Stasjon Harns Haven
Stasjon Harns Haven | ||
Stasjon Harns (2021) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Harns | |
plak | Harns | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hlgh | |
type | kopstasjon | |
iepening | 14 oktober 1863 | |
boujier | 1863 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 1 | |
spoarline | Steatsline B | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Harns Haven is it einstasjon fan it spoar Harns - Nijeskâns (Steatsline B). It stasjon wurdt benammen brûkt troch reizgers dy't de fearboat nei Skylge of Flylân nimme of troch Harnzers dy't yn it sintrum wenje of toeristen dy't op it histoaryske stedssintrum ôf komme.
It stasjon waard iepene op 27 oktober 1863 en telt tsjintwurdich noch mar ien spoar. It oarspronklike houten stasjonsgeboutsje út 1970 waard yn 1990 ferfongen troch in nij gebou (sûnder loket), dat yn 2008, by de werynrjochting fan 'e Harnzer wetterkearing, sloopt waard. Yn 2010 kaam der binnendyks in nij stasjonsgebou.
Inkele jierren wie dit stasjon skrast út de tsjinstregeling fan it trajekt Ljouwert – Harns, mar nei oanlieding fan protesten is besluten de trein oerdei dochs wer trochride te litten nei Harns Haven.
Stasjon Harns Haven wurdt betsjinne troch de stoptreinen fan Arriva (foarhinne NoordNed).
Tusken 2009 en begjin 2010 ha der gjin treinen riden tusken stasjon Harns en Harns haven y.f.m. wurksumheden oan de wetterkearing en binne it spoar en it perron fernijd. Yn 2010 wie it stasjon Harns Haven it earste treinstasjon fan Nederlân mei it Arrivalogo fan ferfierder Arriva.
Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alde ôfbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stasjon Harns Haven (1985)
-
Stasjon Harns Haven (2006)
-
Stasjon Harns Haven (2007)
-
Stasjon Harns Haven (2012)
Spoarstasjons yn Fryslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea | ||
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion | ||
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke | ||
· · |