Lot (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lot en syn famylje flechtsje út Sodom (Peter Paul Rubens (1613-1615)

Lot (Hebriuwsk: לוֹט, loːt; betsjutting: de bedekte) is in Bibelsk persoan. Neffens it boek Genesis (11:27–31) wie it in soan fan Haran, dy't in broer fan Israel's earste aartsfaar Abraham wie. Lot wie dus in omkesizzer fan Abraham en in pakesizzer fan Têrach.

Lot ferlit Oer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan Haran, de heit fan Lot, naam syn pake Têrach Lot, syn beide omkes Abraham (doe hiet Abraham noch Abram) en Nachor en de rest fan de famylje mei út Oer nei it lân Kanaän. Safier kamen hja lykwols net, hja bleaunen ynearsten yn Charan, dêr't Lot's pake Têrach yn de âldens fan 205 jier ferstoar (Genesis 11:27-32).

Under lieding fan Abraham gyngen de famyljes út inoar en trokken Abraham, syn frou Sara en ek Lot fierder nei Kanaän en setten de tinten op tusken Bet-el en Ai. Der kaam lykwols in hongersneed yn it lân fan de Kanaäniten en dêrom moast der fierder reizge wurde nei Egypte. Dêr mochten hja fanwegen in kwestje mei Sara net bliuwe en sa gie Abraham werom nei it plak by Bet-el (Genesis 12 en 13).

Sawol Abraham en Lot wiene yntusken ryk oan fee woarn, safolle dat it lân te lyts wie foar al it fee. De hoeders fan Abraham en Lot krigen dêrom spul meiïnoar en om't Abraham en Lot it goed tusken inoar hâlde woene, besluten hja út inoar te gean. Lot mocht fan Abraham kieze wêr't hy him nei wenjen sette woe en Lot keas foar in wetterrike kontreien oan de Jordaan, wylst Abraham bleau wêr't er wie.

Lot sette syn tinten op by de stêd Sodom oan de súdeastlike kant fan de Deade See, in ferdoarne stêd wêrfan't de ynwenners útblonken yn goddeleazens.

Sodom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

God liet it swefel en fjoer reine en Lot's frou seach om en waard in sâltpylder (John Martin, 1852)

Doe't Lot yntusken al yn Sodom sels wenne en ris op'e jûn yn'e poarte siet, kamen der twa ingels oan. Lot ferwolkomme de beide ingels en noege harren út om by him te bliuwen. Hja woene dy nachts leaver bûtendoar bliuwe, mar Lot wist dat de stêd net feilich wie en stie der op dat hja by him de nacht troch brochten. De ynwenners fan Sodom hiene lykwols ek sjoen dat Lot gasten hie en it duorre net lang dat de manlju fan Sodom foar it hûs fan Lot omhongen. Sûnder omhaal makke de kloft dúdlik dat Lot de gasten nei bûten bringe moast, sa't hja se ferkrachtsje koene. Lot gyng nei bûten en besocht mei de Sodomiten te ûnderhanneljen. Hy bea sels syn beide dochters oan, mar de manlju fan Sodom hiene gjin ferlet fan dy dochters en drigen Lot kwea te dwaan. Lot hie it net mear yn de hân en de mannen holden de hannen no net mear thús. Doe grepen de beide ingelen yn. Hja sloegen de manlju fan Sodom mei blinens en loeken Lot it hûs wer yn. De beide ingels seine tsjin Lot dat hy syn folk byinoar roppe moast en dat hy meitsje moast dat hy fuort kaam om't it geduld fan God op wie en de stêd ferdylgje soe. By it lemieren fan de dei ferliet Lot de stêd, mei syn frou en dochters mar sûnder syn skoansoannen, want dy leauwden der neat fan dat de stêd ûndergean soe. Ien fan de ingels waskôge net stean te bliuwen en net om te sjen. Doe't Lot op in feilich plak oankaam liet God it swevel en fjoer boppe Sodom en Gomorra reine. Hy kearde de stêden mei alles wat der yn libbe om en sadwaande bleau neat, mar dan ek neat fan de beide stêden oer. Lot en syn dochters wisten harren it libben te rêden, mar Lot's frou seach tsjin de warskôgingen fan de ingel om en waard in sâltpylder.

De dochters fan Lot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lot wurdt dronken fierd troch syn dochters (Noël Coypel - 1704

Nei de ramp wenne Lot mei syn dochters yn in grot. No't de dochters fan Lot sûnder man sieten (dy wienen omkommen tidens de ramp om't hja Lot net leauwe woene) en der dus ek gjin bern komme koene, betocht de âldste dochter in plan om dochs noch swier te wurden. Hja oerlei it mei har jongste suster en fierden harren heit mei wyn dronken. De âldste dochter joech har by him del en sûnder dat de âlde Lot der erch yn hie makke hy syn bloedeigen dochter swier. Dêrnei makke ek de jongste dochter har skuldich oan ynsest. Beide dochters krigen letter in soan fan Lot. De âldste neamde har soan Moäb, de stamheit fan de Moäbiten, en de jongste neamde har soan Ben-Ammy, de stamheit fan de Ammoniten.

Betinkingsdagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Alde Testamint, Genesis 11-19
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lot fan Wikimedia Commons.