Springe nei ynhâld

Turnjen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lichaamlike oefening)
Turnjen op de brêge

Turnjen (fan it Dútske turnen, fan turnier, in âld wurd foar "toernoai") of tastelturnjen is in yndividuele sport dy't útfierd wurdt mei tastellen. It is in ûnderdiel fan de Olympyske Spullen en is ûntstien yn de saneamde Dútske skoalle út de 19e iuw. It (tastel)turnjen is in ûnderdiel fan de gymnastyksport

Skiednis fan it turnjen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Turnen wie al bekend yn de tiid fan de Romeinen, dy't it ‘arte Gymnastica’ (gymnastykkeunst) neamden. De grûnfoarms fan de hjoeddeiske turntastellen en turnbewegingen waarden ûntwikkele troch Friedrich Ludwig Jahn (1778-1852), de grûnlizzer fan de Dútske skoalle. Yn 1811 iepene Jahn op de Heiseheide by Berlyn de earste Turnplatz. Tegearre mei syn learling Ernst Eiselen ûntwurp er turntastellen, lykas de brêge en de rekstôk.

Turnjen is in sport dêr’t krêft, fleksibiliteit, faasje, koördinaasje, balâns en elegânsje nei foaren komme. Al dy eigenskippen binne fan grut belang yn de sport. Guon tastellen en eleminten freegje in soad fan beskate eigenskippen, bygelyks balke by de froulju, dêr’t elegânsje en balâns sterk nei foaren komme. Mar op himsels binne op alle tastellen alle eigenskippen nedich en kinne se inoar ek goed oanfolje. Fleksibiliteit, ek wol linigens neamd, kin de kâns op blessueren ferminderje. Krêft makket in soad eleminten makliker en oefeningen minder dreech. Turnjen is in tige yntinsive sport: in krêfteksploazje en dêrnei wer útrêste. Nei in koarte oefening is in dielnimmer meastentiids al skjin ynein.

Treningsfrekwinsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wedstrydturners trene minimaal 2 oant 3 oeren yn de wike om de elemintêre begjinsels fan it turnjen te learen. Om oan de lanlike kompetysje mei te dwaan, is mear trening nedich en sil in turner al op jonge leeftyd, faak foar syn njoggende jier, begjinne moatte mei de trening. Trije oant fiif kear yn de wike trene, en dan trije á fjouwer oeren per kear, is gjin útsûndering by dizze sport.

By topsport (heechste nivo) wurdt faak 20 oant 30 oeren yn de wike treend, wat soms slim te kombinearjen is mei in gewoan lesroaster. By it trenen fan nije ûnderdielen wurdt gebrûk makke fan de falkûle. Dizze kûle is fold mei skomrubber blokken die de fal faak brekke as it mis giet.

It ferskil tusken gymnastyk en turnjen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't gymnastyk en turnjen soms as synonimen brûkt wurde, is it dochs net itselde. Yn it foarste plak moat der in ûnderskied makke wurde tusken gymnastyk op skoalle en gymnastyk fan it Nederlânske KNGU of De Flaamske gymfederaasje. Under gymnastyk op skoalle falt in grut ferskaat oan sporten, wêrûnder turnen (turnûnderdielen). Dêrneist omfettet gymnastyk by de KNGU/GymFederaasje neist turnjen ek oare dissiplines, wêrûnder ritmyske gymnastyk, trampolinespringe, Rhonradturnjen, akrongym, aerobiks en tumbling.

Der binne seis ferskillende ûnderdielen foar it turnjen foar manlju en fjouwer ferskillende foar it turnjen foar froulju.

Foar de manlju (yn Olympyske folchoarder) binne dat:

- Flier

- Foltiizje

- Ringen

- Sprong

- Brêge (mei lykweardige lêgers)

- Rekstôk


Foar de froulju (yn Olympyske folchoarder):

- Sprong

- Brêge (mei ûngelikense lêgers)

- Balke

- Flier

Sprong en frije flieroefening besteane dus sawol foar froulju as foar de manlju. Foarhinne waarden dy twa ûnderdielen ferskillend brûkt; hjoed-de-dei jildt dat allinnich noch foar de flier. By de sprong moasten de manlju springe yn ’e lingterjochting fan it hynder en de froulju yn de breedterjochting. Om’t der hieltyd mear sprongen turne waarden mei in hegere swierrichheidsgraad, wie it klassike hynder ûnfeilich wurden. It hynder is dêrom sûnt 2002 ferfongen troch de ‘Pegasus'.

By de frije flieroefening dogge de froulju har oefening op (ynstrumintale) muzyk en de manlju sûnder. De oefening mei net mear as oardel minút duorje en de tiid wurdt pas opmetten fan de earste beweging ôf. As de 1 min. 20 berikt wurdt, is der in piip te hearren dy't oanjout dat de oefening ôfrûne wurde moat. Duorret it te lang, dan wurde der punten ôflutsen fan de skoare fan de turner of turnster. By froulju is der allinne by de balke in piip. De balke is 10 sintimeter breed.

By de famkes oant en mei de leeftiid fan de ‘jeugd 1’ binne de oefeningen yn it turnjen foarskreaun. Wannear't de turnster 'jeugd 2’ wurdt, binne de oefeningen basearre op kar. De turnster kin dan, yn oerlis mei de trainer, sels in oefening gearstalle mei ûnderskate eleminten. Dat moat wol neffens de easken dy’t yn it reglemint steane. Yn de hegere nivo’s wurdt dêrfoar it reglemint fan de ynternasjonale turnfederaasje (FIG) oanholden. Ofhinklik fan it tal turnde ûnderdielen yn de swierrichheidsgraad (A oant en mei E) kin in bepaalde útgongswearde foar in oefening fertstjinne wurde. In útsûndering dêrop is sprong, dêr't de wearde fêststeld wurdt troch de 'sprongtabel'. Dêrnjonken wurdt in turnoefening beoardiele op útfiering (kreazens, technyk , ensfh.). De totaalskoare wurdt fêststeld troch de kombinaasje fan it útgongssifer mei it sifer foar de útfiering.