Oan de Keninginne
Oan de Keninginne | ||
It manuskript fan Oan de Keninginne. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | To the Queen | |
auteur | William Shakespeare? | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
skreaun | ±1600 | |
1e publikaasje | 1972 |
Oan de Keninginne, yn it Ingelsk: To the Queen (eins folút: To the Queen by the Players; "Oan de Keninginne, troch de Spilers"), is in koart gedicht fan achttjin fersregels út omtrint 1600, wêryn't keninginne Elizabeth I fan Ingelân priizge wurdt, en dat mooglik skreaun is troch de wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. Sadwaande wurdt it ta de saneamde Shakespeariaanske apokrifa rekkene. Yn 2007 waard it troch Jonathan Bate opnommen yn syn folsleine edysje fan it wurk fan Shakespeare foar de Royal Shakespeare Company.
It gedicht, dat neffens Bate skreaun is op 'e efterkant fan in kefert, wie nei alle gedachten bedoeld as epilooch foar de opfiering fan in toanielstik yn 'e oanwêzigens fan 'e keninginne. Bate is fan tinken dat dat de opfiering fan 'e komeedzje Nei Jim Beleavjen, op fêsteljûn, yn febrewaris 1599, west hawwe moat. Oan de Keninginne waard yn 1972 ûntdutsen troch de Amerikaanske literêr ûndersikers William Ringler en Steven May yn it oantekenboekje fan in man dy't fan Henry Stanford hiet, en fan wa't bekend is dat er yn 'e hofhâlding fan 'e keamerhear fan 'e keninginne wurke. De taskriuwing fan dit gedicht oan Shakespeare is fier fan algemien oanfurde.
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As the dial hand tells o'er
The same hours it had before,
Still beginning in the ending,
Circular account still lending,
So, most mighty Queen we pray,
Like the dial day by day
You may lead the seasons on,
Making new when old are gone,
That the babe which now is young
And hath yet no use of tongue
Many a Shrovetide here may bow
To that empress I do now,
That the children of these lords,
Sitting at your council boards,
May be grave and aged seen
Of her that was their fathers' queen.
Once I wish this wish again,
Heaven subscribe it with "Amen".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |