Keningstsjintsjilla

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Keningstsjintsjilla
Chinchilla brevicaudata.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: wolmûzen (Chinchillidae)
skaai: tsjintsjilla's (Chinchilla)
soarte
Chinchilla chinchilla
Lichtenstein, 1829
IUCN-status: krityk

De keningstsjintsjilla (Latynske namme: Chinchilla chinchilla, foarhinne C. brevicaudata) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae) en it skaai fan 'e tsjintsjilla's (Chinchilla). Dit bist is lânseigen yn it Andesberchtme, mar wurdt fanwegen syn lúksueuze pels ek in protte yn 'e wrâldwide pelsdierfokkerij holden. Yn it wyld is de keningstsjintsjilla (sa goed as) útstoarn.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik kaam de keningstsjintsjilla foar yn it sintrale diel fan it Súdamerikaanske Andesberchtme, yn noardeastlik Sily, noardwestlik Argentynje, súdwestlik Bolivia en súdeastlik Perû. De kommersjele jacht op dit bist sette yn 1829 útein, en fan dy tiid ôf waarden der jiers sa'n 500.000 fan 'e bisten ôfsketten foar har pels, dêr't benammen yn 'e Feriene Steaten en Jeropa grutte fraach nei bestie. Dy oanhâldende yntinse foarm fan bejaging foel foar de keningstsjintsjilla net by te hâlden, en sadwaande rekke it mei de soarte al rillegau yn it neigean. Lykwols gie de jacht gewoan troch oant de keningstsjintsjilla yn 1917 "ekonomysk útstoarn" ferklearre waard. Pas yn 1929 krige it dier de status fan beskerme bistesoarte, en it neilibjen fan dy wet waard pas yn 1983 foar it earst ôftwongen. Ynsafier bekend waard yn 1953 de lêste keningstsjintsjilla yn it wyld waarnommen.

It eardere ferspriedingsgebiet fan 'e keningstsjintsjilla.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De keningstsjintsjilla hat trochinoar in totale lichemslingte fan 28-49 sm, mei in gewicht fan likernôch 510 g foar mantsjes en sa'n 795 g foar wyfkes. De foarpoaten binne koart, mar de efterpoaten binne lang en krêftich, sadat se goed springe en klimme kinne. Keningstsjintsjilla's hawwe in grouwere hals en bredere skouders as gewoane tsjintsjilla's.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it wyld meitsje keningstsjintsjilla's hoalen ûnder rotsen of yn 'e grûn. Se libje foar it meastepart yn kriten mei in kâld berchklimaat, dêr't se mei har tichte pels goed foar tarist binne. It binne fierhinne herbivoaren, dy't benammen fan toarre gerzen en krûden besteane. Keningstsjintsjilla's binne sosjale bisten, dy't yn groepkes libje. De wyfkes smite yn 'e maityd (oktober-desimber) nêsten fan 1-2 jongen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De keningstsjintsjilla hat de IUCN-status fan "krityk", mei't er yn it wyld sa seldsum is dat er al sûnt 1953 net mear waarnommen is. Mooglik is er sels al útstoarn yn it wyld, mar dat is noch net offisjeel fêststeld. De earste konservaasjemaatregels om dit bist te rêden, waarden yn 'e 1890-er jierren yn Sily nommen, mar net by wet fêstlein. Yn 1910 waard der in ferdrach sletten tusken Sily, Argentynje, Bolivia en Perû wêrby't foar it earst ynternasjonaal beheinings oplein waarden oan 'e jacht op keningstsjintsjilla's.

Spitigernôch late dat ta krapte oangeande tsjintsjillapelzen, en dêrtroch skeaten de prizen dy't derfoar betelle waarden omheech. Sadwaande naam de jacht ta ynstee fan ôf, en krigen de populaasjerestanten it noch slimmer te ferduorjen. Pas yn 1929 waard yn Sily it earste totale jachtferbod op 'e keningstsjintsjilla ôfkundige, mar der waard neat dien om derfoar te soargjen dat dat ek neilibbe waard. Letter mislearre it ferskate kearen om 'e keningstsjintsjilla wer op 'e nij yn it wyld út te setten. Lokkigernôch driget der troch de oansjenlike populaasjes keningstsjintsjilla's dy't yn 'e pelsdierfokkerij holden wurde, gjin folslein útstjerren foar dizze soarte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.