Springe nei ynhâld

Sodom en Gomorra

Ut Wikipedy
De Ferwoastging fan Sodom en Gomorra, in skilderij fan John Martin út 1852.

Sodom en Gomorra wiene neffens it Alde Testamint fan 'e Bibel twa stêden yn 'e Delling fan Siddim, dy't no de Deade See foarmet. Hja soene neffens in passaazje yn it bibelboek Genesis troch God ferneatige wêze fanwegen de sûndigens fan harren ynwenners, wêrby't spesifyk ferwiisd wurdt nei homoseksualiteit. Mei datselde barren soe ek de Deade See skepen wêze. Sodom en Gomorra binne sadwaande yn 'e abrahamityske religyen en de kultueren dy't troch dy godstsjinsten beynfloede binne (lykas de Westerske maatskippij) sprekwurdlik wurden foar ûnberouwe sûndigens, wylst harren ferneatiging synonym waard mei godlike ferjilding.

Bibelske fermeldings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Bibel komme twa passaazjes foar dy't de beide stêden wiidweidich neame, beide yn it bibelboek Genesis. Behalven yn it Alde Testamint fan 'e Bibel (en dêrmei de Joadske Bibel) wurde Sodom en Gomorra ek neamd yn it kristlike Nije Testamint, yn ferskate apokrife bibelboeken en yn 'e islamityske Koraan en hadith. Hast alle lettere fermeldings fan 'e beide nammen binne warskôgings omtrint it lot fan 'e stêden.

Slach by Siddim

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Slach by Siddim wurdt beskreaun yn Genesis 14:1-21. Lot, de omkesizzer fan 'e aartsfaar Abraham, hat him nei wenjen set yn Sodom, omreden fan it drinkwetter dat dêr foar syn keppels fee rûnom foarhâns is. Sodom wurdt yn dy tiid regearre troch in kening mei de namme Bêra, wylst yn 'e buorstêd Gomorra in Birsja hearsket. Dy beiden binne al tolve jier fazallen fan 'e Kedorlaomer, de kening fan Elam (yn it súdwesten fan wat no Iraan is). Yn it trettjinde jier fan harren ûnderwerping oan 'e Elamiten smite Bêra en Birsja de lapen gear mei de trije oare hearskers fan 'e stêden yn 'e Jordaanflakte: Sjinab, de kening fan Adma, Sjeméber, de kening fan Seboïm, en de nammeleaze kening fan Bêla dat letter bekend kaam te stean as Soär. Fiifresom sette se it yn 'e kant tsjin Kedorlaomer en komme yn opstân.

Lot en Syn Dochters, in skilderij fan Lucas van Leyden út 1520, mei op 'e eftergrûn de ferwoastging fan Sodom en Gomorra.

It jiers dêrop bringt Kedorlaomer in Elamitysk leger gear dat er oanfollet mei troepen fan 'e fazallen dy't him trou bleaun binne: Amrafel, de kening fan Sjineär, Arjok, de kening fan Ellasar, en Tidal, de kening fan Gojim. Yn 'e Slach by Tiddim komme de beide legers gear, en de keningen fan 'e Jordaanflakte wurde mei swiere ferliezen ferslein troch Kedorlaomer. Neitiid wurde Sodom en Gomorra plondere troch de troepen fan Kedorlaomer en syn fazallen, en dêrby wurde ek Lot en syn famylje ta slaaf makke en as oarlochsbút ôffierd nei it easten.

Ien fan 'e Sodomiten dy't oan 'e fijân ûntkommen is, flechtet nei Lot syn omke Abraham ta, en as dy heart wat der bard is, bewapenet er al syn folk en ropt er dêropta de help yn fan syn bûnsgenoaten, de Amoryt Mamré en dy syn bruorren Esjkol en Aner en harren mannen. Sa bringt er in legerke fan 318 man op 'e foet, dêr't er Kedorlaomer syn troepemacht mei efternei set. Yn 'e nacht oerfalle se it kamp fan 'e fijân. Se komme de troepen fan Kedorlaomer en syn fazallen alhiel oer it mad en ferslane harren. As dy begjinne út te naaien, sette Abraham-en-dy harren efternei oant Choba ta, dat benoarden Damaskus leit. Abraham befrijt alle lju dy't Kedorlaomer-en-dy ta slaaf makke hawwe, ûnder wa Lot en al syn folk. Neitiid wolle Bêra en Birsja him beleanje, mar hy wegeret wat foar himsels of de mannen fan syn hûs te nimmen, mei't er net wol dat immen ea sizze kinne sil: "Ik haw Abraham ryk makke." Mar hy freget de keningen om syn bûnsgenoaten Mamré, Esjkol en Aner te beleanjen foar harren oandiel yn 'e striid.

