Krause besleat te ynvestearjen yn jong talint dat noch mar krekt fan 'e middelbere skoalle kaam, lykas Tyson Chandler en Eddy Curry, en dat noch jierren nedich hawwe soe om him te ûntwikkeljen. Nei jierren fan swierrichheden die dy strategy mids 2000-er jierren fertuten, doe't de Bulls op 'e nij ferriisden as in team fan betsjutting, hoewol net as ien dat de NBA dominearre, sa't it dat yn 'e 1990-er jierren dien hie. Se taasten ferskate jierren efterinoar krekt njonken de play-offs.
Fan 2008 oant en mei 2016 waarden de Bulls oanfierd troch stjerspiler Derrick Rose, dy't it team ferskate kearen nei de play-offs ta brocht, mar dy net wist te winnen. In oare ferneamde Bulls-spiler út dy perioade wie de Turkske Ömer Aşık. De coach wie fan it seizoen 2010-2011 ôf Tom Thibodeau. Dyselde waard yn 2015 opfolge troch Fred Hoiberg, dy't de lieding hie oer de weropbou fan it team nei it ôfskie fan Rose yn 2016.
Maskotte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De maskotte fan 'e Chicago Bulls is Benny the Bull, dy't yn 1969 yntrodusearre waard. It is in reade bolle mei in swart Bulls-unifoarm oan, dy't rêchnûmer 1 draacht. Yn 1995 waard noch in twadde maskotte yntrodusearre, Da Bull, dy't omskreaun waard as de 'heechfleanende neef fan Benny', dy't goed dunke koe. De man yn it pak fan Da Bull waard yn 2004 lykwols arrestearre foar it besit fan marihûana, en Da Bull waard koart dêrnei ôfskaft.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|