Amber Brantsen
Amber Brantsen | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amber Brantsen | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 9 septimber 1989 | |
berteplak | ûnbekend (Nederlân) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, radiopresintatrise | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | Omrop West, NOS | |
bekend fan | NOS Journaal | |
jierren aktyf | 2012 – no | |
offisjele webside | ||
www.amberbrantsen.nl |
Amber Brantsen (9 septimber 1989) is in Nederlânsk nijslêzeresse en radiopresintatrise.
Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Brantsen, dy't yn 1989 berne waard, studearre fan 2010 oant 2014 bestjoerskunde oan 'e Ryksuniversiteit Leien. Under har studintetiid wurke se fanôf maaie 2012 twa jier lang as radiopresintatrise (benammen nijslêzeresse), haadredaktrise en contentmanager by de radiostjoerder Unity FM. Fierders wie se fanôf july 2013 ek nijslêzeresse op 'e radio by de regionale Omrop West. Fan augustus 2014 oant en mei jannewaris 2015 wurke Brantsen dêr as nijslêzeresse en redaktrise fan it programma Bureau Regio.
Yn 2015 waard Brantsen in ferlykbere funksje taparte by de NOS, dêr't se troch it radioprogramma NOS op 3 in lanlik berik krige. Yn desimber 2015 waard se troch de Volkskrant útroppen ta "it radiotalint fan it jier". Op 4 jannewaris 2016 stapte Brantsen oer nei it Radio 1 Journaal, as fêste mei-presintatrise njonken Jurgen van den Berg. Yn desimber fan dat jier waard Brantsen mei Eva Cleven fan FunX en Anita Sara Nederlof fan RTV Utert nominearre foar de prestizjeuze twajierlikse Philip Bloemendal Priis foar talintfolle jonge presintators (de winner wie Cleven).
Op 25 july 2017 presintearre Brantsen it Radio 1 Journaal foar it lêst, mei't se fan mids augustus ôf nijslêzeresse fan it NOS Journaal op 'e tillefyzje waard. Dêr presintearre se de oerdeiske nijsbulletêns as ferfangster fan Rik van de Westelaken, dy't begjin augustus de NOS ferruile foar SBS.
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |