Springe nei ynhâld

Bisdom Múnster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bisdom Münster)
Bisdom Múnster
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje Keulen
Biskopssit Múnster
Katedraal Dom fan Múnster
Patroanhillige Sint-Paulus
Hiemside bistum-muenster.de
Skiednis
Oprjochting 793
Hierargy
Aartsbiskop Felix Genn(sitewaasje 2023)
Statistyk
Oerflak 15.265 km²
Befolking 4.354.000 (31.12.2021)
Wêrfan katolyk 1.713.000 (31.12.2022; 39,3 %)
Dekenaten 8 Kreisdekanaten ûnder te ferdielen yn 39 dekenaten (16.04.2015)
Parochy's 208 (27.06.2022)
Lokaasje bisdom Múnster yn Dútslân
Lokaasje bisdom Múnster yn Dútslân

It Bisdom Múnster (Dútsk: Bistum Münster; Latyn: Dioecesis Monasteriensis) is in roomsk-katolyk bisdom mei de haadsit yn de Dútske stêd Múnster.

It hjoeddeiske bisdom omklammet de neikommende gebieten:

Oant 1559 wienen Grins en Ommelannen en de gemeente Achtkarspelen ûnderdiel fan it bisdom Múnster, dy binne letter by it bisdom Grins-Ljouwert kaam. East-Fryslân leit no yn it bisdom Osnabrück. It Eastfryske Jeverlân, Sealterlân en Bûtjadingen wienen eartyds part fan it bisdom Bremen.

De Wikipedy hat ek in side Prinsbisdom Mûnster.

It bisdom waard yn 793 stifte troch de Fries Liudger. It besit yn Nederlân besloech likernôch it gebiet dêr’t Liudger sels preke hie, dat rûchwei oerienkaam mei de gemeente Achtkarspelen en de Ommelannen.

Nei de reformaasje en tsjinreformaasje, de Tritichjierrige oarloch (1618-1648) en de Frede fan Westfalen (1648) bleau Múnster in prinsbisdom. Yn 1650 waard Bearend fan Galen biskop fan Múnster. Hy fierde twa kear oarloch tsjin de Nederlannen. Yn 1672 besocht er de stêd Grins te feroverjen, dêr’t er de namme “Bommen Bearend” oan oerholden hat. It prinsbisdom hold yn 1803 op te bestean.

Sint-Paulusdom, Münster.

De katedraal fan it bisdom is de Sint-Paulusdom yn Múnster. It is de tredde katedraal op itselde plak. Yn 1225 waard de earste stien lein foar de dom, dy't yn 1264 ynwijd waard. De domtsjerke waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch bombardeminten op de stêd foar in grut part ferneatige. It eardere haadportaal lei hielendal yn pún en waard yn moderne foarmen wer opboud. Yn 1956 waard de katedraal op 'e nij ynwijd.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Múnster fan Wikimedia Commons.
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommen Bisdom AkenBisdom AugsburgAartsbisdom BambergAartsbisdom BerlynBisdom Dresden-MeißenBisdom EichstättBisdom ErfurtBisdom EssenAartsbisdom FreiburgBisdom FuldaBisdom GörlitzAartsbisdom HamburchBisdom HildesheimAartsbisdom KeulenBisdom LimburchBisdom MagdeburgBisdom MainzAartsbisdom München en FreisingBisdom MúnsterBisdom OsnabrückAartsbisdom PaderbornBisdom PassauBisdom RegensburgBisdom Roottenburg-StuttgartBisdom SpiersBisdom TrierBisdom Würzburg
Eardere bisdommen Aartsbisdom BremenBisdom HalberstadtPrinsbisdom LübeckBisdom MindenBisdom Verden
· · Berjocht bewurkje