Springe nei ynhâld

Belgysk-Nederlânsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Belgysk Nederlânsk)
Belgysk-Nederlânsk
algemien
eigen namme Belgisch-Nederlands
lânseigen yn Belgje
tal sprekkers 5,2 miljoen (T2-sprekkers)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Belgysk-
                 Nederlânsk
dialekten Brabânsk, Eastflaamsk, Westflaamsk
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
gjint

Mei Belgysk-Nederlânsk wurdt de (justjes ôfwikende) foarm fan 'e Nederlânske standerttaal bedoeld dy't yn algemien gebrûk is yn it gewest Flaanderen, it hiele Nederlânsktalige diel fan Belgje. Dit regiolekt wurdt ek wol Flaamsk neamd, mar dat is in oantsjutting dy't lykwols foar mearderlei útlis fetber is, en dêrom mar better mijd wurde kin. Yn Flaanderen sels wurdt wol fan Súdnederlânsk sprutsen, in ferwizing fan 'e lizzing fan Flaanderen yn it suden fan it Nederlânske taalgebiet, mar yn Nederlân wurdt dat meast histoarysk opfetten, ferwizend nei de sitewaasje fan foàr de stifting fan Belgje, yn 1830, of ek wol as term dêr't de súdlike Nederlânske dialekten yn Nederlân (Brabânsk en Súdgeldersk) mei bedoeld wurde.

Ferskillen mei it "Nederlânsk-Nederlânsk"

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It dúdlikste ferskil tusken it Belgysk-Nederlânsk en it Nederlânsk sa't dat yn Nederlân sprutsen wurdt, is de útspraak of it aksint. Dêroan kin eltsenien yn Nederlân it daliks hearre oft er mei in Flaming fan dwaan hat, en oarsom kenne Flamingen fansels Nederlanners likegoed oan har útspraak werom. De Belgysk-Nederlânske útspraak wurdt oer it algemien karakterisearre troch in op 'e tongpunt útsprutsen rôljende r ([r]), krekt as yn it Frysk, of krekt in breikjende r ([ʀ]). Lange fokalen foar sa'n r wurde net lykas yn it Frysk en it Nederlânsk diftongisearre (ta [ɪ.ǝ] fan "bear", [i.ǝ] fan "bier", [o.ǝ] fan "boor"), mar krekt strak oanholden (lykas yn "reek", "ryk", "rook"). Ek wurde koarte lûden faak lang oanholden, lykas yn vriezen ("frieze"; normale útspr.: ['vrizən]), dat yn Flaanderen wol útsprutsen wurdt as [vri:zən] ("vriizen").

Soms falt de h fuort oan it begjin fan wurden, lykas yn eel foar heel ("hiel"), mar folle algemiener is it ferdwinen fan 'e [t] út 'e útspraak fan wurden as politie ("plysje") en vakantie ("fakânsje"): Nederlân: [po'liʦi], [va'kanʦi]; Flaanderen: [po'lisi], [va'kansi]. De g is yn wurdinisjale posysje altyd in [ɣ] (fan "drage"), en nea in [x] (fan "berch"), sa't yn Nederlân boppe de Grutte Rivieren gewoan is. En de w is, alteast yn wurdinisjale posysje, by in protte sprekkers in [w] (fan "skowe"), lykas yn it Ingelsk. Fierders skoot de [ɛ] (e fan "lek") faak op yn 'e rjochting fan 'e [a] (a fan "dak"), lykas yn 'e útspraak fan Belgisch ("Belgysk"): ['balɣis]. Ek wurde lienwurden út it Ingelsk yn it Belgysk-Nederlânsk gauris útsprutsen sa't se stavere wurde, wylst yn Nederlân de oarspronklike Ingelske útspraak beholden bleaun is. Dêrby moat men tinken oan wurden as tram, tank en crack (de drug), dy't yn Nederlân in [ɛ] (fan "lek") hawwe, mar yn Flaanderen mei in [a] (fan "dak") útsprutsen wurde.

Total loss of perte totale?