Rjochtdei oer Sodom en Gomorra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Genesis 18 en 19 wurdt beskreaun hoe't God rjochtdei hâldt oer Sodom en Gomorra en de stêden ferneatiget omreden fan harren ûnberouwe sûndigens. Trije frjemdlingen sykje Abraham op yn syn kamp by de terebinten fan Mamré, en hy ken harren werom as God sels en twa ingels. Nei't se troch Abraham gastfrij ûnthelle en let en set binne, docht úteinlik de reden foar de besite bliken: God hat besletten om Sodom en Gomorra te ferwoastgjen, en hy stjoert de beide ingels dat út. Abraham giet lykwols by God yn 'e pleit foar de stêden, yn 't bysûnder foar Sodom, dêr't syn omkesizzer Lot wennet. Hy smeket fan God ôf dat de stêd sparre wurde sil as der fyftich rjochtfeardige lju fûn wurde kinne tusken alle goddeleazen. Dêrnei pleitet er by God om Sodom te sparjen as der in hieltyd leger tal rjochtfeardigen te finen is: earst fiifenfjirtich, dan fjirtich, dan tritich, dan tweintich en úteinlik mar tsien. En eltse kear seit God ta dat er de stêd sparje sil as der sa'n oantal rjochtfeardigen wennet.

Underwilens binne de beide ingels yn Sodom oankommen, dêr't se Lot moetsje, dy't harren oerhellet om fan 'e gastfrijens fan syn hûs te genietsjen. De jûns ferskine lykwols de mannen fan 'e stêd by Lot foar de doar, dy't fan him easkje dat er syn gasten nei bûten bringt, sadat se mei har omslaan kinne. Lot wegeret dat lykwols en biedt ynstee oan om syn beide dochters, dy't noch faam binne, nei bûten te stjoeren, sadat de manlju seksuële omgong mei de famkes hawwe kinne. Dat oanbod slane de Sodomiten lykwols ôf, en se risselwearje om 'e doar iepen te brekken. Dêrop slane de ingels harren mei blinens, sadat se de doar net mear fine kinne, en liede Lot en syn frou en beide dochters midden tusken harren troch ta de stêd út.

Bûten de stêd jouwe de ingels harren opdracht om sa hurd mooglik út te naaien en yn gjin gefal om te sjen, want God stiet op it punt om Sodom en Gomorra te ferdylgjen. Lot freget wêr't se yn 'e frede hinne moatte, en stiet der dan by de ingels op oan om Bêla te sparjen, om't it "mar in lyts plakje" is, sadat er dêr mei wiif en bern beskûl fine kin. De ingels stimme ta en sizze dat God him ek dêryn te wille wêze sil. Sadwaande soe Bêla fan dy dei ôf Soär hjitte. Neitiid lit God, neffens Genesis 19:24 "swevel en fjoer reine oer Sodom en Gomorra út 'e loft […]. Sa kearde Hy dy stêden en de hiele omkrite om, mei alle bewenners fan dy stêden en it gewaaks fan it fjild." De frou fan Lot kin har net bedimje en sjocht dochs om, tsjin 'e warskôging fan 'e ingels yn; hja feroaret dêrop yn in sâltpylder. Lot sels en syn beide dochters komme sûn en wol yn Soär oan.

Utsjoch fan Tall al-Hammam oer de Jordaandelling.

De ferhalen oer Sodom en Gomorra en harren ferwoastging, sa't dy yn Genesis beskreaun wurde, fûnen dúdlik plak yn of deunby de Deade See. Ferskate argeologen hawwe besocht it krekte plak te finen, mar oant no ta hat fan 'e fiif stêden fan 'e Jordaanflakte (Sodom, Gomorra, Adma, Seboïm en Soär) inkeld Soär mei wissigens identifisearre wurde kind. Der binne wol argeologyske opgravings fan bewenne plakken yn 'e neite fan 'e Deade See dien, wêrfan't beskate argeologen tinke dat it Sodom en Gomorra wêze kinne soene, lykas Bab ed-Dra en Nûmeira oan 'e súdkant fan 'e Deade See, en Tall el-Hammam oan 'e noardkant. Mar as men al oannimt dat de ferhalen oer Sodom en Gomorra op wierheid berêste en net simpewei in myte binne, is it ûnmooglik om mei wissigens fêst te stellen hokker plak it juste is. Serieuze saakkundigen geane derfan út dat de beide stêden, as se bestien hawwe, tusken 2100 f.Kr. en 1900 f.Kr. ferwoastge wêze moatte troch in natoerramp, lykas in ierdbeving. Hoewol't de Jordaandelling wol deeglik op in geologyske brekline leit, is der út dy tiid neat oer in swiere ierdbeving oerlevere.

Yn 'e abrahamityske religyen, benammen yn it joadendom, it kristendom en de islaam, binne Sodom en Gomorra synonym wurden mei ûnberouwe sûndigens en harren ferneatiging mei godlike ferjilding. Yn 'e kultueren dy't sterk troch dy godstsjinsten beynfloede binne, lykas de Westerske maatskippij en de Arabyske wrâld, wurde de nammen 'Sodom en Gomorra' wolris (foarhinne faker as no) brûkt as byldspraak foar sûndigens en de bestraffing dêrfan. Ek wurde de nammen wol brûkt as metafoar foar homoseksualiteit, dat neffens it ferhaal út Genesis de wichtichste sûnde fan 'e ynwenners fan 'e stêden west liket te hawwen. Ut 'e namme fan Sodom is it wurdt "sodomy" ôflaat, dat ferwiist nei anale seks. Ek it wurd "soademiterje" komt dêrfan; dat wie oarspronklik in tige ûnfoech wurd dat ek nei anale seks ferwiisde, mar meitiid hat it dy betsjutting ferlern en is it sadwaande mear ynboargere rekke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.