Tastelturnjen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Famkes op de balke

Tastelturnjen is in yndividuele sport dy’t útfierd wurdt mei help fan tastellen. Tastelturnjen is in ûnderdiel fan de Olympyske Spullen en is ûntstien yn de saneamde Dútske skoalle út de 19e iuw. It (tastel)turnen is in gymnastyksport.

Skiednis fan it turnjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Turnjen wie al bekend yn de tiid fan de Romeinen, dy’t it ynearsten gymnastica neamden. De basisfoarmen fan de hjoeddeistige turntastellen en turnbewegingen waarden lykwols ûntwikkele troch Friedrich Ludwig Jahn, de grûnlizzer fan de Dútske skoalle. Yn 1811 iepene Jahn op de Hasen Heide by Berlyn it earste turnplak. Mei syn learling Ernst Eiselen ûntwurp hy turntastellen, ûnder oare de brêge en de rekstok.

Yn Nederlân ûntstie de earste gymnastykferiening yn 1830. Op 15 maart 1886 waard it Nederlânsk gymnastykbûn oprjochte. Fyftich jier letter mocht dat ferbûn har keninklik neame en sûnt dy tiid hat it har ûntwikkele ta in sportbûn mei mear as in kwart miljoen leden. Letter folge de fúzje mei de NKGB, en gongen beide organisaasje fierder as it Keninklike Nederlânske Gymnastyk Bûn (KNGB). Yn it seizoen 1999/2000 binne de KNGB en it kristlike bûn Keninklik Nederlânske Kristlike Gymnastyk Bûn (KNCGV) fusearre ta de hjoeddeistige Keninklike Nederlânske Gymnastyk Uny. By it kristlike bûn wurdt turne op 5 tastellen, wylst by de KNGB op 6 tastellen turne wurdt. Troch de fúzje binne inkele regels foar it wedstriidturnjen wizige foar in tiidrek fan trije jier, útsein yn de A-line. Ien fan de tydlike feroaringen wie dat it tastel wêrop it minst prestearre waard net meitelde by de puntetelling.