Op leksikaal mêd binne der ek ferskillen. Sa wurde yn it Belgysk-Nederlânsk yn 'e sprektaal in protte wurden brûkt dy't yn Nederlân as argaysk of oerdreaun formeel beskôge wurde en inkeld noch yn 'e skriuwtaal besteane of alhielendal yn ûnbrûk rekke binne, lykas gans foar heel of zeer ("tige"), struis foar "fors" of "dik" ("mânsk"), wellicht foar misschien ("miskien"), voorts foar verder ("fierders") en weerspannig foar opstandig of recalcitrant ("wjerstribbich"). Ek wurdt der soms in foar Nederlanners nuvere draai jûn oan steande útdrukkings, lykas it bekende zeker en vast foar vast en zeker ("sûnder mis"). Guon wurden wurde oars brûkt, lykas terug ("werom"), yn sinnen as Hij is terug hier gekomen ("hy is wer hjir kommen"), dêr't in Nederlanner it wurd weer ("wer") brûke soe. In oar foarbyld is nog ("noch") yn sinnen dêr't in Nederlanner ook ("ek") brûke soe, lykas Nog over dit onderwerp het volgende ("Ek oer dit ûnderwerp it folgjende"). Ek wurdt de konstruksje naar daar brûkt, as in Nederlanner daarheen ("dêrhinne") sizze soe. Hoewol't Nederlanners en Flamingen dy't Belgysk-Nederlânsk sprekke inoar oer it algemien sûnder folle swierrichheden ferstean kinne, feroarsaakje de ferskillen soms dochs problemen.

Soks komt bygelyks foar mei de belgisismen, wurden dy't inkeld yn it Belgysk-Nederlânsk bekend binne. In protte dêrfan binne begripen dy't letterlik oerset binne út it Frânsk (de saneamde gallisismen), wylst guon oaren krekt yn reäksje op 'e Frânske ynfloed opmerklike puristysk binne, lykas droogzwierder foar centrifuge ("sintrifúzje") en duimspijker foar punaise ("punêzje"). Oare foarbylden fan belgisismen binne: dampkap foar afzuigkap ("ôfsûchkap"), rondpunt foar rotonde ("rotonde"), droogkuis foar stomerij ("steamerij"), kuisen foar schoonmaken ("himmelje"), plezant foar leuk ("aardich") en vaak hebben (fan Klaas Vaak) foar slaperig zijn ("slûch wêze"). Ek nijmoadrichheden wurde soms oars oantsjutten. Sa is pinnen ("pinne") yn Belgje folslein ûnbekend; dêr sprekt men fan betalen met Bancontact of koartwei Bancontact. En in baan ("baan", wurk) is yn Flaanderen altyd in job.

As men net wit wat der bedoeld wurdt, kin men der fansels nei freegje. It wurdt pas echt problematysk as men mient te witten wat der bedoeld wurdt, mar dêr mis mei is. Sa kenne Flamingen in stropanne simpelwei as in pan of in bakpan en geane alle oare pannen foar potten troch. Verwittigen, dat de measte Nederlanners noch wol kenne as in tige argaysk wurd foar "meidiele", betsjut yn it Belgysk-Nederlânsk fan "warskôgje".

It genypichst is lykwols de tiidsoantsjutting. Yn Nederlân dielt men de dei yn trije dielen yn: moarn (ochtend of morgen), middei (middag) en jûn (avond). De moarn begjint by moarnsdage of (winterdeis) noch earder, en rint oant 12 oere ta. Dan begjint de middei, dy't om 6 oere yn 'e jûn oergiet. Yn Flaanderen duorret de moarn (ochtend) lykwols oant 9 oere, wêrnei't de "foarmiddei" (voormiddag) fan 9 oant 11 oere rint, om dan oer te gean yn 'e middei (middag), tusken alven en ienen. It tiidsskoft tusken 1 en 6 oere hjit de "neimiddei" (namiddag), dy't dan wol wer lykas yn Nederlân folge wurdt troch de jûn (avond). Dus as in Nederlanner mei in Belch middeis ôfsprekt en mient dat er om healwei trijen moai op 'e tiid is, dan mist er de boat, want hy wie op syn alderletst om 1 oere ferwachte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Walburg, Laura, Taalbedrijf helpt bij zakendoen met Belg, yn: de Ljouwerter Krante, 5 augustus 2013.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Noten, op dizze side.