Springe nei ynhâld

Edward Turner Bennett

Ut Wikipedy
Edward Turner Bennett
persoanlike bysûnderheden
echte namme Edward Turner Bennett
nasjonaliteit Britsk
berne 6 jannewaris 1797
berteplak Hackney (Ingelân)
stoarn 21 augustus 1836
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt medikus, biolooch
aktyf as soölooch, publisist
jierren aktyf ±18151836

Edward Turner Bennett (ek wol bekend as E.T. Bennett; Hackney, 6 jannewaris 1797Londen, 21 augustus 1836) wie in Britsk soölooch en publisist, dy't him û.m. talei op 'e entomology en de ornitology. Hy wie de âldere broer fan 'e botanikus John Joseph Bennett.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bennett waard yn 1797 berne yn it Ingelske Hackney en groeide op yn in begoedige fermidden. Hy learde foar sjirurch en praktisearre ek, mar syn hert gie dochs altyd út nei de soölogy. Yn 1822 wied er belutsen by de oprjochting fan in entomologysk genoatskip yn it Feriene Keninkryk, in organisaasje dy't letter, yn ferbân mei it taksonomyske en natoerhistoaryske Linnaeysk Genoatskip fan Londen, ferbrede waard ta in soölogysk selskip. Dêr kaam yn 1826 dan wer it Soölogysk Genoatskip fan Londen út fuort, wêrfan't Bennett sels fan 1826 oant 1831 fise-siktaris wie, en fan 1831 oant 1836 siktaris.

De bekenste wurken fan Bennett binne The Tower Menagerie (1829) en The Gardens and Menageries of the Zoological Society (1831). Yn gearwurking mei G.T. Lay skreau er ek it stik oer fisken yn 'e Zoology of Beechey's Voyage, dat pas nei syn ferstjerren, yn 1839, útkaam. Boppedat droech er in grut tal artikels by oan faktydskriften út syn tiid. Ferneamd is ek it wurk White's Natural History and Antiquities of Selborne (1837), fan 'e dûmny en amateur-ornitolooch Gilbert White, dat troch Bennett besoarge waard, en wêrfan't yn 1875 in werprintinge útbrocht waard dy't op 'e nij besjoen wie troch J.E. Harting. Foar dit wurk brocht Bennett yn 1835 in besyk oan it Súdingelske Selborne, dêr't er in grutte hoemannichte kennis opdie dy't er letter yn White syn boek ferwurke. Foar't Selborne lykwols útkomme koe, kaam Bennett yn 1836 te ferstjerren. Hy waard 39 jier.

  • 1829 – The Tower Menagerie
  • 1831 – The Gardens and Menageries of the Zoological Society
  • 1837 – White's Natural History and Antiquities of Selborne (û.red.f. Bennett)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.