Kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld
In oerzon (Erethizon dorsatum)
In oerzon (Erethizon dorsatum)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
lytsskift: kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha)
boppefamylje: kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontoidea)
famylje: kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae)
Bonaparte, 1845

De kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Erethizontidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) en de boppefamylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontoidea). Ta dizze taksonomyske groep hearre 19 libbene soarten kjifstikelbargen, dy't op ien nei allegear foarkomme yn Súd-Amearika en/of Midden-Amearika. De útsûndering is de oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum), de bekendste soarte, dy't yn Noard-Amearika libbet.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kjifstikelbargen fan 'e Nije Wrâld binne stevich boude bisten, mei in stompe, rûnige kop, in beweechlike snút en in pels dy't foar in grut part bestiet út grouwe, sylinderfoarmige of ôfplatte stikels, dy't tusken lange, sêfte hierren yn groeie. De kjifstikelbargen fan 'e Nije Wrâld fariëarrje yn grutte fan 'e lytse grypsturtkjifstikelbargen, dy't mar sa'n 30 sm lang binne en 0,9 kg weagje, oant de oerzon, dy't 86 sm lang is en wol in gewicht fan 18 kg berikke kin. Se binne it meast nachts aktyf, mar binne strikt nommen gjin nachtdieren, om't se oerdeis ek wol foar 't ljocht komme. Alle soarten kinne goed klimme, mar guon libje har hiele libben yn 'e beammen, wylst oaren har nêst op 'e grûn meitsje.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.