Pitertsjerke (Súdbroek)
Pitertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Midden-Grinslân | |
plak | Súdbroek | |
adres | Tsjerkestrjitte | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 51' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Augustinus fan Hippo | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31626 | |
Webside | ||
PKN Súdbroek | ||
Kaart | ||
De Pitertsjerke is in romanogoatysk tsjerkegebou yn it Grinslânske Súdbroek. De foarse krústsjerke datearret út 'e 13e iuw en hat in frijsteande klokketoer.
Skiednis
De tsjerke wie ynearsten wijd oan de hillige Augustinus fan Hippo. Op it segel fan ien fan 'e lêste pastoars en op it 17e-iuwske tsjerkesegel wurdt dy hillige ôfbylde. Ek de foarnamme Augustinus wie om 1600 hinne by ferskate famyljes yn Súdbroek tige populêr. Neffens it 'Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden' fan A.J. van der Aa (1851) wie de tsjerke wijd oan 'e apostel Petrus (Piter). M.D. Ozinga naam dy ynformaasje yn 1933 oer, mar yn 'e argiven binne dêr gjin oanwizings foar fûn.
De tsjerke hat in frijsteande klokketoer mei sealtek, dy't yn 'e selde tiid as de tsjerke boud waard. Yn 'e toer hingje twa klokken; ien út 1603 mei in diameter fan 122 sm en ien út 1610. De toer hat foar in hiel skoft lang as finzenis tsjinst dien.
Yn 'e rin fan 'e tiid is de tsjerke ferskillende kearen restaurearre. Yn 'e 19e iuw krige de tsjerke neffens de doetiidske moade in pleisterlaach, dy't lykwols yn 'e 20e iuw wer ferwidere is.
Ynterieur
De tsjerke hat noch stiennen ferwulften yn it skip en it koer. It meubilêr is út 1709. De Grinzer stedsboumaster Allert Meijer sette syn stimpel op de ynrjochting, dat út 1709 datearret. De preekstoel is fan Casper Struiwig en makke yn 1736.
Fynst
Yn 1997 waarden by opgravings dielen fan in byldegroep fûn. Nei alle gedachten binne it dielen fan in begjin 16e-iuwske krusigingsgroep. Alhoewol't de dielen fan in Marije- en in Kristusbyld skeind binne, beöardielje saakkundigen it byldhouwurk as fan hege kwaliteit en frij seldsum foar Grinslân.
Oargel
It grutte oargel yn klassisistyske styl is ien fan 'e lêste wichtige ynstruminten fan 'e 18e-iuwske Grinslânske oargelbou. It telt 28 registers en it hat in rêchposityf. It is yn 1793-1795 boud troch H.H. Freytag en F.C. Snitger. It wie ynearsten it doel dat A.A. Hinsz it oargel bouwe soe, mar dy ferstoar yn 1785.
Sûnt in jier of wat stiet der yn it koer fan 'e Pitertsjerke in Ingelsk kammenetoargel út Devon. Dat oargel is yn 1844 troch de firma Jones út Londen boud en is fan in partikulier. Bakker & Timmenga restaurearre it oargel yn 2005-2007 werom yn de oarspronklike steat.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|