Springe nei ynhâld

Ben Nighthorse Campbell

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ben Nighthorse Consultants)
Ben Nighthorse Campbell
politikus
echte namme Ben Nighthorse Campbell
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 13 april 1933
berteplak Auburn (Kalifornje)
etnisiteit Sjajinsk
Portegeesk
partij Demokratyske Partij (oant 1995)
Republikeinske Partij
Lid fan de Amerikaanske Senaat foar Kolorado
amtsperioade 19932005
foargonger Tim Wirth
opfolger Ken Salazar
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foar it 3e Distrikt fan Kolorado
amtsperioade 19871993
foargonger Michael Strang
opfolger Scott McInnes
Lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Kolorado
amtsperioade 19821987

Ben Nighthorse Campbell (Auburn (Kalifornje), 13 april 1933) is in Amerikaansk politikus en ûndernimmer fan mingd Yndiaansk-Portegeesk etnysk komôf. Hy wie jierrenlang as iennichste Yndiaan lid fan earst it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen en letter de Amerikaanske Senaat. Earder tsjinne Campbell ûnder de Koreä-oarloch by de Amerikaanske Loftmacht, fertsjintwurdige er de Feriene Steaten as judoka op 'e Olympyske Spullen fan 1964 yn Tokio, coachte er it Amerikaansk nasjonaal judotiim en makke er as juwelier tradisjonele Yndiaanske sieraden. Fierders wurke er as helpsheriff, learaar yn it middelber ûnderwiis en hynstefokker. Op 't heden tsjinnet er as opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme yn fan 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Campbell waard yn 1933 berne as 'Benny Campbell' yn Auburn, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy waard letter yn syn tsjinstpapierren en syn universitêr diploma fernijd as 'Ben M. Campbell', mar krige de Yndiaanske namme 'Nighthorse' ("Nachthynder") doe't er nei syn ôfstudearjen foar it earst syn heite famylje yn it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat fan Montana besocht.

Campbell syn mem, Mary Vierra (oarspronklik eins stavere as 'Vieira'), wie in Portegeeske ymmigrante dy't mei seis jier mei har mem (Campbell syn beppe) fia Ellis Island yn 'e Feriene Steaten arrivearre wie. Campbell syn pake wie al earder emigrearre en hie jild sammele om syn gesin oerkomme te litten. De Vierra's setten har nei wenjen yn 'e Sintrale Delling fan Kalifornje, yn 'e neite fan 'e steatshaadstêd Sacramento, dêr't in protte Portegeeske nijynkommelingen har fêstige hiene.

As jongfaam rekke Mary Vierra oanhelle mei tuberkuloaze, en sadwaande waard se ferskillende kearen moannenlang ferplege yn in pleatslik sanatoarium. Dêr kaam hja yn 'e kunde mei de jonge Albert Campbell, dy't dêr wie om fan syn alkoholferslaving ôf te kommen. Albert wie fierhinne fan Noardlik Sjajinsk komôf, hoewol't Herman Viola, dy't in biografy oer Ben Nighthorse Campbell skreau, oanwizings fûn hat dat er mooglik ek wat Apache- en Pueblo-bloed hie. Mary en Albert trouden yn 1929.

Under Campbell syn jonkheid hie syn heit oanhâldende swierrichheden mei alkoholisme, en wied er faak wiken- of sels moannenlang poater, wêrby't er syn gesin oan har lot oerliet. Campbell syn mem genies nea hielendal fan har tuberkuloaze, in tige besmetlike sykte, dy't de tiid dy't se mei har bern trochbringe koe, sterk beheinde. Boppedat moast se út en troch foar koartere of langere tiid opnommen wurde foar behanneling. Sadwaande brochten Campbell en syn âldere suster Alberta (dy't har letter mei 44 jier tekoart dwaan soe) in grut diel fan harren jonkheid troch yn roomske weeshuzen yn sintraal Kalifornje. As opslûpen jonge wurke er letter yn dy krite as fjildarbeider, wêrby't er gedoente krige mei Japanske ymmigranten dy't itselde wurk diene en him foar it earst yn 'e kunde brochten mei de fjochtsport judo.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Campbell folge de middelbere skoalle yn Placer, mar gie yn 1951 fan skoalle om tsjinst te nimmen by de Amerikaanske Loftmacht. Under de Koreä-oarloch wied er yn Súd-Koreä stasjonearre, dêr't er by de eigen plysjetsjinst fan 'e loftmacht tsjinne. Yn 1953, doe't er earfol ôfswaaide mei de rang fan soldaat twadde klasse, waarden him de Korea Service Medal en de Air Medal takend.

Under syn militêre tsjinst hie Campbell syn middelbere-skoaleksamen helle, en nei't er ôfswaaid wie, brûkte er syn tsjinstpapierren om talitten te wurden ta de Steatsuniversiteit fan San Jose, yn San Jose (Kalifornje). Dêr studearre er yn 1957 ôf mei in bachelorstitel yn lichaamlike oefening en de skiene keunsten.

Under syn stúdzje wie Campbell lid fan it judotiim fan 'e Steatsuniversiteit fan San Jose, dat coacht waard troch Yosh Uchida, de letter trener fan it Amerikaanske Olympyske tiim. Wylst er nei syn ôfstudearjen oan it trenen wie foar in eigen Olympyske dielname, brocht Campbell fjouwer jier, fan 1960 oant 1964, troch as spesjaal ûndersyksstudint oan 'e Meiji Universiteit fan Tokio, yn Japan. It judotiim fan dy universiteit wie doedestiden wiidferneamd, en nei eigen sizzen learde Campbell dêre de tarieding en dissipline dy't er nedich wie om yn 1961, 1962 en 1963 Amerikaansk kampioen judo te wurden en op 'e Panamerikaanske Spullen fan 1963 de gouden medalje te heljen. Syn dielname oan 'e Olympyske Spullen fan Tokio, yn 1964, rûn lykwols út op in grutte teloarstelling: Campbell blessearre him al ier yn it toernoai en moast him weromlûke.

Yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren en de santiger jierren wurke Campbell as juwelier en makke er tradisjonele Yndiaanske sieraden. Neffens eigen sizzen hied er dat leard fan syn heit, al paste er letter ek techniken ta dy't er fan swurdsmidden yn Japan leard hie. Mei syn juwiellen wûn Campbell mear as twahûndert Amerikaanske en ynternasjonale prizen op it mêd fan sierade-ûntwerp. Dêrnjonken wurke er yn dy snuorje ek as helpsheriff yn Sacramento County en as trener fan it Amerikaanske nasjonale judotiim. Teffens hied er in skoft syn eigen dojo yn Sacramento, en wied er aktyf as learaar lichaamlike oefening en tekenjen oan ferskate middelbere skoallen. Yn 1978 kochten hy en de frou in feepleats yn 'e neite fan Ignacio, yn 'e steat Kolorado, op it grûngebiet fan it Súdlike Jût Yndianereservaat. Dêr setten se útein mei it fokken fan hynders foar westernrydwedstriden, wêrûnder ien dy't nasjonaal kampioen waard en de namme Sailor's Night droech.

Campbell ûnder it hâlden fan in taspraak by de doop fan it marineskip de USS Mesa Verde.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 1982 waard Campbell foar de Demokratyske Partij keazen yn it Hûs fan Offurdigen fan 'e steat Kolorado, dêr't er twa terminen folmakke. Yn 1986 waard er dêre troch syn amtgenoaten (by in opinypeiling troch de krante de Denver Post) útornearre as ien fan 'e tsien bêste steatspolitisy fan it jier. Yn novimber 1986 fersloech Campbell it sittende kongreslid Mike Strang en waard er yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen keazen, dêr't er trije terminen lang it 3e Distrikt fan Kolorado fertsjintwurdige. Yn dy funksje tsjinne er yn 1989 in troch him skreaun wetsûntwerp yn, dat úteinlik troch it Amerikaanske Kongres oannommen wurde soe as de wetlike basis foar de oprjochting fan it Nasjonaal Museum fan de Amerikaanske Yndiaan.

Yn 1992, doe't de Koloradooske senator Tim Wirth mei pinsjoen gie, stelde Campbell himsels ferkiesber foar de frijkommen sit yn 'e Amerikaanske Senaat. Yn 'e foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij fersloech Campbell yn in seldsume trijesidige striid de eardere gûverneur fan Kolorado Richard Lamm en de bestjoerskommisaris fan Boulder County Josie Heath. Syn tsjinstanners moasten it allebeide hawwe fan 'e lofterfleugel fan 'e Demokratyske Partij, wylst Campbell syn oanhing yn 'e rjochterfleugel hie. Sadwaande wûn er de foarferkiezings mei 45% fan 'e stimmen, wêrnei't er yn 'e algemiene ferkiezings koarte metten makke mei de Republikeinske kandidaat Terry Considine.

Yn maart 1995, doe't er twa jier senator foar Kolorado wie, rûn Campbell oer fan 'e Demokraten nei de Republikeinen, nei 't er spul krigen hie mei it liederskip fan 'e Koloradooske ôfdieling fan 'e Demokratyske Partij. Doe't dat nijs bekend waard, naam frijwol syn hiele stêf yn Washington, D.C. fuortendaliks ûntslach. Lykwols wûn Campbell by de ferkiezings fan novimber 1998 in twadde termyn as senator mei in ferskil yn stimmen mei syn Demokratyske tsjinstanner dat it grutste wie út 'e ferkiezingsskiednis fan Kolorado. Under syn twadde termyn waard Campbell de earste Yndiaan dy't de Kommisje fan Yndiaanske Saken fan 'e Senaat foarsiet. Yn 2002 ûndersocht de etykkommisje fan 'e Senaat beskuldigings dat Campbell syn eardere stêfsjef in meiwurker in oergrutte bonus taparte hie, sadat dyselde dat jild letter weromspylje koe nei de stêfsjef. Yn fraachpetearen holden sawol de stêfsjef as de meiwurker fol dat Campbell fan 'e kwestje op 'e hichte west hie en der grien ljocht foar jûn hie. Campbell ûntkende dat.

Yn maart 2004 joech Campbell oan dat er him net ferkiesber stelle soe foar in trêde termyn as senator. Sadwaande loek er him yn jannewaris 2005, oan 'e ein fan syn twadde termyn, út 'e nasjonale polityk werom. Neitiid waard Campbell lobbyist en polityk adviseur foar it abbekatekantoar Holland & Knight, út Washington, D.C. Yn july 2012 rjochte er syn eigen lobbykantoar op ûnder de namme Ben Nighthorse Consultants. Dêrnjonken brocht er ûnder de namme 'Ben Nighthorse' jier oan jier ek in eigenûntwurpen kolleksje Yndiaanske juwiellen op 'e merk. Campbell hat ek as opperhaad sit yn 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme. Yn 2011 kaam yn súdwestlik Kolorado in nije opslachmar ree, dy't nei Campbell ferneamd waard as Lake Nighthorse.

Campbell troude yn 1966 mei Linda Price, in skoaljuffer yn it leger ûnderwiis dy't oarspronklik út Kolorado kaam. Hja krigen twa bern, soan Colin Campbell en dochter Shanan Campbell Wells. Beide binne troud, en der binne yn totaal fjouwer pake- en beppesizzers. Campbell wennet noch altyd yn Kolorado.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.