Springe nei ynhâld

Beskermingel

Ut Wikipedy
In beskermingel wekket oer twa lytse bern dy't op 'e râne fan in klif boartsje.
(Skilderij fan Fridolin Leiber.)

In beskermingel is in ingel dy't ta beskerming tawiisd is oan in beskate persoan of groep persoanen of oan in hiel lân of folk. Faak leaut men dat sokke mytyske wêzens behalven as beskermer ek as gids tsjinje by it nimmen fan wichtige of drege beslissings. It leauwen yn it bestean fan beskermingels giet tebek oant fier yn 'e Aldheid, en spile in wichtige rol yn it jahwisme, de iere foarm fan it joadendom. De teoryen omtrint beskermingels en harren hierargy waarden yn 'e fyfde iuw yngeand útwurke troch de kristlike teolooch Pseudo-Dionysius de Areopagyt. Sûnt binne dêryn noch in grut tal ferfinings oanbrocht. Yn it hjoeddeiske kristendom bestiet it leauwe yn it bestean fan beskermingels benammen ûnder fromme roomsen en eastersk-otterdoksen, dy't faak ek leauwe dat sokke wêzens ta God bidde foar de persoan oan wa't se tawiisd binne.

Beskermingels yn it joadendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it joadendom ûntstie it konsept fan 'e beskermingel nei alle gedachten op basis fan 'e tekst fan Genesis 19, dêr't God twa ingels nei de doemde stêd Sodom stjoert om 'e húshâlding fan Lot, de omkesizzer fan 'e aartsfaar Abraham, te rêden. In twadde passaazje dy't útlein wurde kin as ferwizend nei in beskermingel, stiet yn Exodus 32:34, dêr't God tsjin 'e profeet Moazes seit: "Dat gean no mar fuort. Lied it folk dêrhinne, dêr't Ik sein haw. Sjoch, myn ingel sil foar jim útgean. [...]".

Oare bibelfersen dy't wize soene op it bestean fan beskermingels, binne Job 33:26 ("Komt der dan in ingel foar him op, dy't it wurd foar him docht – ien út 'e tûzen – dy't tsjin in minske seit hoe't er der mei oan moat."), Psalm 91:11 ("Want syn ingels jout Er opdracht om dy op al dyn wegen te hoedzjen.") en Daniël 10:13, dêr't de aartsingel Michael yn neamd wurdt ("De foarst út it keninkryk Perzje stie ienentweintich dagen foar my oer. Mar sjoch: Michael, ien fan 'e foarnaamste foarsten, kaam om my te helpen."). Yn it apokrife bibelboek Tobit bidde twa fromme Joaden yn need om help, wêrnei't God syn aartsingel Rafael stjoert om regaad te meitsjen. Op basis fan 'e boppeneamde passaazjes ûntstie yn it rabbinale joadendom, dat him rûchwei fan it begjin fan 'e Westerske jiertelling ôf ûntjoech, it idee dat der yndie beskermingels besteane dy't troch God stjoerd binne om beskate minsken te hoedzjen en te noedzjen.

Beskermingels yn it kristendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it kristlike Nije Testamint steane, krekt as yn it joadsk-kristlike Alde Testamint, ferskate passaazjes dy't útlein wurde kinne om it leauwen yn beskermingels te skoarjen. Sa seit Jezus yn Mattéus 18:10: "Tink derom, lis net ien fan dizze lytsen leech, want ik sis jimme: har ingels yn 'e himel sjogge altyd it antlit fan myn himelske Heit." (Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting is dêr foar "har ingels yn 'e himel" sels simpelwei it wurd "beskermingels" yn 't plak set.) Oare foarbylden binne de ingel dy't Jezus yn Lukas 22:43 treast biedt ûnder syn Gebed op de Oliveberch en de ingel dy't yn Hannelingen 12:7-11 troch God stjoerd wurdt om 'e apostel Petrus út it tichthûs te befrijen. Fierderop yn dat ferhaal komt Petrus oan 'e doar by de oare apostels, dêr't de tsjinstfaam Rodé him werom ken oan syn stim, mar fan alteraasje ferjit iepen te dwaan. As se foar de skeptyske apostels oer folhâldt dat Petrus foar de doar stiet, kriget se it beskie: "Dan is it syn ingel." (Hannelingen 12:15).

In beskermingel wekket oer twa lytse bern. (In Dútske ansichtkaart út 1900.)

Yn it hjoeddeistige kristendom bestiet it leauwe yn beskermingels benammen yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. De tsjerkfaar Hieronymus fan Stridon en foaroansteande teologen as Honoarius fan Autun, Tomas fan Aquino en Jehannes Duns Skotus hawwe allegear skreaun oer beskermingels. Honoaris fan Autun en Tomas fan Aquino wiene it deroer iens dat sokke wêzens de leechste oarder yn 'e hierargy fan 'e ingels fertsjintwurdigje. Neffens Duns Skotus koe eltse ingel de funksje fan beskermingel tawiisd krije. Yn 'e fyftjinde iuw stelde Roomsk-Katolike Tsjerke it Feest fan de Beskermingels yn, dat falt op 2 oktober. Oan 'e ein fan 'e tweintichste en it begjin fan 'e ienentweintichste iuw hawwe paus Jehannes Paulus II en paus Fransiskus yn ferskate taspraken besocht it leauwen yn beskermingels oan te moedigjen. Fransiskus sei yn 2014: "Net ien reizget allinne en net ien moat tinke dat er allinne is." Ek seid er dat minsken gauris it gefoel hawwe dat "ik dit dwaan moat, dit is net goed, no oppasse. Dat is de stim fan jins beskermingel. [...] Wês net opstannich, folgje syn rie op!"

Njonken de Roomsk-Katolike Tsjerke ûnderskriuwt ek de Eastersk-Otterdokse Tsjerke it leauwen dat eltse persoan in eigen beskermingel hat. Itselde jildt foar de Anglikaanske Tsjerke, it lutheranisme en guon metodistyske en kalvinistyske teologen. De mearderheid fan 'e oanhingers fan dy protestantske streamings is it hiele konsept fan beskermingels lykwols frjemd.

Beskermingels yn oare godstsjinsten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e islaam bestiet ek in leauwen yn it bestean fan beskermingels. In protte moslims leauwe dat eltse minske twa beskermingels hat, ien dy't foar him of har útgiet, en ien dy't him of har efternei komt. Dêropta soene der twa ingels wêze dy't alle dieden fan 'e oangeande persoan optekenje, dy't rjochts en lofts fan him of har geane. Yn it soroästrisme bestiet it leauwe yn 'e Arda Fravaš, de "hillige beskermingels", dy't ta de fravasji hearre. Eltse persoan wurdt troch in beskermingel beselskippe, dy't syn of har hiele libben lang as gids fungearret. Soroästriërs leauwe dat sokke wêzens eins de skyldwachten fan 'e boarstwarrings fan 'e himel binne, dy't as frijwilligers nei de ierde kommen binne om 'e minsken te helpen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.