Springe nei ynhâld

Melis van Seijen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2019 om 15.46 troch Holder (oerlis | bydragen) (corr using AWB)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Melis van Seijen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Melis van Seijen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 july 1926
berteplak Harns (Fryslân)
stoarn 26 augustus 2018
stjerplak Drachten (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt útjouwer, boekhanneler,
muzykprodusint
jierren aktyf ±1945 – ±1990
bekendste
  wurk(en)
Encyclopedie van het
   Hedendaagse Friesland
offisjele webside
n.f.t.

Melis van Seijen (Harns, 1 july 1926Drachten, 26 augustus 2018) wie in Frysk útjouwer, boekhanneler en muzykprodusint. Hy publisearre û.m. de Encyclopedie van het Hedendaagse Friesland.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Seijen waard yn 1926 berne yn in kommunistyske húshâlding yn Harns. Doe't er noch lyts wie, ferhuzen syn âlden mei him nei Ljouwert, dêr't er opgroeide en letter in útjouwerij (Utjouwerij M.A. van Seijen) en boekhannel oprjochte. Koart nei de Twadde Wrâldoarloch besiet Van Seijen ferskate gebouwen oan 'e strjitte By de Put. Yn 'e 1960-er jierren ferhuze er syn saak nei de Wurdumerdyk. Om't ferskate boekhannels yn Fryslân fanwegen syn kommunistyske eftergrûn syn publikaasjes net yn 'e hannel nimme woene, sutele er syn boeken sels út.

Under de útjeften fan Van Seijen wiene Het Oude Brood, fan J.P. Zoomers-Vermeer, en De Simmer fan it Lok, dat skreaun wie troch Van Seijen syn broer Ad van Seijen. Ek ferskynde by him it boek Opkomst en Strijd van de Arbeidersbeweging in Friesland, fan Pieter Terpstra. Yn 1975 publisearre er syn bekendste útjefte: de Encyclopedie van het Hedendaagse Friesland, dy't ta stân kaam ûnder redaksje fan Gerben Abma en Klaas Jansma.

Njonken boeken brocht Van Seijen ek platen op 'e merk, eat dêr't er mear súkses mei hie. Syn platemaatskippij Fan Fryske Groun publisearre û.m. Oer de Hage, in plaat mei sketches fan Akke Radsma, en hits as ’t Woanskip en Skûtsjesilen Is Myn Nocht, fan Anneke Douma.

Troch in ferhuzing nei Apeldoarn ferdwûnen Van Seijen, en syn bedriuwen, yn 'e 1980-er jierren út Ljouwert. Nei 2010 kearde er yn Fryslân werom, doe't er kaam te wenjen yn Ferpleechhûs Bertilla, yn Drachten. Op snein 26 augustus 2018 kaam Van Seijen dêre yn 'e âlderdom fan 92 jier te ferstjerren. Inkele wiken foar syn dea hied er noch tynge dien dat er doel wie om in santjinde-iuwsk manuskript út te jaan dat er fûn hie: Sint Vitus: Patroonheilige van Leeuwarden. By it bekendmeitsjen fan syn heite ferstjerren joech syn soan Wobbe van Seijen oan dat projekt ôfmeitsje te sillen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: