Springe nei ynhâld

American Pie Presents: Band Camp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan American Pie: Band Camp)
American Pie Presents:
Band Camp
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steve Rash[1]
produsint Mike Elliott[1]
senario Brad Riddell[1]
kamerarezjy Victor J. Kemper[1]
muzyk Robert Folk[1]
filmstudio Rogue Pictures[1]
distribúsje Universal Pictures[1]
spilers
haadrollen Tad Hilgenbrink
Arielle Kebbel[1]
byrollen Eugene Levy
Crystle Lightning
Matt Barr
Jason Earles
Omar Benson Stiller
Angela Little[1]
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten[1]
premiêre gjint (útbr. 31 okt. 2005)[1]
foarm langspylfilm[1]
sjenre gross-out-komeedzjefilm[1]
taal Ingelsk[1]
spyltiid 91 minuten (sinsurearre)[1]
94 minuten (útwreide)[1]
budget en resultaten
budget $7 miljoen[1]
opbringst ûnbekend
filmsearje
filmsearje American Pie Presents
● folgjend diel American Pie Presents:
   The Naked Mile

American Pie Presents: Band Camp, ek bekend as American Pie: Band Camp, is in Amerikaanske komeedzjefilm fan it gross-out-type út 2005.[1][2][3] It wie de fjirde film fan 'e American Pie-filmsearje en de earste fan 'e fjouwer American Pie Presents-spin-offs.[2] American Pie Presents: Band Camp waard regissearre troch Steve Rash nei in senario skreaun troch Brad Riddell.[1] De plot draait om Matt Stifler, de jongere broer fan Steve Stifler út 'e oarspronklike trije American Pie-films, dy't om syn kweajongesstreken ôf te learen nei in simmerkamp foar leden fan skoalmuzykkorpsen stjoerd wurdt.[3] De haadrollen waarden fertolke troch Tad Hilgenbrink en Arielle Kebbel.[1][2][3] American Pie Presents: Band Camp draaide nea yn 'e bioskoop, mar waard ynstee daliks útbrocht op fideo en dvd.[1][2]

Matt Stifler, de jongere broer fan Steve Stifler, wol graach yn 'e fuotspoaren fan syn grutte broer folgje mei it útfieren fan flauwe kweajongesstreken op 'e middelbere skoalle. Syn heechste ambysje is it meitsjen fan fideo's mei in soad neakene famkes, sadat er himsels foar Steve oer bewize kin. Nei't hy en in pear maten foarôfgeande oan in diploma-útrikkingsseremoanje op harren middelbere skoalle dêr't it muzykkorps fan 'e skoalle by spylje moat, pepperspray yn mûlstikken fan 'e blaasynstruminten spuite hawwe sadat it hiele optreden yn gaos einiget, wurdt Matt by de dekaan roppen. Dat blykt Chuck "The Shermanator" Sherman te wêzen, dy't by Steve yn 'e klasse sitten hat. Dyselde beslút dat it in passende straf foar Matt wêze sil om foar in grut diel fan syn simmerfakânsje nei in simmerkamp foar skoalmuzykkorpsen stjoerd te wurden. Matt fynt earst dat er ûnrjochtlik bestraft wurdt, mar as er fan oare jonges heart dat famkes fan it muzykkorps bekend steane om harren lossinnige seksuële hâlden en dragen, rekket er yntrigearre, en beslút er mei te wurkjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Oankommen yn it simmerkamp wurdt Matt logyskerwize yndield by it muzykkorps fan syn eigen skoalle. De leden fan dat korps, en fral diriginte Elyse Houston, binne syn grap mei de pepperspray noch net fergetten, dat de gearwurking is yn 't earstoan stroef. Matt hâldt en draacht him brutaal en bringt dêrmei net allinnich himsels, mar ek syn korps oanhâldend yn 'e swierrichheden. De dekaan fan it simmerkamp, nimmen oars as Noah Levenstein (de heit fan Jim Levenstein, ien fan 'e haadpersoanen út 'e oarspronklike American Pie-films), riedt him oan en doch better syn bêst om derby te hearren. Ynstee pleatst Matt ferburgen kamera's yn 'e dûsen fan 'e famkes, sadat er harren neaken filmje kin. Hy sleept syn keamergenoat, de bleue nerd Ernie Kaplowitz, yn syn dwaan mei. As bliken docht dat troch de steam fan it waarme dûswetter de linzen fan 'e kamera's beslane, betinkt Ernie dêr in oplossing foar.

By in konfrontaasje mei Brandon, de lieder fan in rivalisearjend muzykkorps, nimt Matt de útdaging ta in muzikaal duël oan. Elyse is furieus, want as Matt it duël ferliest, sil dat gefolgen hawwe foar har hiele korps. By it duël, dat bywenne wurdt troch de hiele kampbefolking, spilet Brandon de tromme, wylst Matt de triangel hat, it muzykynstrumint dat Elyse him tawiisd hat doe't Matt har tsjin har sin opkrongen waard. As it der alle skyn fan hat dat Matt it duël ferlieze sil, rint er fuort, dêrmei alle leden fan syn eigen korps, dy't derfan oertsjûge binne dat er útnaaid is, yn fertwifeling efterlittend. Hy komt lykwols werom klaaid yn kilt wylst er in doedelsek bespilet. It docht bliken dat Matt as jonkje fan syn mem beslist ynstrumint bespyljen leare moast, en dat er doe keazen hat foar de doedelsek om syn mem mei gelikense munt werom te beteljen. Mei it nûmer Play That Funky Music, spile op 'e doedelsek, wint Matt it duël.

Op in kampfjoerjûn wit de knoffelige Ernie, dy't al tiden fereale is op Elyse har tatoeëarre en piercete freondinne Chloe, har mei wat help fan Matt te feroverjen. Underwilens leit kampliedster Sheree it yn it strewelleguod oan mei Oscar, in oar lid fan Matt syn muzykkorps, wylst Matt harren mei in ynfrareadkamera bespionearret en filmet. Sels hat Matt noch net in soad gelok mei de famkes, mar as er in klarinet lizzen sjocht, komt him it ferhaal fan Oscar syn maat James yn 't sin, dat je it ek prima mei sa'n ynstrumint dwaan kinne as je wat oalje brûke. Net folle letter wurdt er troch Elyse trappearre wylst er mei syn saakje fêstsit yn 'e klarinet. De kampferpleechster moat deroan te pas komme om him te befrijen fan it ynstrumint. Yn in oar apart barren nimt Matt wraak op 'e oanhâldend klierjende Brandon troch nei masturbaasje klear te kommen yn Brandon syn fleske sinnebrânoalje. It gefolch is dat Brandon himsels letter ynsmaard mei Matt syn sperma, ta grutte hilariteit fan Matt en syn maten.

Nettsjinsteande sokke nuvere strapatsen bestiet der tusken Matt en Elyse in dúdlike oantrekkingskrêft en groeie se stadichoan nei inoar ta, oant se op in dei in tút útwikselje wylst se nei de wolkens lizze te sjen. In dei foar de finale fan 'e simmerkampkompetysje tusken de oanwêzige muzykkorpsen arrivearret it cheerleadersteam fan Matt syn skoalle, mei û.o. de kreaze Arianna, mei wa't Matt it foarhinne altyd oanlizze woe. As dy fammen Matt yn in muzykkorpsunifoarm sjogge, narje se him dêrmei en meitsje mei de mobile tillefoan in foto fan him yn it unifoarm, dy't se driigje op it ynternet te setten. Om't leden fan it muzykkorps sjoen wurde as nerds en Matt him dêrom foar de foto skammet, biedt er de cheerleaders oan om yn ruil foar it wiskjen fan 'e foto de bylden sjen te litten fan neakene famkes dy't er op it simmerkamp opnommen hat, en dêr't er in fideo fan útbringe wol yn 'e styl fan syn âldere broer Steve. Wylst er Arianna en in oare cheerleader de bylden sjen lit, komt Elyse deryn en sjocht se ek. Se is skokt en teloarsteld en naait út.

As Oscar heart wat der oan 'e hân, pakt er Matt syn laptop ôf smyt dy yn 'e mar. Chloe makket it út mei Ernie om't dy Matt holpen hat. Matt wurdt út it muzykkorps set en mei net meidwaan oan 'e finale. Hy besiket it noch goed te meitsjen troch it frisdrinken dat klearstiet foar it korps fan Brandon-en-dy oan te lingen mei in spuidrankje, mar dat wurket averjochts as Oscar en James dêrnei it frisdrinken fan Brandon syn korps foar harren eigen korps mei gaudievje. It gefolch is dat alle leden fan Elyse har muzykkorps ûnder it optreden begjinne te koarjen, en sa de finale ferlieze. Dêrmei ferliest Elyse ek har kâns op in felbegearde stúdzjebeurs foar it konservatoarium.

Nei't er wer thús kommen is, wurdt Matt fannijs by dekaan Chuck Sherman roppen, dy't him de mantel útfeecht foar syn hâlden en dragen op it simmerkamp. Hy bringt ek út dat de klasgenoaten fan syn broer Steve, by wa't Matt sa heech opsjocht, Steve eins net sjen of luchte koene. Dat jout Matt wat om oer nei te tinken. Hy beslút te besykjen en meitsje syn flaters goed. Hy begjint mei it wiskjen fan 'e fideo's fan neakene famkes, dêr't er back-ups fan makke hie op in eksterne hurde skiif. Dêrnei brekt er foargoed mei Arianna en syn âlde maten, en fermoedsoenet er him mei help fan Ernie mei Oscar, James en Chloe, eat dat makliker giet as útkomt dat Oscar en James foar in part ferantwurdlik wiene foar it fiasko by de finale. Ek tusken Ernie en Chloe fynt in fermoedsoening plak. Dêrnei bepraat Matt harren en de rest fan it korps om him te helpen om Elyse dochs noch har stúdzjebeurs te besoargjen. Dy is nammentlik noch net ferjûn om't de begeunstige in eigen komposysje meitsje moat, en Brandon, dy't fanwegen syn oerwinning yn 'e finale fan it simmerkamp rjocht hie op 'e beurs, dêrby op plagiaat betrape is. Matt bewurkmasteret it sa dat Elyse har komposysje mei it muzykkorps foar dr. Choi, it haad fan it konservatoarium, spylje kin. Dêrmei wint Elyse har stúdzjebeurs en wint Matt har leafde.

Arielle Kebbel.
Crystle Lightning.
Eugene Levy.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Matt Stifler Tad Hilgenbrink
Elyse Houston Arielle Kebbel


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Noah Levenstein Eugene Levy
Chloe Crystle Lightning
Brandon Vandecamp Matt Barr
Ernie Kaplowitz Jason Earles
Oscar Omar Benson Stiller
Sheree Angela Little
James Chong Jun Hee Lee
Chuck Sherman Chris Owen
Arianna Lauren Mayhew
Dani Rachel Veltri
Andy Dossett March
suster Sanders Ginger Lynn
dr. Susan Choi Lily Mariye
famke by dûs Jennifer Walcott

American Pie Presents: Band Camp waard regissearre troch Steve Rash, nei in senario dat skreaun wie troch Brad Riddell op basis fan personaazjes kreëarre troch Adam Herz.[1] De produsint wie Mike Elliott foar de filmstudio Rogue Pictures.[1] De kamerarezjy waard dien troch Victor J. Kemper,[1] en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Robert Folk.[1] American Pie Presents: Band Camp waard yn syn gehiel opnommen yn Los Angeles.[1] Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $7 miljoen.[1]

De filmdistribúsje foar American Pie Presents: Band Camp waard fersoarge troch Universal Pictures.[1] De film kaam net yn 'e bioskopen út, mar waard fuortendaliks op fideo útbrocht.[1][2] Dat barde op 26 desimber 2005 yn 'e Feriene Steaten, mar al op 31 oktober fan dat jier yn it Feriene Keninkryk.[1] Sa't net ûngebrûklik is mei Amerikaanske films dy't in bytsje derop ôf binne, waarden der fan American Pie Presents: Band Camp twa ferzjes publisearre: in sinsurearre ferzje fan 91 minuten, en in útwreide ferzje fan 94 minuten, dy't in bytsje mear bleat omfettet.[1]

American Pie Presents: Band Camp krige oer it algemien minne kritiken. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in goedkarringspersintaazje fan 17%, basearre op 6 ûnderskate resinsjes: fiif minne en ien goede.[4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 1,21 1,22 1,23 1,24 1,25 1,26 1,27 1,28 1,29 1,30 Ynformaasje oer American Pie Presents: Band Camp yn 'e Internet Movie Database (IMDb).
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Mitovich, Matt Webb, New Pie Exposes Wild Times at Band Camp, yn: TV Guide, 26 desimber 2005.
  3. 3,0 3,1 3,2 Buchanan, Jason, "American Pie Presents Band Camp", yn: The New York Times, 30 maart 2011.
  4. Beoardieling fan American Pie Presents: Band Camp op Rotten Tomatoes.
American Pie (filmsearje)
haadsearje
American Pie (1999) • American Pie 2 (2001) • American Pie 3: The Wedding (2003) • American Pie 4: Reunion (2012)
spin-off-films
American Pie Presents: Band Camp (2005) • American Pie Presents: The Naked Mile (2006) • American Pie Presents: Beta House (2007) • American Pie Presents: The Book of Love (2009) • American Pie Presents: Girls' Rules (2020)