Springe nei ynhâld

Kjifstikelbargen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 des 2014 om 22.32 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kjifstikelbargen
In oerzon.
In oerzon.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
(ynformeel): kjifstikelbargen

De kjifstikelbargen foarmje in ynformele taksonomyske groep binnen de klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha) en it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi). Under dizze beneaming falle twa net nau besibbe groepen bisten út 'e Alde en de Nije Wrâld. Dizze bisten wurde faak ek wol stikelbargen neamd, nei de Nederlânske beneaming stekelvarkens, mar om't yn it Frysk mei de namme stikelbaarch ferwiisd wurdt nei in ynsekte-iter út 'e famylje Erinaceidae, is it better om foar de kjifdieren fan "kjifstikelbargen" te sprekken.

Underferdieling

Ta de kjifstikelbargen hearre twa famyljes út it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren, te witten: de kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae) en de kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae). Dy beide groepen binne net nau besibbe, en de kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld komme sels folle mear oerien mei sokke ferskillende groepen as beverrotten, kavia's en tsjintsjilla's, as mei har nammegenoaten út 'e Alde Wrâld. De bekendsten fan 'e 30 soarten kjifstikelbargen binne de gewoane kjifstikelbaarch of Afrikaanske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata of Hystrix galeata), dy't behalven yn Afrika ek yn Súd-Jeropa foarkomt, en de oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum), út Noard-Amearika.

Klassifikaasje

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.