Tsjintsjilla's

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjintsjilla's
In tsjintsjilla (Chinchilla lanigera).
In tsjintsjilla (Chinchilla lanigera).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
lytsskift: kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha)
boppefamylje: tsjintsjilla-eftigen (Chinchilloidea)
famylje: wolmûzen (Chinchillidae)
ûnderfamylje: tsjintsjilla's en berchfyskatsja's (Chinchillinae)
skaai: tsjintsjilla's (Chinchilla)
Bennett, 1829
It ferspriedingsgebiet fan 'e beide soarten tsjintsjilla's. (ljochtgrien: de keningstsjintsjilla; dûnkergrien: de tsjintsjilla.)

De tsjintsjilla's (wittenskiplike namme: Chinchilla) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e tsjintsjilla-eftigen (Chinchilloidea), de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae) en de ûnderfamylje fan 'e tsjintsjilla's en berchfyskatsja's (Chinchillinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 2 soarten nau besibbe bisten: de (gewoane) tsjintsjilla (Chinchilla lanigera) en de keningstsjintsjilla (Chinchilla chinchilla).

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintsjilla's binne lytseftige kjifdieren, justjes grutter en steviger boud as grûniikhoarntsjes, dy't lânseigen binne yn 'e Andes fan súdwestlik Súd-Amearika. Histoarysk kamen se foar yn Perû, Bolivia, Argentynje en Sily, mar tsjintwurdich is har fersprieding yn it wyld beheind ta Perû en Sily, en is de tastân fan beide soarten krityk. Tsjintsjilla's binne benammentlik yn 'e jûnsskimer en by de moarnsdage aktyf, en libje yn groepen oan op in hichte fan 4.250 m boppe seenivo.

Ynteraksje mei de minske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme "tsjintsjilla" (Spaansk: chinchilla) betsjut letterlik "lytse Tsjintsja"; de bisten binne neamd nei it Andeaanske Tsjintsja-folk, dy't der ienris om bekend stiene dat se it tichte, ferwielsêfte tsjintsjillabûnt droegen. Sok guod wie yn Jeropa ek wol fraach nei, en tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wiene tsjintsjilla's dan ek tige seldsum wurden trochdat der allegeduerigen jacht op 'e bisten makke waard. Sûnt de 1990-er jierren is 90% fan 'e wylde tsjintsjillapopulaasje yn 'e wrâld ferlern gien troch oerbejaging. Lykwols bestiet der gjin kâns op útstjerren, mei't fral de gewoane tsjintsjilla tsjintwurdich rûnom holden wurdt yn 'e pelsdierfokkerij en inkeld ek wol as gewoan húsdier.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferliking fan 'e lichemsfoarm fan 'e beide soarten tsjintsjilla's.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.