Springe nei ynhâld

Tsjummearum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 mrt 2024 om 00.08 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (oare posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tsjummearum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 1.365 1 jannewaris 2023
Oerflak 11,55 km², wêrfan:
- lân: 11,43 km²
- wetter: 0,12 km²
Befolkingsticht. 105 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 14' N 5° 32' E
Offisjele webside
Side Tsjummearum-Furdgum
Kaart
Tsjummearum (Waadhoeke)
Tsjummearum

Tsjummearum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Tsjummearum leit noardlik fan Doanjum en Frjenstjer, eastlik fan Easterbierrum en Kleaster-Lidlum, súdwestlik fan Furdgum en Minnertsgea en súdeastlik fan de Waadsee. De doarpskearn fan Tsjummearum leit om de Buorren. De buorskip Koehoal (diel) heart ek by Tsjummearum.

Op 1 jannewaris 2023 hie Tsjummearum 1.365 ynwenners.

Fynst fan de Muntskat fan Tsjummearum mei yn Dorestêd sleine munten (Ryksmuseum fan Aldheden)

It doarp ûntstie op de kwelderwâl tusken Seisbierrum en Minnertsgea. Ut fynsten yn de Muontseterp hat bliken dien dat it doarp yn alle gefallen al sûnt it begjin fan de 7e iuw bewenne wurdt. Yn 1951 waard by ien fan de oare terpen ek in greffjild bleatlein mei seis bonkerakken út dy tiid. Yn 1996 waard yn Tsjummearum in grutte muntskat fûn yn in pot, dy't bestie út likernôch 2800 munten út de 9e iuw. Guon wiene yn Trier en Auxerre slein, mar de measten yn Dorestêd.[1]

De namme betsjut safolle as "hiem fan Thiadmar". Yn it yn 1234 stifte kleaster Lidlum fan de Wythearen, ek wol Norbertinen of Premonstratinzers neamd, wennen yn 1290 wol 600 minsken, en dat wiene der mear as yn it doarp sels.[2] Jehannes Roorda (of Roordama, † 1473), in bewenner fan de stins by Tsjummearum, hie it kleaster Lidlum te fiter hân en in soad besit ûntfytmanne. Hy krige dêr spyt fan en ek fan syn oare fiten dy't er úthelle hie en ornearre yn syn testamint dat ien fan syn pleatsen yn Tsjummearum skonken wurde moast foar de stifting fan in nij nonnekleaster. Dat waard it kleaster Bethanië yn 'e Mieden ûnder Tsjummearum. It beginekleaster hat likernôch 100 jier bestien.[3]

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it doarp ta Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Barradiel. Sûnt 2018 leit Tsjummearum yn de gemeente De Waadhoeke.

Stinzen of states

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Westlik fan it doarp stie de Roordama State (of Roorda State). Fral yn de 15e iuw wie it in wichtige stins, mar de Roorda's hiene nochal ris deilis mei harren buorlju, de muontsen fan Lidlum. Lykas fan de oare states is der neat mear fan de Roordama State oerbleaun. Sûnt de 17e iuw wie de Syttinga State bekend (Hoarnestreek 35). De Syttinga State is yn 1904 ferkocht foar de sloop en op it plak stiet tsjintwurdich in pleats.[4] Noardeastlik fan Tsjummearum (op de hjoeddeiske Vossleane 1) stie de Sytzama State en súdeastlik dêrfan Grut Tania of Sixma State (op de hjoeddeiske lokaasje fan de Swaerderwei 22).[5]

De Wikipedy hat ek in side Stasjon Tsjummearum.
Stasjon Tsjummearum

Tsjummearum hie in spoarstasjon oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. It stasjon wie teffens it begjinpunt fan de NFLS-line nei Frjentsjer. De ferkoarte oantsjutting wie 'Tzum'. It stasjon waard op 2 desimber 1902 iepene en waard op 1 desimber 1940 sluten. Sa út en troch waard it dêrnei noch wol ris brûkt. It waard op 't lêst troch de NS ferkocht oan de doetiidske gemeente Barradiel. Dêrnei hat it yn gebrûk west as wente. It stasjon ferkearde yn minne steat en wie ornearre foar sloop, mar der waard dochs besletten ta in restauraasje. Dat barde yn 2005 en yn itselde jier waard it restaurearre gebou wer feestlik weriepene. Der sit no in bedriuw yn. Oan de bûtekant is suver alles yn orizjinele steat en binnen is ek it loket bewarre bleaun en opknapt. By de restauraasje is ek wer in stik spoar dellein. Ek de bygebouwen binne restaurearre en yn ien fan dy twa is in lytse museale útstalling makke en stiet in model fan it stasjon.

It Wapen fan Barradiel

Tsjummearum hat in feriening foar Doarpsbelang dy't ek de doarpskrante útjout. In doarpshûs hat Tsjummearum noch net (2023). Der wiene plannen om fan it kafee 'It Wapen fan Barradiel' in doarpshûs te meitsjen.[6] Ek de yn 1977 iepene sporthal De Harnehal kaam yn 'e beneaming om it sintrale moetingsplak fan it doarp te wurden. Ut ûndersyk fan Partoer en Doarp en Bedriuw Fryslân (DBF) die bliken dat fan dy twa De Harnehal de bêste papieren hie.[7]. De Harnehal waard lykwols yn 2020 sloopt.[8] Der wurdt yntusken wurke om op it lege terrein fan de ôfbrutsen sporthal in plak foar sport en moeting te meitsjen.[9] Nij Bethanië is in soarchsintrum foar de âlderein.

De tradisjonele skelnamme foar Tsjummearumers is simmelstowers.[10]

Buorren
De Wikipedy hat ek in side Sint-Martinustsjerke (Tsjummearum).

De grifformearde tsjerke waard yn 2006 sletten en is tsjintwurdich yn gebrûk fan de kristlike muzykferiening De Bazuin.

Waadwizer

Foarhinne hie it doarp twa basisskoallen: de iepenbiere basisskoalle M.J. Tamsmaskoalle en de kristlike basisskoalle De Skalmei. Hjoeddedei binne de skoallen ûnderbrocht yn ien gearwurkingsskoalle, de Waadwizer.

It âldste hûs fan Tsjummearum

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 2013 2015 2020
Ynwenners 1079 1450 1414 1370

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)


Berne yn Tsjummearum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lytse Buorren

Bargereed, Bethanieleane, Buorren, Cecilia Benninghastrjitte, De Buffer, De Fjouwere, De Kamp, Douwe Sixmastrjitte, Evert Sybesmastrjitte, Finkepôle, Flaakspaad, Hearewei, Hegesylsterwei, Hoarnestreek, Jel Rinckesstrjitte, Johan Roordastrjitte, Kade, Kammingadammen, Kleasterwei, Koarnsteech, Lytse Buorren, Master Abel Zuurstrjitte, Nij Bethanië, Roordamaleane, Seedyk, Sinaedawei, Sjoerd Draijerstrjitte, Skoalstrjitte, Skûtebuorren, Smidssteech, Spoarstrjitte, Stasjonswei, Swaarderwei, Sytzamaleane, Terskerspaad, Tsjerkepaad, Vossleane, W. Koningstrjitte, Westerbuorren.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: