Sara (aartsmem)

Ut Wikipedy
Sara laket as hja fan de foarsizzing heart dat sy in bern krije sil.

Sara (Hebrieusk: שָׂרָה) is de namme fan in bibelsk persoan út it bibelboek Genesis. Hja is de frou fan de aartsfaar Abraham en de aartsmem fan it folk fan Israel.

Sara hiet ynearsten Sarai. Foar de berte fan har soan Izaäk feroaret God de nammen fan har en har man Abram yn Sara en Abraham. Har namme betsjut prinses.

De bibelske Sara[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sarai kin fanwegen har ûnfruchtberens gjin bern krije. Neffens âld gebrûk biedt Sarai har slavinne Hagar oan Abram oan, om yn har plak foar neiteam te soargjen. Hagar rekket swier fan Abram, mar om't hja har lytsachtsjend nei Sarai hâld en draacht krije de froulju spul meiinoar en Hagar flechtet dan de wyldernis yn. Dêr jout Hagar de berte oan in soan dy't de namme Ismael kriget. God jout har opdracht om werom te gean en ûnhjit har soan in ryk neigeslacht.

In stikmannich jierren letter ûnthjit God Abram en Sarai ek in soan. As God it ferbûn mei Abram befêstiget en ûnthjit dat hy Abram segenje sil mei in grut neigeslacht, krije Abram en Sara de nammen Abraham en Sara. Efkes letter komme trije ingels del, dy't troch Abram gastfrij ûnthelle wurde. Hja fertelle Abraham dat syn frou Sara swier wurde sil. Sara heart dat wylst hja wat fansiden mei sit te harkjen en laket om dat boadskip. Hja wie ommers al yn de âldens fan 90 jier en hoe soe hja op dy leeftyd noch swier reitsje kinne? De profesije komt lykwols út en Sara kriget in soan dy't de namme Izaäk (Hebrieusk: יִצְחָק; betsjutting: hy laket) kriget.

As Sara 127 jier is stjert hja. Sara wurdt troch Abraham te rêste lein yn in grot by Hebron. Nei syn ferstjerren wurdt Abraham troch syn beide soannen Izaäk en Ismael yn deselde grot te rêste lein.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bibelboek Genesis.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sara fan Wikimedia Commons.